Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


En? Binne we moai foart west of net? By de ûntfangst oan de baly kamen jo fourt en daliks al yn e sfear fan it stik. Allegearre hiene se sich ferklaaid al soene se sa de wildernis yn. No, die gongen jo ek!

De seal en podium wiene prachtig ynrjochte. Wat in wurk hat hjir in sitten. De tinten bygelyks, spesjaal hjir foar makke troch tûzendpoat Tineke. Sy wie ek de ynstekster,mar past ek  altyd goed op e spilers mei broadsjes, fruit ensf.

Prachtig hoe at nei oanfang fan it stik de dielnimmers oan dizze survival, achter út de seal opkaamen. In survival wie it foar it publyk perfoarst net. Op in hylarische wize waarden we meinommen op hun aventoeren en it hat gjin tel ferfeeld! Mei net ien útsein ha se hun rollen  oertsjûge delset. Frieda (Mirjam van der Meer) dy de wyn der goed ûnder hald en in treflikke metamorfose  sjen liet.

Wisten jo dat it net sa mar in betochte taal wie die sy spruts, mar echt swahili? Se krige sels Luciel wer at se har hawwe woe.

Luciel, spiele troch Marcella. Wat in hearlike bekakte dame, hielendal “keeping up her appearences”. Knap hoe at sy konstant yn har rol bliuwde en wat hat se it frysk goed ûnder de knibbel!

Har man Henri, fertolkt troch Hendrik, die stakkert, sa ôgryslik ûnder de plak. Wat spile der dat hearlik slaafs. Wilens it stik steeds mear wille in e jungle en mei Henk krige.

Henk waard spile troch Tjerk.De  libbensgenieter dy’t tefreden wie at er syn pilske en mayonaise mar om him hinne hie. Syn kalme útstrieling troch it hiele stik hinne like sa gewoan. Annie, prachtig delset troch Rimie ,in leafe wat folgsame frou, mar dy op in stuit de broek oan lukt en as in echte “calamaty Jane” it heft in hannen naam. Moai hoe at se de smoarge ûnderbroek ophong

en hoe at it publyk der om lake. Omdat it sa werkenbaar wie?

 En dan hiene we Emma noch, sy waard spile troch Coby,  In tot in e groun bedoarn smoarg fanke. Ien mei de waffel in beide hannen, mar toch belies jaan moast en sa mak as in laam waard. Knap hoe at se dy omslach makke.

 Mei noch wol efkes seint wurde dat de broer en suster Tjerk en Coby in ekstra kompliment fertsjinne ha. Mei  sa goed as gjin ûnderfining yn it grutte stik kwakt wurde! Petsje of!

Alle spilers,regy  en helpers hawwe  in prachtige foarstelling fan makke.

Kompliment ek foar de lûd en ljocht man Richard Veldman. It wie tige dik in oarder, alle jungle lûden, de muzyk en foarel ek de beljochting prachtig. It wurdt elke kear wer profesioneler.

 

Mei sponsering fan it Harspit, hawwe Wolter Overwijk en Richard twa elektryske lieren in it plafond befêstige.Sa kin  de ferljochting feilich op de grûn oanbrocht wurde.

Wêrnei it op de krekte hichte brocht wurde kin. Dit wurked Folle better en foarkomt ferefelend skaad.

 

klik hjir foar de fotos

 

JV

---------------------------------------------------------------------------------------------------

 

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
za 20 juli 2019 Oud Papier
zo 28 juli 2019 Zomeravonddienst
zo 11 augustus 2019 Zomeravonddienst
za 17 augustus 2019 Oud Papier
zo 25 augustus 2019 Zomeravonddienst
za 7 september 2019 Top en Twel Motortreffen

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
Folksliet Top en Twel
Galerie De Ganzerik
Galerie De Ganzerik
Realisatie TTT software