dinsdag 27 november 2018

It Top & Twelster skûtsje is de ôfrûne wiken flink ûnder hannen nommen. It skûtsje is in stikje ynkoarten. Der is 60 sm. tuskenút helle, wêrtroch it skip no in lingte hat fan 19.98m. Krekt ûnder de 20 meter.
Dat ynkoartsjen is net foar neat. Boppe de 20 meter moatte skippen nammentlik oan nije regels foldwaan en dat freget ynvestearrings dy't de skipper en de bemanning net dwaan wolle. Tagelyk is de motor revisearre, de romp skildere en binne der noch wat lytse ferbetterpuntsjes oanbroacht. It skûtsje is no foar de tsjustere dagen earst wêr klear om opnij as beaken fan ljocht tsjinst te dwaan foar ús doarpen. De krystferljochting komt der dizze dagen yn.
Nei de winter wurdt it skilderwurk ôfmakke mei noch allerhanne oare putsjes, sadat der yn it foarjier wêr syld wurde kin.