Zoeken:
Sitemap Favorieten

maandag 24 september 2007

Wy krigen in moai ferslach oer it ‘Z.O.U. oer see’ wykein fan ien fan de dielnimmers.
Dat wolle wy jo net ûnthâlde...

 

Zou oer see 2007-09-24.

Freed wie elkenien yn de passanten haven fan Heech, yn totaal 8 boaten .
Jûns earst nei de pizzeria te iten en dernei eefkes sjen wat der yn Heech te belibjen wie.
Sneontemoarn moasten wy fan ús ‘floatmanager’ om 9:00 oere wer paraat wêze om nei de ‘paling aak’ te gean. Foar inkelden fan ús wie dit wol hiel betiid...
Nei ûntfangst mei in bakje kofje of tee, krigen wy in útlis oer de bou fan de aak. Dizze is hielendal fan ikehout makke en guon ûnder ús tochten dat hja fan dizze aak hiel wat iel rikje koenen. At alles goed giet, moat er yn 2008 te wetter.
Al mei al in hiel bysûndere útlis en rûnlieding troch in hiel bysûnder man!

Om ien oere middeis is de hiele ‘armada’ wer útfearn, op nei Starum wêr’t wy de Iselmar oergongen nei Lemmer. Earst yn’e wyn op nei Starum en dernei sûnder wyn nei Lemmer. Jo koenen it hier der yn kjimme, sa spegele it wetter.
Guon makken fan de need in deugd en bûnen de boaten oan elkoar om sa fierder te ‘tuffen’ en sterke ferhalen út te wikseljen, en it swit oan te foljen.
De slús draaide mar oant 8 oere jûns en wie foar net ien mear te heljen dat de ‘armada’ hat har mar wat útspraad oer de Lemmer.
Jûns ha wy by de Sinees hearlik iten en fansels ek stilstien by it ferstjerren fan Jentje.
Doe noch mar eefkes yn ‘e Lemmer sjoen oft der ek noch wat “fris” oerbleaun wie fan it skûtsjesilen.

Sneintemoarn om 11 oere wer rjochting Top&Twel om’t de measten fan ús middeis nei de famylje fan Jentsje woenen te kondolearjen.
Sneins hawwe noch moai sile kinnen; foar de wyn en in lekker sintsje derby.

Alwer in moai Z.O.U.-wykein! Wy betankje de organisaasje mar wer foar harren ynset.
En fansels oant takom jier!

Fotoalbum »

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
za 15 augustus 2020 Oud Papier
do 3 september 2020 Soos 'Bliuw Warber'
vr 9 oktober 2020 The Bounty Hunters

Informatie over het coronavirus

------------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep                        Structuurversterking          TenT/A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

------------------------------

Bekijk het sportzomeraanbod van

Uitgelicht
Wijnja Hoveniersbedrijf
Wijnja Hoveniersbedrijf
Tennisvereniging "De Grachten"
Tennisvereniging "De Grachten"
Realisatie TTT software