woensdag 25 juni 2008
Nei in daverjende opfiering fan de ôfskiedsmusical is it hjoed heech tiid om de bern fan groep 8 derút te ‘goaien’. Dat kin sawol letterlik as figuerlik nommen wurde. Want neffens de tradysje binne de 8ste groepers fan ‘e moarn mei in ‘gejuichje’ de fiver ynsmiten. Sy binne no net langer learlingen fan de basisskoalle en kinne genietsje fan harren wolfertsjinne fakânsje.
It is ek wol nedich dat der wat romte frij komt, want moarn sille de oare groepen eefkes yn harren nije lokaal sjen en yn ‘e kunde komme mei de nije learkrêft.
Freed wurdt de lêste skoaldei fierd mei in hiele stapel pankoeken en dan.....FAKÂNSJE!