vrijdag 20 december 2013
Fan ‘e moarn ha de bern op skoalle mei de masters en de juffers it krystfeest fierd.
Foar it skoft hawwe se yn groepkes in pracht oan krystkaarten makke. De lytse bern waarden troch de grutte bern holpen en it wie hiel gesellich. Nei wat drinken en krystkrânskes eefkes bûten boartsje en doe wie it tiid foar de krystfiering. Yn ien fan de sealen fan it MFC hat eltse groep sjen litten wat hja sa fûl oefene hienen. Dûnsje, sjonge, toanielspylje en foarlêze; alles kaam oan bod. It wie in prachtige moarn mei in tige slagge krystfeest. No 2 wiken lekker bekomme en dan kin elkenien op moandei 6 jannewaris wer fris oan it nije jier begjinne.