Zoeken:
Sitemap Favorieten

woensdag 20 juli 2011

It wie in ôfskie om ‘Jo’ tsjin te sizzen; AkkeRiem hat hjoed yn styl har lêste dei op it pjutteboartersplak belibbe. Earst waard sy troch alle pjutten fan hús ophelle en ‘farendewei’ yn optocht nei skoalle brocht. Dêr stienen alle skoalbern yn in earehage har op te wachtsjen. Hoe ‘t de moarn op it boartersplak ferrûn hie sy dizze kear net sels yn ‘e hân; se moast it allegear oerlitte en de iene nei de oare ferrassing yn ûntfangst nimme. Kadootsjes, blommen en in hiele rige gasten. Sels de skriuwster fan de wolbekende Tomke boekjes, Riemkje Pitstra, kaam lâns om in spesjaal foar AkkeRiem skreaun Tomkeferhaal foar te lêzen. Dat alles makket wol dúdlik dat AkkeRiem hiel weardefol west hat foar it pjutteboartersplak en alle bern dy ‘t by har op skoalle gien hawwe.

Hjirûnder it ferhaal foar AkkeRiem:

 

Feest foar juf!

 

‘Gau sliepe, Tomke,’ seit Kornelia. ‘Dan is it sa mar moarn.’

‘Ja!’ ropt Tomke bliid. ‘Want moarn ha wy feest!

Feest fan juf Akke-Riem.’ Hy lûkt Bear tsjin him oan.

‘Juf is leaf, Bear,’ seit Tomke. ‘Mar se is al hiel âld, hear.

Wol … 60 jier. Moarn sizze wy allegear dach tsjin har.

En dan hat se altyd fakânsje.’ Tomke kin net sliepe.

Hy tinkt oan juf Akke-Riem.

Wa moat no mei nei de lamkes?

Wa bewarret no de âlde puzzels?

Wa stookt no d’ âlde houten blokken op?

Tomke tinkt oan it feest. Hat hy wol in kadootsje foar juf? Ynienen krijt er in idee. Hiel, hiel stil slûpt er nei ûnderen.

Hy pakt syn tekenboek en de krytsjes.

Hy tekent blau wetter. En in hiele grutte sylboat.

De boat fan juf en har man Egbert.

Trippe trippetrip giet it oer de flier.

Tomke skrikt. Wa is dat? Romke is wekker wurden.

‘Wat dochsto hjir ?’ freget it hûntsje.

‘Ik meitsje in kadootsje foar juf Akke-Riem,’ flústert Tomke.

De doar giet iepen en dêr… stiet Kornelia.

‘Wat in moaie tekening,’ seit se.

‘Dy sil ik moarn moai ynpakke.

Mar no huppekee op bêd, Tomke.

Oars kinst moarn net nei it feest ta.’ Eefkes letter lizze se allegear wer op bêd.

Tomke sliept daliks en hy dreamt … fan in hiele grutte feesttaart!

 

Riemkje Pitstra

Fotoalbum »

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
do 20 februari 2020 Jaarvergadering Passage
vr 21 februari 2020 Fordivedaesje
za 22 februari 2020 TOP'63 - QVC Fordivedaesje
do 27 februari 2020 Soos 'Bliuw Warber'
vr 28 februari 2020 Bingo

Enquête herstart

BSO in Top & Twel

------------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

- Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
Us Untwyk
Us Untwyk
Vier het leven
Vier het leven
Realisatie TTT software