zaterdag 10 juni 2017

De jierlikse tintetsjinst as ôfsluting fan de doarpsfeesten giet oankommende snein mei yn it tema "Dance around the world". Neist it fertroude 'E&E Brass' sil ek it gospelkoar 'Signalen' meiwurking ferliene. It sil dêrom sûnder twifel in fleurige tsjinst wurde. Sjonge en wa wit dûnsje, dêr sil it om draaie tidens dizze oekumenyske fiering. Elkenien is fan herte wolkom om mei te dwaan.