Zoeken:
Sitemap Favorieten

woensdag 24 juni 2020

De gasten fan Dagbesteding Beleef oan de Tsjerkebuorren moatte flink yn it spier. Mei sels makke nifelguod sammelje sy jild yn foar in duofyts. Dizze fyts makket it mooglik dat de klienten dy’t nei de deibesteding ta komme in fertroud rûntsje Top en Twel meitsje kinne, want at de sûnens tebek rint wurdt ek in stikje selsstannich fytse hieltyd dreger.

 

In duofyts is net om 'e nocht (€ 7200,-). Engelien Perridon is drok dwaande mei aksjes en se besiket donaasjes en sponsorjild byinoar te skarreljen. Op it stuit stiet de teller op € 1785,-. We binne der dus noch net en alle bytsjes helpe. 

 

De gasten fan Beleef binne -mei wat help- no drok dwaande mei kersehingers en kaartehâlders. Troch in berjocht op Facebook en Instagram kamen der al hiel wat bestellingen binnen, mar mear is tige wolkom fansels.

 

Gelokkich is der ek tiid foar ûntspanning. Tiisdeitemoarn wie Engelien mei har gasten op besite by de Gravinnepoel om te genietsjen fan it moaie simmerwaar. In gaadlik plakje en sa moai tichtby!

 

 

Wolle jim mear witte oer de aksje foar de duofyts, sjoch dan op de webside fan Beleef Dagbesteding. Of bliuw op de hichte fia de Facebook- en Instagramside fan Beleef Dagbesteding. In donaasje jaan kin ek altyd.

 

 

 

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
za 18 juli 2020 Oud Papier
do 3 september 2020 Soos 'Bliuw Warber'
vr 9 oktober 2020 The Bounty Hunters

Informatie over het coronavirus

------------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

- Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

------------------------------

Bekijk nu het sportzomeraanbod.

Uitgelicht
Hester Kornelis Fotografie
Hester Kornelis Fotografie
Scheepstimmerbedrijf J. Lanting
Scheepstimmerbedrijf J. Lanting
Realisatie TTT software