Zoeken:
Sitemap Favorieten
IJsclub Rept U  

Iisklup "Rept U"
Lokaasje: tusken Nije Dyk en Sjaerdawei

Foarsitter: Cor v.d. Meer
Tsjerkebuorren 10
8625 HC Oppenhuizen
Telefoan: 0515-559 511

Email: reptu@topentwelonline.nl


Wurklist en regels foar hurdriderijen fan skoalbern It Harspit


1. De riderijen wurde organisearre troch iisclub “REPT U” yn gearwurking mei k.b.s “IT HARSPIT” en binne inkeld en allinne bedoeld foar learlingen fan "IT HARSPIT" en bern dy't fia "IT HARSPIT" nei it bysûnder ûnderwiis gongen binne.
2. “IT HARSPIT” makket de dielnimmerslisten (jonges en famkes) per groep.
3. “REPT U” regelt de lotting fan de ritten.
4. “REPT U” soarget derfoar dat alle dielnimmers poeiermolke en koeke krije.
5. “REPT U” soarget foar de prizen foar de nûmers 1,2 en 3 en in oantinken foar alle dielnimmers. 
6. “IT HARSPIT” nimt de helte fan de totale kosten foar rekken oant maksimaal 250 euro.

Wedstriidrigels

1. De start is op healwei de lingte fan de wedstriidbaan nei beide rjochtings.
2. Der wurdt starten yn folchoarder fan groepen, te begjinnen mei groep 1.
3. Groep 1 en 2 starte massaal (wol jonges en famkes apart).
4. By groep 1 en 2 binne redens net ferplichte en helpmiddels tastien. 
5. De baankommisje bepaalt de útslach mei yn acht nimmen fan de mate fan handikap. (B.g. immen sûnder redens of ridend mei gebrûk fan in helpmiddel kin nea winne fan ien dy’t wol rydt op redens en sûnder helpmiddel.)
6. By groep 3 en 4 binne redens ferplichte, mar wol helpmiddels tastien. (Ek hjirby jildt dat in dielnimmer dy't gebrûk makket fan in helpmiddel nea winne kin fan ien dy't gjin gebrûk makket fan in helpmiddel).
7. By groep 5, 6, 7en 8 binne redens ferplichte en gjin helpmiddels tastien.
8. Der wurdt starten yn folchoarder fan de lottingslist. Earste omloop fan boppenôf, twadde fan ûnderenôf ensafuorthinne.
9. Der wurdt riden neffens it saneamde "knock-out"-systeem: ferliezers binne drekt ôf.
10. Bliuwt der oan ’e ein fan in omloop ien oer (bygelyks y.f.m. in ûneven oantal riders) dan giet giet dy troch nei de folgjende omloop. Itselde jildt at de tsjinstanner net ferskynt.
11. Yn in finale mei trije riders hat nûmer ien of trije (dat hinget fan it tal omlopen ôf) in frije rit. Dizze moat tsjin de winner fan de earste finalerit om plak ien. Dan bliuwe der twa ferliezers oer dy’t ride foar plak twa en trije.
12. Yn in finale mei fjouwer riders gean de beide winners foar plak ien en twa. De ferliezers foar plak trije.

Priisútrikking

1. De prizen foar groep 1, 2, 3 en 4 wurde tuskentroch útrikt op ’e baan.
2. De prizen foar groep 5, 6, 7 en 8 wurde nei ôfrin fan de wedstriid útrikt, ek op’e baan.
3. Yn bysûndere omstannichheden kinne de prizen ek letter op skoalle útrikt wurde.

It bestjoer fan iisclub “REPT U”.

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
za 10 oktober 2020 Oud Papier TOP'63 - NOK
do 15 oktober 2020 Passage ledenavond
za 24 oktober 2020 TOP'63 - SSA Creil-Bant
vr 30 oktober 2020 Ledenvergadering De Laatste Eer
za 7 november 2020 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep                        Structuurversterking          TenT/A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
Oude foto's en ansichten
EMSD Services
EMSD Services
Realisatie TTT software