Zoeken:
Sitemap Favorieten

Geaupoldermûne

 

De Geaupoldermûne (Geau’s mûne) is in fjouwerkante spinnekop oan it Margrietkanaal. It is ien fan moaist lizzende mûnen fan Fryslân en faaks wol fan Nederlân. Yn de tachtiger jierren fan de foarrige ieu waard de mûne yngreven restaurearre. As er draait kinne jo him ek fan binnen besjen. Mar omdat er op in eilân stiet is de mûne allinne oer it wetter te berikken. De histoarje fan de mûne giet werom oant de earste helte fan de 19e ieu (1841 of 1832 - dêr binne de mienings ferdield oer). Oan ’e ein fan de 19e ieu stiene der yn de krite fan Toppenhuzen en Twellingea sa’n 20 poldermûnen. Allinne de Geaupoldermûne is dêr noch fan oerbleaun. De Geaupolder is ien fan de pear polders yn Nederlân dy’t mei wynkrêft droech hâlden wurdt. Fierders is it in simmerpolder, wat betsjut dat er winterdeis ûnder wetter stiet. Sjoch foar mear ynformaasje: www.geocities.com/geeuwpoldermolen

Tsjerke fan Twellingea

De tsjerke fan Twellingea datearret fan 1690. It skip waard boud op de fûneminten fan de yn datselde jier ôfbrutsen Romaanske sealtsjerke dy’t yn de twadde helte fan de tretsjinde ieu boud wêze moat. Foar it koar fan de tsjerke waard in nij fûnemint lein. Foar it boppeste part fan de muorre waard âld materiaal brûkt. De toer fan de âlde tsjerke, mei sealtek, bleau dêrnei noch sawat twa ieuwen bestean. Troch it oanlizzen fan de Prinses Margriettunnel en al de begraffenissen flak by de muorre, fersakke de tsjerke en waard restauraasje needsaaklik. Yn 1983 is de tsjerke oernaam troch de Stifting Alde Fryske Tsjerken en in yngreven restauraasje folge tsien jier letter. Nijsgjirrich objekt yn it ynterieur is de kânsel út sirka 1675, dy’t oarspronklik makke wie foar de herfoarme tsjerke fan Ysbrechtum, mar yn 1866 oernommen is troch Twellingea. Ek hat de tsjerke moaie tekstbuorden, dy’t ris troch jhr. Ds C. van Eysinga fûn waarden by it ôffal en yngreven restaurearre binne. It oargel fan de tsjerke waard yn 1893 troch D.G. Steenkuyl boud foar de kapel fan in weeshûs. Yn 1937 is it oerbrocht nei Beetstersweach en yn 1968 ferhuze it úteinlik nei Twellingea. Foar de tsjerke wie dit it earste oargel. Foarhinne wie der in harmoanium, dêrnei in foarsjonger.
De tsjerke is hjoed de dei sawol op tsjerklik as op kultureel mêd yn gebrûk. De Stifting Alde Fryske Tsjerken organisearret geregeldwei konserten en lêzings: www.aldefrysketsjerken.nl


Tramhûs

Yn Twellingea stiet noch in brêgewachtershûs mei oanboud wachtlokaal as oantinken oan de âlde tramwei fan Snits nei de Jouwer dy’t hjir eartiids lei. De Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) lei fan 1880 oant 1916 yn Fryslân in tramnet oan dat úteinlik it grutste fan Nederlân wurde soe. Der kamen sels ferbinings mei Grins, Stienwyk, Assen en Meppel. De rails fan dit ûngefear 325 km lange netwurk leine meast yn ’e berm fan de dyk of yn it weidek sels. Yn earstenoan waard der riden mei hynstetrams, al rillegau folge troch stoomtrams. Fan lange doer wie it allegear net, want doe’t yn de tweintiger jierren fan de foarrige ieu de autobus op it toaniel ferskynde, wie it gau út mei de tram. De NTM hat fan grutte betsjutting west foar Fryslân. It plattelân waard út syn isolemint ferlost en de groei fan tal stêden en doarpen waard stimulearre. Hjoed de dei folgje noch in soad busferbinings de âlde tramrûtes. Sjoch foar mear ynformaasje de website fan it Nationaal Modelspoor Museum yn Snits. www.treinenmuseum.nl

 

 


Fûgelobservaasjehutte


Súdlik fan Twellingea, tusken it Aldhôf en de Wite Brekken, leit it natoergebiet “de Staten”.
Dit sompige gebiet leit by de A7 lâns, mar as jo dêr binne fernimme jo neat fan dy sneldyk. Steatsboskbehear hat dêr in hichte mei in fûgelobservaasjehutte oanlein. Fan dit plato ôf hawwe jo in swiid útsjoch oer de sompe dêr’t seldsume planten groeie en in grut ferskaat oan fûgels briedt. Sjoch ek: www.vogelkijkhut.nl

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
za 18 juli 2020 Oud Papier
do 3 september 2020 Soos 'Bliuw Warber'
vr 9 oktober 2020 The Bounty Hunters

Informatie over het coronavirus

------------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

- Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

------------------------------

Bekijk nu het sportzomeraanbod.

Uitgelicht
Scheepstimmerbedrijf J. Lanting
Scheepstimmerbedrijf J. Lanting
Hester Kornelis Fotografie
Hester Kornelis Fotografie
Realisatie TTT software