donderdag 29 november 2018

De takomst fan de greidefûgels sjocht der net bêst út. Yn ús doarpen binne ek al neisoargers dy't troch predaasje der gjin nocht mear oan ha om it fjild yn te gean. Mar de grutste predator is dochs de minsk. Net hjir, mar yn it suden. Yn Frankryk en Spanje fine se it in sport om ús briedfûgels ôf te sjitten. It BFVW (Bond Friese VogelWachten) hat in petysje opset om dit yn Europa tsjin te gean.
Tekenje dizze petysje en help ús greidefûgels: www.weidevogels.petities.nl.