Zoeken:
Sitemap Favorieten

Memoires fan Bouke Salverda: Klik hjir om it PDF-bestand op te heljen.

 


Toppenhuzen en Twellingea binne streekdoarpen dy’t ûntstien binne by it rivierke “it Ges” lâns. Yn de earste helte fan de fjirtjinde ieu komme wy foar it earst de namme Opmanhusen yn de skiednis tsjin. Earst healwei de fiiftjinde ieu de namme Uytwellinga ( Wtwallinghergae).

Beide doarpen, lizzend ûnder de reek fan Snits, hawwe troch de ieuwen hinne altyd ferbûn west mei it wetter. Dat wetter koe faak ek tige bedriigjend wêze, lykas yn 1825 doe’t troch in swiere stoarm de seedyken trochbrutsen en it sâlte wetter yn trije oeren de doarpen berikte. It wetter kaam sa heech dat de kij byïnoar dreaun waarden om sy tydlik yn de beide tsjerken ûnder te bringen. Yn april fan datselde jier waarden der yn Toppenhuzen noch in tal hjerrings fongen. Rampen troch seewetter ha wy dêrnei net mear hân, mar it barde noch wolris dat it bûtenwetter sa heech kaam dat de diken it net mear keare koene en de polders folrûnen.

Fan 1866 ôf wiene wy net mear allinne ôfhinklik fan ferfier oer it wetter, want yn augustus fan dat jier waard de earste ferhurde dyk troch de doarpen iepene. Tal fan fearten bleauwen bestean mei nammen dy’t de leginde oer de trije reuzen fan eartiids yn ús oantinken hâldt.

Dizze reuzen: Broer, Douwe en Jarich, wiene bruorren en sa grut as de tsjerketoer fan Toppenhuzen. Op in kear betochten sy dat elk foar himsels in feart grave moast. Sy namen in pear preammen en seagen dy midstwa. De bruorren teagen elk mei in heale pream as skeppe oan 't wurk. Broer begûn op ’e Noardein te dollen yn ’e rjochting fan de Brekken. Doe’t nei de lêste skepfol it wetter de feart yn streamde, seach hy syn wurk mei foldwaning oan en rôp, “dizze feart sil fan no ôf Broeresleat hjitte”. Douwe begûn wat súdliker te graven. Der ûntstie in knap brede feart mei in heakse bocht deryn. Dêr makke Douwe him net drok oer en doe’t er by de Modderige Geau útkaam smiet er syn skeppe oan ’e kant en skreaude lûd it fjild oer:  “de Douwesleat is klear, Broer en Jarich moatte echte keardels wêze om it better te dwaan”.
Jarich sette syn wurk útein op ’e grins fan Toppenhuzen en Twellingea, ek de kant fan de Modderige Geau út. It slagge him wol, mar syn feart siet fol mei slaggen en wie tige ûndjip. Dochs leaude hy yn syn wurk en rôp mei it lûd fan in stoarm, “dizze feart sil tenei Jarichsleat hjitte en lit dy oaren my dat mar neidwaan, it sil my nij dwaan hoe fier oft sy binne.

 

Yn septimber 2017 is de doarpssage fan de drie reuzen útbyld troch toanielferiening Fordivedaesje mei it grutte iepenloftspul 'De Striid' fanwege harren 40-jierrich bestean. Farjend mei in pream oer de Broeresleat en it Ges gong it publyk by de lokaasjes lâns wêr it iepenloftspul útfierd waard. Mear as 1000 taskôgers, verspraad oer fiif foarstellings, wennen it skouspul by. Mar leafst 175 doarpsbewenners en direkt omwenjenden wienen belutsen by 'De Striid'.

 

Op in krúspunt oan de earste ferhurde dyk dy’t de doarpen meiïnoar ferbynt is yn de njoggentiger jierren fan de foarrige ieu in keunstwurk pleatst dat de leginde fan dizze trije reuzen libben hâldt.

Pyt Bouwhuis.


-----------------------------------------------------------------

Op ’e earste webside fan Doarpsbelang stie it neifolgjende, hjir wat ynkoarte, ferhaal fan doarpshistoarikus J. van der Bij oer de skiednis fan de doarpen:

 

It moat al hiel lang lyn wêze. Dêr't no Toppenhuzen en Twellegea lizze, lei de wrâld der foar wyld hinne. Klearebare heechfean mei in protte boskjes en hjir en dêr wat petgatten. It wyld hie der noch alle romte en koe him mar útlibje. Wetter dat der te folle wie streamde troch in lyts en kronkelich rivierke nei de see ta. Dat woe wol, want dêr't it rivierke begûn, healwei De Jouwer, wie it fean wol sân meter heger as no. Mar op in protte plakken wie it noch tige sompich.

It ferhaal van de trije reuzen Broer, Douwe en Jarich is in moaie sêge dy't oanjout hoe't Top&Twel ûntstien binne. Doe't der mear ferlet kaam oan lân yn Fryslân bouden de minsken har húskes by it rivierke It Ges lâns en groeven sleatten yn it fean dy't it wetter ôffierden nei it rivierke. De doarpen har noch altyd wat fan in streek. As jo de eagen in bytsje ticht knipe en de nijbou yn Toppenhuzen eefkes net sjogge, kinne jo jo dat in bytsje foarstelle. Troch it grutte ferlet oan huzen nei de oarloch moast der wetter by de wyn dien wurde en it ieuwenlange bouwen by It Ges lâns waard los litten. Dêrtroch binne der in pear pûsten oan Toppenhuzen komme dy't in dúdlike brek mei it ferline binne.

Histoaryske boeken:

 


"Ta de Skiednis fan Toppenhuzen en Twellegea"
(1939) troch O. Santema

 

 

"It Bestek fan de yn 1695 nij to bouwen tsjerke yn Toppenhuzen"
(1969) troch R. Steensma

 

 


"Pastoars, dûmnys en tsjerkefolk yn Top & Twel"
troch J. van der Bij

 

 


"De Streek fan Toppenhuzen en Twellegea bylâns"
(1984) troch Sjirk Wybenga en Jan de Jong

 

 


"Mei groetnis fan de Twilling"
(1994), útjûn troch Doarpsbelangen t.g.f. it 75-jierrich bestean fan dizze feriening. (Noch te ferkrijen bij Doarpsbelang foar € 15,-)

 


"100 jier kristlike muzykferiening ‘Euphonia’ "
(1999) troch J. van der Bij

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
do 18 april 2019 Witte donderdag
vr 19 april 2019 Goede vrijdag
za 20 april 2019 Paaswake - Stille zaterdag
zo 21 april 2019 Paaszondag - bloemendienst
do 25 april 2019 Passage ledenavond
vr 26 april 2019 Koningsnacht

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

 

Uitgelicht
Atsma Loon- en Aannemersbedrijf
Atsma Loon- en Aannemersbedrijf
Fysiotherapie
Fysiotherapie
Realisatie TTT software