Zoeken:
Sitemap Favorieten

Toppenhuzen en Twellingea (ek: Twellegea) wurde meastentiids koartwei "Top en Twel" neamd. De doarpen meitsje diel út fan de gemeente Súdwest Fryslân. 

Eartiids wienen de buorkerij, fiskerij en skipsbou de wichtichste boarnen fan ynkomsten. Tsjintwurdich is dat de wetterrekreaasje en alle yndustry dy't dêrmei gearhinget. In protte fan de âlde pleatsen yn it twillingdoarp binne omboud ta lúkse wenten of rekreasjebedriuwen.

 

Sintraal punt yn it doarp is MFC It Harspit, dêr't sawol it doarpshûs as de basisskoalle yn festige is. Op it stuit bestean der plannen foar in yngripende ferbouwing fan dit yn 1980 iepene sintrum.

 

Yn de doarpen hearsket in grutte ûndernimmingssin. Dat docht bliken út de hast 100 (!) bedriuwen dy't der festige binne. Boppedat is der in bloeiend ferieningslibben. Dit lytse twillingdoarp (wat oantal ynwenners oangiet lytser as bygelyks skoallemienskip Bogerman College yn Snits) telt nammentlik mear as 70 ferienings!

 

Jierliks fynt der in oantal fêste eveneminten plak. Yn jannewaris en febrewaris wurdt yn twa of trije wykeinen it Durk de Jager Trijebandentoernoai spile. It lêste wykein fan maaie is foar it Pieremachochel Rockfestival. Op 30 april wurdt Koninginnedei fierd mei in rommelmerk en ferdivedaasje foar jong en âld. In juny binne de Doarpsfeesten. Op 11 novimber is de Sint Martensoptocht foar de lytse bern en ein novimber is de feestlike yntocht fan Sinteklaas, dy't mei de boat oankomt op de Skou yn Twellingea.

 

Om it jier wurdt der ôfwisseljend yn Toppenhuzen en Twellingea in grutte Krystmerk organisearre, mei wol 50 ferskate standhâlders, muzyk, optredens fan koaren, sfearfolle ferljochting, in libjende kryststal, e.d.

 

De doarpen binne Frysktalich. Fan nije ynwenners wurdt net daliks ferwachte dat sy ek Frysk prate sille, mar wol dat sy it Frysk ridlik gau ferstean kinne.

 

Oantal ynwenners Toppenhuzen (1 jannewaris 2009): 1112

Oantal ynwenners Twellegea      (1 jannewaris 2009):  401

 

 

 

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
do 27 februari 2020 Soos 'Bliuw Warber'
vr 28 februari 2020 Bingo
za 29 februari 2020 Kinderdisco
za 14 maart 2020 Oud Papier Repaircafé TOP'63 - Delfstrahuizen

Enquête herstart

BSO in Top & Twel

------------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

- Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
Vishandel Cees Bijlsma
Vishandel Cees Bijlsma
Meer Bewegen voor Ouderen (MBVO)
Meer Bewegen voor Ouderen (MBVO)
Realisatie TTT software