Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


Fotoalbum de ytkeamer

 

As de itenstafel doch ris prate koe……

 

 

Oan ’e itenstafel – dat is it plak dêr’t ús  gesinslibben him troch de jierren hinne foar in grut part ôfspilet. Och, as dy tafel doch ris prate koe…. Wat soe dy ús dan fertelle kinne? Dat is de ynstek fan it prachtige toanielstik “De Ytkeamer”, dat toanielferiening Fordivedaesje it ôfrûne wykein foar ús op ‘e planken brocht hat.

 

Yn 16 koarte scenes, dy’t stik foar stik eigentlik lytse ienakters binne, wurdt troch acht fan ús bêste akteurs en aktrices rûnom de itenstafel hiel knap en in rap tempo in byld sketst fan ferskate tiiden, gewoantes, miljeus en generaasjes. Er bart fan alles yn de ytkeamer. Jonge bern fiere oan ‘tafel harren jierdei mei taart en limonade. In ferfeelde húsfrou besiket mei in kopke thee har minnaar noch efkes by har te hâlden. Famyljerûzjes wurde der útfochten. Der wurdt gûld en der wurdt lake. En fansels wurdt der ek iten. Moarnsiten mei in strikte heit dy’t fan syn bern foarkommende manieren ferlanget. Of jûnsiten dat noch âlderwetsk troch it faam op tafel brocht wurdt. Ytgewoanten feroarjen lykas de maatskappij feroaret. Tiden hawwe tiden. De ytkeamer bestiet net mear. Hjoed de dei wurdt der iten oan ‘e tafel yn de wenkeamer of wenkeuken. En jonge minsken dogge sels dat net mear. Sy ite faak mei it board op ‘e skoat foar de televysje. 

 

Untroerend binne benammen de scenes fan in âlde heit (Anne Visser) dy’t syn útfaart beprate wol mei syn soan (Hans Bergsma) en letter fan in âlde mem (Coby Dijkstra) dy’t dementerende is en de famylje om har hinne dy’t net mear wit wat sy dêr mei oan moatte.

 

It publyk, dat sawol freed as sneon yn grutte getale nei it Harspit kommen wie, sit rûnom de yttafel en wurdt meinommen fan de iene nei de oare scene. De iene is noch net ôfrûn of de oare begjint alwer.It ferfeelt gjin momint. Der binne serieuze scenes mar ek hylariske mominten en dêrtusken wurdt razendsnel skakele. Unfergetlik is bygelyks de komyske scene wêryn in seksy kleide frou (Jacoba Visser) op en ûnder de yttafel de timmerman (Hans Bergsma) besiket te ferlieden.

 

Bysûnder knap is hoe’t de spilers al dy ferskate types yn al dy ferskate sitewaasjes en leeftiiden delsette kinne, dêrby op profesjonele wize oanstjoerd troch regiseuse Wiesje Jansma.

 

Geartsje Hoekstra, Douwe Hoekstra, Coby Dijkstra, Willemien Westert, Hans Bergsma, Anne Visser, Jacoba Visser en Pier Visser – sy spile allegear like makkelik in lyts bern as in puber of in folwoksene. Gau efkes ferkleie en hop – in pear minuten letter binne se yn al harren dwaan en litten wer in kompleet oare persoan yn in kompleet oare tiid.

 

It lange, steande, applaus nei ôfrin wie mear as fertsjinne!

 

MdJ

 



 

It is hast safier, oer in pear dagen set Fordivedaesje it bysûndere stik “de Ytkeamer” op de planken. De spilers ha der in soad sin yn, jo ek al?

Wy ûntfange jimme graach op freed de 26e as sneon de 27e. De seal giet foar jimme iepen om 19.4O oere. Op sneon is nei ôfrin fan it stik dûnsjen en musyk fan it duo I.K.E.A, Inderdaad Koen En Anton.

 

Oant dan!

 

 

 


Yn oktober is de toanielferiening Fordivedaesje úteinset mei it winterskoft 2015-2016. Op it stuit wurdt der drok rippeteard.

 

It stik dat foar it fuotljocht brocht wurdt is ‘De ytkeamer’, in drama/blijspul. It stik is skreaun troch A.R. Gurney jr. en yn it Frysk oersetten troch Pyt van der Zee. De regy fan it stik ‘De ytkeamer’ is yn hannen fan Wiesje Jansma-de Vries.

 

‘De ytkeamer’ bestiet út in stikmannich sênes, wêryn de ytkeamer mei in yttafel sintraal steane. De sênes steane los fan elkoar, mar it spilet him hieltiten ôf yn deselde ytkeamer.


It is in ferassend en bysûnder stik en seker de muoite fan it besykjen wurdich!

 

It stik spilet op freed 26 en sneon 27 febrewaris yn it Harspit.

Advertenties

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
wo 22 november 2017 Gemeenteraadsverkiezingen
vr 24 november 2017 E&E Brass: Banketstavenactie
za 25 november 2017 Repaircafé Schuurverkoop TOP'63 1 - Oeverzwaluwen 1 Sinterklaasfeest

Gemeenteraads-verkiezingen:

22 november 2017

 

 

Stemwijzer

----------------------------

 

Uitgelicht
Folksliet Top en Twel
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Realisatie TTT software