Zoeken:
Sitemap Favorieten

maandag 7 augustus 2017

In flinke domper foar SKS skipper Gerhard Pietersma fan de Lytse Sudein. Mei in soad oermacht wûn de skipper fan it Earnewâldster skûtsje fan 'e middei de striid op it wetter by De Veenhoop, mar de wedstriid waard ûnjildich ferklearre. De start wie neffens fjouwer oare skippers net earlik en sy wûnen it protest tsjin de wedstriidkommisje. De útslach is skrast en it is net bekend of dizze wedstriid letter noch ynhelle wurdt.

 

Moarn giet it skûtsjesilen fierder yn Earnewâld, dan binne der wer nije kânsen. Net allinnich foar Pietersma, mar ek foar Klaas Westerdijk út Boarnsweach (Tijnjehoeve). Klaas debutearret dit jier as skipper fan it Drachtster skûtsje 'd'Halve Maen' en waard sneon knap tredde yn Grou. Ek hjoed wie der in fertsjinstlik tredde plak foar de 27-jierrige skipper, mar spitigernôch telt dizze útslach dus net.

 

Woansdei komme de skûtsjes ús kant op en sile se op de Snitser Mar by Terherne.

 

 

« Terug

Advertenties

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
zo 20 augustus 2017 Muzikale Zomeravond Kerkdienst
za 2 september 2017 Oud Papier
za 9 september 2017 ZOU over zee
zo 10 september 2017 ZOU over zee
do 14 september 2017 Friese Kolfkampioenschappen
vr 15 september 2017 Friese Kolfkampioenschappen

      Iepenloftspul:

         'De Striid'

   18 o/m 23 septimber

 

Der binne noch kaarten.

Wês der fluch by: Fol=Fol

 

      Reservear hjir!

      www.destriid.frl

 

Uitgelicht
Tennisvereniging "De Grachten"
Tennisvereniging "De Grachten"
Logopedie
Logopedie
Realisatie TTT software