Zoeken:
Sitemap Favorieten

Afkelânsdyk
(“Bertuspleintje”)
Binnebaen
Bonningastrjitte
Brêgefinne
Brêgesleatswei
Broerstrjitte
Buorren
Butebaen
Bybaen
de Bou
Z. van Burmaniastrjitte
Douwestrjitte
Eastwei
Jarichstrjitte
Kappenburch
Koartebaen
Langebaen
Leyepoel
H. Mensonidesstrjitte
Merkelstrjitte
Noardein
H.S. Reinardastrjitte
Sjaerdawei
Sjuwedyk
Smidsdaam
(“Soetenhofje”)
Súdein, Greate en Lytse
Súdwei
Tsjerkebuorren
P. Walmastrjitte
Wolframstrjitte


Om in wat logyske opbou yn dit ferhaal te krijen, hawwe wy de strjitten opdield yn groepen dy’t wat harren oarsprong oanbelanget in bytsje bymekoar passe.
Foarst de geografyske nammen dy’t te meitsjen hawwe mei harren posysje neffens it kompas. De nammen Noardein, Lytse Súdein, Greate Súdein sprekke foar harren sels. By dizze groep passe ek de Eastwei (fan Popma’s helling ôf oant de pleats fan Feenstra ta) de Súdwei (oan de eastkant fan de A7 tusken it Margrietkanaal en de Hoarse yn). Dizze nammen binne by de ruilferkaveling ûntstien. It Súdein wie earst ien gehiel mar waard letter yn twaën dield troch it prinses Margrietkanaal.

Dan de strjitten en diken dy’t neamd binne nei wetters. (Echte plattelânsminsken sizze fan âlds altyd fan dyk ynstee fan strjitte. Dat komt omdat der foarhinne gjin strjitten wiene mar allinnich mar diken om it wetter te kearen.) Brêgesleatswei komt fansels fan de Brêgesleat, westelik fan de tramdyk wie de Westlike Brêgesleat (dy is tichtsmiten doe ‘t nei de oarloch it yndustryterrein der komd is) en de kant fan de Grachten út fansels de Eastlike Brêgesleat. De Sjuwedyk hat syn namme krigen fan de Sjuwesleat, dy’t op in hiel lyts stikje nei tichtsmiten is. De Brêgefinne hat syn namme krigen fan de brêge oer it Margrietkanaal dêr ‘t er ticht by leit. Fanâlds is in finne in hoekje fruchtbere greide ticht by de pleats; fruchtber omdat dêr de measte dong op komt sa ticht by hûs. De Leyepoel hat syn namme útsoarte fan ‘e poel mei deselde namme. Lykwols hawwe der eartiids mear puollen west yn dizze kontrijen mei dizze namme.
De nammen Buorren en Tsjerkebuorren slane beide op de kom fan it doarp en binne besibbe oan it Hollânske ´buurt´ of ´buurtschap´. De nammen Bûtebaen, Binnebaen, Bybaen, Koartebaen en Langebaen ferwize nei de earste iisbaan fan Iisklup Rept U dy’t dêr eartiids lei. Doe’t der om 1975 hinne hûzen boud waarden, ferhuze de iisbaan nei de Eastwei. Tweintich jier letter moast de iisklup plak meitsje foar útwreiding fan de jachthaven fan WSC Hart van Friesland en ferhuze nei de hjoeddeistige lokaasje njonken de Forbiningswei, dy’t de ferbining foarmet tusken de Nije Dyk en de Sjaerdawei. Alhoewol't yn de sântiger jierren de sneldyk A7 oanlein is, hjit de âlde rykswei dy't by it doarp lâns rint yn de folksmûle noch altiten "Nije Dyk". Dizze namme is yn 2005 foardroegen troch Doarpsbelang en de gemeente hat dy oernommen.
De nammen Kappenburch yn Toppenhuzen en Rodenburch yn Boarnsweach slane op states dy’t der foarhinne west hawwe. Ek op it plak dêr’t no de supermerk stiet yn Toppenhuzen, wie eartiids in pleats. Dêrefter, yn it stikje stille natuer rûn it wetterke “Tsjerkewyk”, binne yn de sântiger jierren hûzen boud. De Merkelstrjitte is in oantinken oan de tiid dat de markols it hjir noch foar it sizzen hiene. De Bou (Plan Broeresleat) verwiist nei it lân dêr´t de ynwenners fan Top en Twel yn de oarloch harren grientetúntsjes hiene. De gemeente Wymbritseradiel hie dizze haadstrjitte fan it nijbouplan earst “Trije Reuzestrjitte” neame wollen, mar it doetiidske bestjoer fan Doarpsbelang hat de nammekommisje gelokkich op oare gedachten brocht.

