Zoeken:
Sitemap Favorieten

woensdag 30 januari 2013

Op papier wie it der al mar hjoed is op skoalle it ‘echte’ fisuele ‘Keurmerk Veilige School’ ûntbleate. Wethâlder Sjoerd Tolsma fan Súdwest-Fryslân krige de eare om tegearre mei direkteur Klaas Jan Visser it keurmerk foar elkenien sichtber te meitsjen. De lêste jierren is der yn gearwurking mei de MR, dy ‘t ûnder lieding fan Richard Veldman stiet, alle war dien om de feilichheid yn en om skoalle op in heech nivo te krijen. It keurmerk is bewiis genôch dat hja dêr poerbêst yn slagge binne. Mar, sa seit Klaas Jan, dat wie net slagge sûnder alle help en meiwurking fan de bern en in soad âlders. Om de bern ek bewust te meitsjen fan it belang fan feilichheid op skoalle wienen de wykplysje en in fertsjintwurdiger fan de brânwacht útnoege om te fertellen en fragen te beäntwurdzjen oer feilichheid. Fansels kamen hja net sûnder plysje- en brânwachtauto dy’t troch de bern sekuer besjoen en befield wurde mochten. As ôfslúter fan dizze feestlike moarn wienen der as traktaasje hearlike tompoeskes dy‘t royaal sponsere binne troch Jan Brinksma fan de Hema yn Snits.

Fotoalbum »

« Terug

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
za 15 augustus 2020 Oud Papier
do 3 september 2020 Soos 'Bliuw Warber'
vr 9 oktober 2020 The Bounty Hunters

Informatie over het coronavirus

------------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep                        Structuurversterking          TenT/A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
Tennisvereniging "De Grachten"
Tennisvereniging "De Grachten"
Wijnja Hoveniersbedrijf
Wijnja Hoveniersbedrijf
Realisatie TTT software