woensdag 22 mei 2019

Dit tafrieltsje trof ien fan ús redaksjeleden oan op’e âld tramdyk by de Broeresleatsbrêge. Twa nuete hintsjes en in hoanne. It hie mar in keunstke west en pak se op, mar hoe komme jo thús mei trije hinnen ûnder de earms. Faaks kin ien fan jimme dit plomfee thúsbringe en de eigner warskôgje.