No de strjitten dy ‘t nei minsken neamd binne. De Afkelânsdyk en Afkepolder hawwe harren namme krigen fan boerinne Afke Lammerts Frankena, dy ‘t mei har man Ultsje Bouwes de Jong wenne hat yn dizze polder, op de pleats dy´t no ´De Karnmolen´ hjit. De Broerstrjitte, Douwestrjitte en Jarichstrjitte hawwe harren namme fan de trije reuzen, dy ‘t neffens in leginde eartiids de trije sleatten groeven hawwe dy’t ek harren namme krigen hawwe en dêr't it keunstwurk op ‘e hoeke fan de Forbiningswei ek op tsjut. De Wolframstrjitte komt fan in efangeeljepreker út de midsieuwen dy ‘t yn dizze kontrijen wurke hat. In âld doarpke dat yn it ferline yn it Aldhôf lein hat (der is noch in eilantsje fan oerbleaun), hat ek syn namme krigen, nammentlik Wolprandskerke, ek wol Folprandegea en letter Westerkerke. It lêste eintsje fan de Langwarderfeart hjit noch altiten Kerksloot. De Mensonidesstrjitte hat syn namme krigen fan de smid Hendrik Mensonides dy’t wenne op ‘e Smidsdaam achter it kafee yn Twellegea. Mensonides hat suver yn ‘e bestjoeren fan alle ferienings en ek fan ‘e tsjerke sitten.
De nammen Bonningastrjitte, Reinardastrjitte en Sjaerdawei ferwize nei wichtige famyljes. Yn de lette Midsieuwen hawwe ferskate haadlingen, sis mar in soarte fan “landadel”, wichtige funksjes hân yn Top en Twel. De hearen H(aeije) S(ibrens) Reinarda (der wie in Reinardastate) , Bonninga en Sjaerda wienen hjir sa’n bytsje de baas. Ien fan de Bonninga’s wie troud mei in Reinarda en letter binne de Sjaerda’s ek wer oan de Bonninga’s besibbe. It wie yn de tiid fan de Skieringers en de Fetkeapers, sa tusken 1450 en 1500. Snits (en ek de Sjaerda’s) wiene Skier en Ljouwert wie Fet. Op de 22ste maart 1491 hawwe de Fetten de stins fan de Sjaerda’s te Toppenhuzen platbrând. Zeino van Burmania, dêr’t yn Toppenhuzen in strjitte nei ferneamd is, wie grytman (in soarte fan boargemaster) en is û.a. lid west fan de “Rekenkamer van Friesland”. Yn 1690 hat er de earste stien lein fan de tsjerke fan Twellegea. De P. Walmastrjitte komt fan Piter Walma dy't boer wie yn Toppenhuzen om 1865 hinne. Hy siet yn it wetterskip en hat der in soad oan dien dat der in grinddyk kaam tusken Toppenhuzen en Snits.

Bliuwe der noch twa strjitten oer dy’t yn de folksmûle wol brûkt wurde mar dy’t net offisjeel bestean. It ‘Bertuspleintsje’ leit oan de Buorren, skean tsjinoer de tsjerke fan Twellegea, en is neamd efter bussjauffeur Bertus Pelsma dy’t dernêst wennet. Bytiden stiet hjir ek de feesttinte. It 'Soetenhofke' leit efter de tsjerke fan Twellegea. De widdo fan goudsmid Jan Soeten, Ytje Soeten-de Jong, is op it adres Buorren 43 hikke en tein en hiel tafallich is Soet ek de famkesnamme fan de hjoeddeistige bewenster: Riet Zappeij.
Mei tank oan Jan Tjitte Hendriksma

 

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
wo 25 september 2019 Informatieavond Glasvezel
za 28 september 2019 TOP'63 - AVC
za 5 oktober 2019 TOP'63 - Sc Bolsward Pubquiz: Back to the 90's
zo 6 oktober 2019 Open Deur-dienst
za 12 oktober 2019 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

 

- Oever- en Kadenproject

Uitgelicht
Slagerij de Jager
Slagerij de Jager
Schraa Assurantiën

Realisatie TTT software