Zoeken:
Sitemap Favorieten
Wat dacht je wat  

Contact: P. Eppinga
Noardein 50
8625 TJ Oppenhuizen
Tel. 559549

B.g.g.: 559753


Onze biljartclub is opgericht op 5 februari 1975 in de Lantearne. De club telt 12 leden.



“WAT DACHT JE WAT“

As mei-oprjochter fan dizze biljertklup yn 1975 yn de “Lantearne” en as earste foarsitter is my frege om wat dúdlikheid op de Top en Twelster web-side oan te bringen omtrint de doch wol wat mysterieuze namme fan dizze oergesellige klup mei syn konstante 12 leden en 2 tafelbiljerten.

 

De sechtich- en santiger jierren fan de foarige ieu hat dan ek alles mei dizze namme te dwaan, mar hoe komme jo op sa’n frjemde namme foar in biljetklup.
Mear foar de hân lizzende nammen binne “Dwers troch it lekken”, “ it Griene lekken” (blauw) “Oer de bân út” of “Krijt uw top”.
Mannichien ûnder de âlderen fan ús kin him it tv-programma “Farce Majeure” noch wol foar de geast helje, no plm 33 jier lyn. Deryn spielen uder oare Ted de Braak, Jan Fillekers en in lyts mantsje mei in swart ringburdsje en noch trije pommeranten. De heren reizgen it lân troch mei in licht satirysk programma. Se warden oerbekend mei harren ferske :
                   “Jaaaaaaaa het is uit het leven gegrepen
                     het is uit het leven een greep enz.

Mei “kiele, kiele Koeweit” hellen se de wrâldparse omdat de sjeiks it nûmer net sa wurdearre koenen. Fierders hellen se politike flaters en sterke ferhalen foar it ljocht
(fragen kamen út it publyk) Dan fertelde die iene de oare wat en frege dan “is dat wol sa”?
Steefêst waard dat befêstige mei de wurden “wat dacht je wat”!
Doedestiden befêstige de hiele Nederlânske befolking harren sizzen mei “wat dacht je wat”!
Sa gong dat ek bij ús op de klup, “wie die bal wol rakke’? jaseker “wat dacht je wat”” !!
Hie die bal wol trije bânnen? “wat dacht je wat “ !!
“Wat dacht je wat” wie dan ek net fan 'e loft sokke jûnen.
Dat sadwaande is dizze wat frjemde namme ta stân kommen.

Marten D. van der Veen

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
do 19 december 2019 Kerstviering Passage
za 21 december 2019 Club Schrijfgalerie Kerstfeest in het Café
zo 22 december 2019 Kerstconcert met koraalorkest 'Hymne'
di 24 december 2019 Kerstnachtdienst
wo 25 december 2019 Kerst-Gezins-Zangdienst

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Enquête Structuurversterking Top en Twel

------------------------------

Projecten

- Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

Uitgelicht
Lytse Ooster-Haven
Lytse Ooster-Haven
Fokkes Multiservice
Fokkes Multiservice
Realisatie TTT software