Zoeken:
Sitemap Favorieten

Toppenhuzen en Twellegea binne Frysktalige doarpen, dat fansels is Doarpsbelang ek in Frysktalige feriening. Hjir folget wat mear oer  it wurk dat wy dogge.  

 

Yn 1918 is oprjochte de "Vereeniging ter Bevordering van Dorpsbelangen te Oppenhuizen en Uitwellingerga". Koartsein is it de taak fan Doarpsbelang om ús doarpen kreas en leefber te hâlden en in brêgefunksje te ferfoljen tusken de ynwenners en de gemeente of de provinsje, en oarsom.

Wat betsjut dat yn de praktyk? Sa mar in pear foarbylden:  
Doarpsbelang beheart yn it doarp de lizplakken foar passanten en de tabehearrende toiletfoarsjennings, de buortersplakken, de bankjes, de wite paadwizers en de plattegrûnen by de Bou en oan it dwersdykje. 

 

Fierder triuwt it bestjoer er op oan by lânskipsarsjitekten, de wenningstifting en de pleatslike polityk om de streek op te kreazjen. It dêrta troch de foarige bestjoeren opstelde beliedsplan "De Twilling ûnderweis nei 2015" wurdt op it stuit oanpast en útwreide mei in "Untwikkelplan" dêr't de winsken fan ynwenners oangeande de ynrjochting fan ús doarpen yn nei foaren komme.  

 

Jildlik stipet Doarpsbelang in oantal ferskate projekten. Wy betelje bygelyks roechwei de helte fan de kosten fan de âldereinmiddei of -boattocht. Dêrnjonken hawwe wy yn 2007 dizze tige populêre website fan it doarp gearstald en hawwe wy de "Paadwizer" útbrocht. In protte ferienings en bedriuwen hawwe dêrfoar in stipe fan 10 euro jûn, mar it grutste part fan de oerbliuwende kosten binne troch Doarpsbelang betelle.

Wy hawwe ek in wichtige rol spile by de oername fan it doarpskrantsje "De Twilling" troch de nije "Mediastichting Top en Twel e.o.", dy't wy yn it sadel holpen hawwe.

 

Doarpsbelang stipet ferskate inisjativen fan ferienings en organisearret huldigingen fan minsken dy't in hiel bysûndere prestaasje levere hawwe. Bygelyks de huldiging fan hurdrider Sjoerd de Vries doe't dy begjin 2007 wrâldkampioen waard by de junioaren, en yn oktober 2007 foar Durk Tjalsma en syn heit by gelegenheid fan harren 50-jierrich jubileum as bakker yn ús doarp.  

 

Ta beslút hâlde wy in eachje op de saneamde 'dophokken', dy't fan ús bygelyks brânblussers krigen hawwe. 


By gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan Doarpsbelang is it boek "Mei Groetnis fan de Twilling" útjûn.  

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
za 10 oktober 2020 Oud Papier TOP'63 - NOK
do 15 oktober 2020 Passage ledenavond
za 24 oktober 2020 TOP'63 - SSA Creil-Bant
vr 30 oktober 2020 Ledenvergadering De Laatste Eer
za 7 november 2020 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep                        Structuurversterking          TenT/A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
Oude foto's en ansichten
EMSD Services
EMSD Services
Realisatie TTT software