Zoeken:
Sitemap Favorieten

maandag 23 juli 2018

Geert Nauta (Toppenhuzen 1964) wennet yn Wergea en yn it deistige libben is hy dosint Nederlâns oan csg Liudger yn Drachten. Mei de skriuwerij is hy begûn yn 2013 doe't hy tocht: lit my foar de aardichheid ris in ferhaal skriuwe. Hy wûn der fuortendaliks in Rely-Jorritsmapriis mei. Sûnt dy tiid besiket hy de tiid dy't hy frijmeitsje kin, oan it skriuwen te besteegjen, wat noch net altyd like goed slagget.

 

Neist de publikaasjes yn it Fryske literêr tydskrift 'Ensafh', nei oanlieding fan de trije Rely's dy't hy wûn hat, is it boek 'In soarte fan bûgjen' syn earste ferhalebondel. Utjouwer De Elikser skriuwt it folgjende oer dit boek' fan Geert Nauta:

 

Poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris ûnferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lêzen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer.

 

It boek leit foar € 17,50 te keap yn de boekhannel of is te bestellen fia ynternet,

https://www.elikser.nl/in-soarte-fan-bugjen.htm

 

 

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
zo 16 december 2018 Kerstconcert met koraalorkest 'Hymne'
wo 19 december 2018 Kerstwandeling school/kerk
do 20 december 2018 Soos 'Bliuw Warber'
za 22 december 2018 Kerstconcert Meraintrio Foute Kersttruienfeest
za 5 januari 2019 Oud Papier

'Belevingsboek Voel, Deel en Beleef' nu te koop bij de Superrr.

 

-----------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

-----------------------------

 

Uitgelicht
Fgelwacht

Kommer en Kwel
Kommer en Kwel
Realisatie TTT software