Zoeken:
Sitemap Favorieten

zaterdag 14 juni 2008

Earst mar in bakje kofje mei in lekker stik cake derby, dan de sliep goed út ‘e eagen wriuwe en oanskowe by de bingo. Sa begûn it feest fan ‘e moarn. It rikke prizen; fan snobbersguod oant ‘boerejonges’ en fan bonbons oant rollades. Tige goed fersoarge en gesellich.
En doe op nei de spultsjes fan fan ‘e middei. Sa fûl as foarken striden de ploegen tsjin elkoar. In hiel parkoers wie útsetten. Sa moast der bygelyks yn in peal klommen wurde en wie der in soarte fan estafette wêrby de dielnimmers mei blyndoek foar in blêd fol wetter trochjaan moasten. En net te ferjitten it sek slaan. De iene bleau noch krekt op ‘e peal sitten wylst de oare in wiet pak helle. En fansels meie wy de froulju dy ‘t sieten te breidzjen net oerslaan. It wie de bedoeling in sa’n lang mooglike sjaal te breidzjen. No, se hawwe harren stjonkende bêst dien; de blierren sieten op ‘e fingers.
It wie wer sekuer yn oarder. Foar sawol dielnimmers as publyk in soad wille.

Fotoalbum

Fotoalbum »

« Terug

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
za 6 februari 2021 Oud Papier
za 6 maart 2021 Oud Papier
za 20 maart 2021 Passion Live in Top en Twel

Activiteitenkalender:

- Kerkdiensten

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top&Twel, Yn Beweging

- Brug Uitwellingerga

Uitgelicht
Meer Bewegen voor Ouderen (MBVO)
Meer Bewegen voor Ouderen (MBVO)
Rabobank Sneek
Rabobank Sneek
Realisatie TTT software