dinsdag 3 juli 2012
Justerjűn is it earste begjin makke mei it opkreazjen fan it skoalleplein. Ynearsten wurde der trije ‘projekten’ realisearre: in klimmuorre, in nije sânbak en der wurdt in nij basketbalfjild makke mei twa baskets. De âldste bern fan skoalle seagen al wat sneu doe’t hja fan de plannen hearden; sy komme nei de simmerfakânsje net werom en hawwe neat oan dit nije plein. Dochs litte sy harren ‘spoaren’ wol nei op de basisskoalle; sy meie nammentlik Fimmy van Stralen helpe mei it meitsjen fan in prachtige muorreskildering yn it boarterslokaal. In freonlik fersyk fan de hurde wurkers fan justerjűn: “Jűn om 19:00 oere sille wy wer ‘los’ op it plein en wy kinne noch wol wat ekstra help brűke. It is moai waar dus at jo in pear oerkes oer hawwe dan binne jo fan herte wolkom”.