woensdag 1 februari 2012
De iisbaan is fan 'e middei om 13.00 oere iepen gien, en dêrmei ien fan de earste banen yn ‘e omkriten. Omrop Fryslân hie dêr al gau lucht fan krigen en kaam fuort del om wat moaie bylden fêst te lizzen dy‘t jûn yn it programma ‘Hjoed’ te sjen binne. De iismasters fan 'Rept U' hawwe fan 'e moarn betiid de baan ynspektearre.
De kwaliteit fan it iis is noch net oeral like goed. Dat wol sizze dat der noch gjin kloften minsken op kinne en dat de baan jûn om 17.30 ticht giet. De baan wurdt hjoed oerdei benammen iepensteld foar de bern, sadat sy noch moai efkes oefenje kinne foar de skoalleriderij fan freed.
Tagong is fergees foar leden fan Rept U. Net-leden kinne foar 3 euro in deikaart keapje yn de kantine. Sjoch op de side fan Rept U foar iepeningstiden fan iisbaan en kantine.
De ijsbaan is vanmiddag om 13.00 uur open gegaan, en daarmee één van de eerste banen hier in de buurt. Omrop Fryslân was al snel op de hoogte en kwam meteen langs om wat mooie plaatjes te ‘schieten’. Dit wordt vanavond in het programma ‘Hjoed ‘uitgezonden. De ijsmeesters van 'Rept U' hebben vanochtend vroeg de baan geïnspecteerd. De kwaliteit van het ijs is nog niet overal even goed. Dat wil zeggen dat er nog geen drommen mensen op kunnen en dat de baan vanavond om 17.30 dicht gaat. De baan wordt vandaag overdag vooral opengesteld voor de kinderen, zodat die nog mooi even oefenen kunnen voor de schoolwedstrijden van vrijdag. Toegang is gratis voor leden van Rept U. Niet-leden kunnen voor 3 euro een dagkaart kopen in de kantine. Kijk op de pagina van Rept U voor openingstijden van ijsbaan en kantine.