zondag 24 november 2019

Nei it grutte sukses fan it muzikale Krystdiner fan ferline jier, wienen It Kafee en It Harspit gau út ‘e rie en organisearje dêrom fan ‘t jier wer sa’n gesellige jûn. De iterij is dizze kear op sneon 14 desimber om 17:30 oere yn It Harspit en kostet €24,50 per persoan. Lykas ferline jier is der wer allegear gesellichheid en muzyk regele mar fansels bliuwt der ek tiid en romte genôch oer foar in praatsje.
Elk is wolkom om mei te iten; der is plak foar 150 iters dus wês op tiid mei jo opjefte. Dat kin fia kerst2019topentwel@hotmail.com of fia It Harspit op 0515-559666.