Zoeken:
Sitemap Favorieten

donderdag 10 maart 2011

Yn ‘e bibleteek fan Warkum stie Martha Postma fan ‘e middei yn de heale finale yn de striid om de titel fan ‘Foarlêskampioen’ fan Súdwest Fryslân. In ferskriklik spannende jûn foar de heale finalisten. Elk die fansels syn/har stjonkende bêst om in plakje yn de finale op 12 april o.s. te heljen. Martha sels bleau der frij rêstich ûnder en hat har ferhaal prachtich moai foarlêzen, mar de konkurrinsje wie werklik ‘moardzjend’. De sjuery hat wol trije kertier nedich hân om ta in útslach te kommen. Spitigernôch foar Martha wie de útslach net yn har foardiel. Fansels wie de teloarstelling grut mar Martha en har freondintsjes ha in hiele gesellige middei hân en nei in patatsje fan de snackbar binne de skerpe kantsjes der wol wer ôf. Har klassegenoatsjes binne it lykwols perfoarst net mei de sjuery iens; foar harren is der mar ien kampioen en dat is Martha!

Fotoalbum »

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
do 19 december 2019 Kerstviering Passage
za 21 december 2019 Club Schrijfgalerie Kerstfeest in het Café
zo 22 december 2019 Kerstconcert met koraalorkest 'Hymne'
di 24 december 2019 Kerstnachtdienst
wo 25 december 2019 Kerst-Gezins-Zangdienst

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Enquête Structuurversterking Top en Twel

------------------------------

Projecten

- Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

Uitgelicht
Lytse Ooster-Haven
Lytse Ooster-Haven
Fokkes Multiservice
Fokkes Multiservice
Realisatie TTT software