Zoeken:
Sitemap Favorieten

dinsdag 3 oktober 2017

Om de fiif jier organisearret Hennie Fokkens-Hoekstra in reüny foar har klassegenoaten fan de eardere herfoarme legere skoalle fan Top&Twel. Ofrûne sneon (30 septimber) wie it wer safier en omdat se no allegearre 65 jier wurden binne wie it programma dizze kear wat wiidweidiger as oars.  De dei begûn mei kofje en gebak by Beachclub Lemmer mei dêrnei in rûnlieding troch it Woudagemaal. Nei de lunch dêr stie der in boattocht mei ‘De Nieuwe Liefde’ op it programma. De reis gong fansels troch ús doarpen en doe fia it Prinses Margrietkanaal en De Brekken rjochting Snits. Dêr waard de dei yn restaurant ‘De Kajuit’ mei in hearlik diner ôfsluten.

 
Lit it waar dan wat suterich west hawwe, nei eigen sizzen fan de skoalkammeraten -en kammeraatskes wie it in skitterjende dei!

 

fan ljofts nei rjochts:

Rommert Steenbeek, Jan v/d Wal, Wytske Joustra, Rinske Wiersma, Sipke Dykstra, Teatske Salverda, Tetsje Brouwer, Aaltsje Douma, Lolkje Feenstra, Tjessie Hoekstra, Hennie Hoekstra, Ytsje Walsweer, Sjoerd Folktersma, Ane de Jong. 
Frans van Eysinga en Tjitte Folkertsma koenen dizze dei net en Herre Fekkens moast earder fuort en stean dêrom net op 'e foto. Spitigernôch is Roel Atsma ferline jier ferstoarn.

« Terug

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Agenda
do 14 december 2017 Soos 'Bliuw Warber'
za 16 december 2017 Jingle Bell yn Top & Twel
zo 17 december 2017 Krystkonsert E&E Brass
wo 20 december 2017 Top en Twelster kerstfeest
za 23 december 2017 Kerstfeest voor Top en Twel
za 6 januari 2018 Oud Papier

Uitgelicht
Slagerij de Jager
Slagerij de Jager
Opelgarage Deinum
Opelgarage Deinum
Realisatie TTT software