Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


Ferslach ienakterjûn 21 en 22 Novimber 2014

 

Mar leafst trije ienakters wiene der te sjen dizze beide utfieringsjûnen fan Fordivedaesje.

 

De earste ienakter hie as titel ‘spoeken bestean net’ en waard regisearre troch Wolter Overwijk. Hy waard assistearre troch Esther Hoekstra.

De spilers wiene Louis van Breeden, Hedwig Brinksma, Johanna de Vries, Tjitte Hoekstra, Corry Fabriek en Therése Hartkamp.

It dekor wie in ùtstalling fan doazen ensafourthinne, want de famylje wie oan it ferhûsjen.

Yn de nije wente spoeket in mooie dame om, sy is yn it wyt klaaid en hat blommen yn har hier (Hedwig) De nije eigener, skriuwer fan berop, hellet syn nije roman en de wurklikheid trochelkoar (debuut foar Louis) Syn frou ( Johanna) hat snoade plannen en wurket gear mei de makkelder ( Tjitte). De buorfrou (Corrie) docht ek in duit yn deselde pûde. De dokter (Therése) probearret de boel del te bédzjen. In leuk stik om nei te sjen, der wie wurk fan makke en dat wie te sjen.

 

Hjirnei wie it skoft, fansels waarden der ek wer lotten ferkocht en der leine wer prachtige priizen klear.

 

Nei it skoft de twadde ienakter ‘werom’, skreauwn troch Freddie Reijinga. Dizze ienakter is regisearre troch Mirjam van der Meer, foar har in debuut.

Spilers ; Trees de vries, Willemien Hoogland en Kees van Stralen.

Knap dat jo yn in ienakter fan in heal oere al nei goed viif minuten de ‘djipte’ yn doarre te gean. Fansels sit ‘em dat yn it skreauwen, mar dizze spilers ha de gefoelige snaar by guon minsken aardich rekke……it wie mûsstil yn de seal. De ienakter gie oer ferlies, ferlies fan in bern en dernei it ferlies yn elkoar …

 

Hjirnei wie it tiid foar de ferlotting. Underwilens koene de toanielmasters (Jan Overwijk en Fokko van der Meer) it toaniel ree meitsje foar de tredde ienakter.

 

Ek dizze ienakter is troch Mirjam regisearre en hjit ‘ de stille gast’.

It stik spilet him of yn in kroegje en Durkje (Marije Overwijk) stiet efter de taap. Der sit ien klant (Tsjerk Bouwhuis) oan in taffeltsje en jimme riede it al: die seit neat …

Dan komt Sjonnie ( Sieger Dijkstra) deryn en dat bringt wat ‘leven in de brouwerij’.

Tafallich komt der ek noch in sportyveling oanwaaien ( Niels Hofman) die’t ferskrikkelik noadich nei it hùske mat. It ferhaal fan Sjonnie blykt op de ein fan it stik oer de stille gast te gean sûnder dat ien it yn de gaten hat…ja Durkje hat, neidat de stille gast tige hastig betellet en hjirnei fourtendalik ôfset, pas yn de gaten dat dizze man de pink mist wer’t sjonnie sa oer opswetst hat.

 

Al mei al in tige slagge jûn mei in ferskaat oan toaniel.

De neisit yn de smûke mienskipsromte wie beide jûnen dan ek wer tige gesellig.

 

Op nei 6 en 7 maart 2015. Dan sil it stik ‘wat binne we mooi fuort’ opfierd wurde.

Der wurd al drok rippeteard troch in ploech befleine spilers, ek hjir sit wer in debutant yn.

It wurd wer hiel wat oars as oars dizze kear, om in lyts tipke fan de sluier op te tillen….. dit stik spilet him of yn de jungle …………..

 

Graach oan’t oar jier !!!!

 

GH

 Nei Foto album

 

Advertenties

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
wo 22 november 2017 Gemeenteraadsverkiezingen
vr 24 november 2017 E&E Brass: Banketstavenactie
za 25 november 2017 Repaircafé Schuurverkoop TOP'63 1 - Oeverzwaluwen 1 Sinterklaasfeest

Gemeenteraads-verkiezingen:

22 november 2017

 

 

Stemwijzer

----------------------------

 

Uitgelicht
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Folksliet Top en Twel
Realisatie TTT software