Zoeken:
Sitemap Favorieten

maandag 18 januari 2010

Nettsjinsteande it reinwetter gong it pjukslydzjen snein gewoan troch. Mear as 50 dielnimmers hawwe in geweldich soad wille hân mei dizze âlderwetske sport. Uteinlik stie der safolle wetter op 'e baan dat it mear op roeien like (en dat "viel af" sei ien in geef Bokwerdters) mar nimmen dy't him dêrtroch ûntmoedigje liet.

 

Omdat it snein wie, waard der net om prizen striden mar gong it suver om de eare. De útslach by de manlju wie: 1. Tjitte Bouwhuis jr., 2. Ate Douma, 3. Ane de Jong. By de froulju: 1. Marije Pander, 2. Nienke van der Veen, 3. Floor Douma.

 

Tjitte Bouwhuis hie ek noch twa lytse pjuksliden makke sa as dy hjir yn it doarp brûkt waarden doe't hy en Ane de Jong noch jonkjes wiene. Dit binne gewoan in pear plankjes op redens, dêr't men op 'e knibbels op sitte moat. It die bliken dat Tjitte en Ane it noch net ferleard hienen want sy fleagen dermei oer it iis. Mar dat wie samar foar de aardichheid. Foar de 'wedstriid' waarden de grutte pjuksliden brûkt, dêr't men mei de skonken foarút op sitte moat. Dizze sliden hat Rept U efkes te lien krigen fan iisklup Hylpen. Gelokkich binne sy hiel bleaun, want it gong soms mâl!

Fotoalbum »

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
za 10 oktober 2020 Oud Papier TOP'63 - NOK
do 15 oktober 2020 Passage ledenavond
za 24 oktober 2020 TOP'63 - SSA Creil-Bant
vr 30 oktober 2020 Ledenvergadering De Laatste Eer
za 7 november 2020 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep                        Structuurversterking          TenT/A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
EMSD Services
EMSD Services
Oude foto's en ansichten
Realisatie TTT software