Zoeken:
Sitemap Favorieten

zaterdag 28 september 2019

Der komt hieltyd mear in lobby op gong foar glêsfezel yn ús doarpen. It begjint dan no ek echt te knipen om de nedige 35% te heljen foar 1 oktober. Ofrûne woansdei wie der noch in ynfogearkomste yn It Harspit oer glêsfezel, mar genôch oanmeldingen foar in abonnement binne der noch net. Earder dizze moanne die Pieter de Jager (Tsjerkebuorren) al in oprop en as ambassadeur hat hy ôfrûne wiken noch by de doarren lâns west.

 

Ek FNP-riedslid en doarpsgenoat Tsjerk Bouwhuis soe it spitich fine at Top & Twel bûten de boat falt wat de oanlis fan glêsfezel oanbelanget. Ek Tsjerk docht noch in oprop oan de ynwenners:

 

 

 

Glêsfezel ynternet foar Top en Twel

Sa as jimme grif meikrigen hawwe is de kampanje foar glêsfezel ynternet yn folle gong. De ôfrûne wiken hawwe yn hiel Súdwest-Fryslân in soad minsken harren oanmeld foar in glêsfezeloansluting. Op de webside https://glasvezelvoorsudwestfryslan.nl kinne jo dit fia in ynfographic folgje. Om ek ‘glês’ te krijen yn Top en Twel moatte der yn ús doarpen noch wol oanmeldings by. Fanút myn rol as folkfertsjintwurdiger en doarpsgenoat wol ik jimme op de hichte bringe fan de lêste stân fan saken en jimme der op attint meitsje dat oanmelde noch kin oan en mei takom moandei (30 september).

 

Ik haw my sels ek oanmeld foar glêsfezel ynternet om ’t ik oertsjûge bin fan de nut en needsaak hjirfan en ek de koöperaasje gedachte fan DFMopGlas sprekt my oan. De meast stelde fragen dy ’t der binne steane hjirûnder. Hooplik helpt it jimme by it meitsjen fan in positieve kar foar glêsfezel!

 

Wêrom soe ik kieze foar glêsfezel? Ik haw no in geweldige ferbining.

Mei glêsfezel binne jo klear foar de takomst. Want foar hieltyd mear deistige en takomstige ûntwikkelingen is in stabile en superflugge ferbining in fereaske. Tink bygelyks oan lespakketten foar skoalle, feiligens yn en om it hûs, it downloaden en uploaden fan swiere bestannen, soarch op ôfstân en ‘on demand’ tillefyzje sjen. Glêsfezel fersekeret jo in ferbining mei de heechste kwaliteit.

 

Is it no of nea?

DFMopGlas sit op dit stuit al yn in ferlinging foar Sûdwest-Fryslân. Dit is ienmalich en it is foaral dien om de bewenners fan 'e middelgrutte en lytsere kearnen in ekstra kâns te jaan. Nei 1 oktober makket DFMopGlas de balâns op. As de kearnen kollektyf 35% berikke, dan sil der glêstried komme! Ferlinging nei 1 oktober is net oan de oarder.

 

Wat betsjuttet lidmaatskip fan 'e koöperaasje?

Yn tsjinstelling ta wat in protte minsken tinke, binne jo mei glêsfezel gemiddeld net djoerder út as mei wat jo no betelje. It oanbod bestiet út in jierabonnemint mei ien fan 'e fiif tsjinstferlieners en in ienmalige bydrage fan € 250,- foar de oansluting. Dit jildt net foar sosjale hierwenningen. Dizze kosten wurden betelle troch DFMopGlas. Jo sille ek lid wurde fan 'e koöperaasje. Dit lidmaatskip is € 10,- per jier en dizze kosten geane pas yn it twadde jier fan jo abonnemint yn. As lid fan 'e koöperaasje wurde jo mei-eigner fan it netwurk foar de mienskip. In Frysk netwurk foar elkoar en mei elkoar dus!

 

Wêr kin ik my oanmelde?

Dit kin fia https://glasvezelvoorsudwestfryslan.nl/

 

Tsjerk Bouwhuis

Riedslid Súdwest-Fryslân

 

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
wo 23 oktober 2019 Bootcamp
do 31 oktober 2019 Soos ‘Bliuw Warber’ Bingo!
za 2 november 2019 TOP'63 - SSA Creil-Bant TNT Rocknight
za 9 november 2019 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

Uitgelicht
BeYoutiful by Maartje
Ouderensoos "Bliuw Warber"
Ouderensoos "Bliuw Warber"
Realisatie TTT software