maandag 28 januari 2019

It biljerttoernoai yn kafee 'de Buorren' blinkt net allinich út fanwege de organisaasje en de sportiviteit, mar guon dielnimmers dogge der ek noch in ludyk sauske oerhinne. It echtpear Taco en Angela (Brêgesleatswei), tafallich yn deselde poule yndield, hiene foar harren ûnderlinge wedstriid in tapaslike 'outfit' betocht. Taco wûn, mar dat hat fierder gjin gefolgen foar de relaasje ha se ús fersekere.