![]() |
contact: Mirjam van der Meer Email: secretariaat.fordivedaesje@gmail.com Webside: www.fordivedaesjetopentwel.nl Tillefoan: 06-18631689 |
“Prachtige preamtocht troch Top & Twel as iepenloftspul” (Friesch Dagblad)
“Lyts folksferhaaltsje, reuseftige foarstelling” (Leeuwarder Courant)
Bêste minsken,
No de preamen wer foar de wâl lizze, de ljochten dôve, de pallets en de tonielklean wer ynlevere binne, is De Striid no wier foarby. Heech tiid om de mear as tûzend besikers te betankjen foar harren oanwêzigens. We wolle jimme dan ek tankje foar de skitterjende reaksjes. Tige wiis binne wy mei de resinsjes yn de ferskate deiblêden. De Ljouwerter Krante hat De Striid sels beleane mei fjouwer stjerren! Te betinken dat De Striid mei minimale ûnderfining en mei minimale middels ta stân kommen is, is te tankjen oan it entûsiasme fan de likernôch 150 spilers en frijwilligers. Dit fertsjinnet in djippe bûging! Fordivedaesje wol nochris elkenien dy op wat foar manier dan ek belutsen wie mei De Striid betankje.
En lykas it Friesch Deiblêd it sa moai under wurden brocht:
“De Striid bewiisde mar wer ris dat lytse doarpen bysteat wêze kinne grutte dingen te dwaan”.
Douwe wier wat sûdliker bigoun, mear yn it doarp op. Hy wrotte al syn bêst, en der ûnstie ek in brede feart, mar rjucht wier er net. Efkes foar de Douwefeart lei er der in mâlle heakse bocht yn en groef do wer fierder, ont er yn ‘e Modderige Gea útkaem. Do riek er him de lea en seach hwet er makke hie en skreade oer it gea: “Fen no ôf oan scil dizze feart nei mei Douwefeart hjitte. Broer en Jarich binne keardels as hja it my forbetterje!”
Jarich stiek by de Leijesleat, op ‘e grins fen Toppenhuzen en Twellegea, de wûndere skeppe yn ‘e groun en bisocht ek in feart te meitsjen. En sikerwier, it slagge hi mek, mar der siete kronkels yn en hy wier ûndjip. Lykwols bearde er tige fen sin wirk en rôp mei it lûd fen in stoarm oer ‘e mar: “Fen nou ôf oan scil dizze feart nei my, dy ’t him makke, Jarichsleat hjitte; litte dy oaren det my mar ris neidwaen!”... (ta de skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea)
Dizze bjusterbaarlike âlde folksêge fan de bruorren Broer, Douwe en Jarich is beskrean yn it boekje “Ta de skiednis fen Toppenhuzen en Twellegea” fan O. Santema. Hja wiene reuzen dy’t mei heale preammen de Broeresleat, Douwesleat en de Jarichsleat groeven ha. Noch altyd wurde de bruorren eare yn Top en Twel mei it keunstwurk “De Drie Broers” makke troch keunstneresse Hennie de Boer.
Toanielferiening Fordivedaesje bestiet 40 jier en dat wolle hja witte! Fordivedaesje hat de âlde folksêge fan de trije reuzen bewurkje litten troch de skriuwers Paul van Dijk en Jurjen Faber. Beide mannen binne ûnder oaren bekend fan teaterselskip Knûkel. De toanielferiening is bliid en grutsk mei it script.
Haadpersoan yn De Striid is lytse Piter. De doarpen wurde slim bedrige troch de trije reuzen en dêrneist is der ek noch heech wetter op komst. Kin lytse Piter dizze eleminten de baas, of...?! Jo sitte earste rang in ien fan ús preammen en wy farre jo oer it Ges by DE STRIID lâns.
De haadregy is yn hannen fan Fordivedaesje sels. Dêrnjonken freget it stik in protte sub-regiseurs. Dit alles hat te krijen mei it ferskaat oan sênes en lokaasjes. De Striid freget ek in soad spylders. Mar Fordivedaesje hat har bêst dien beide doarpen te mobilisearjen. Mei man en macht hat Top en Twel de skouders der ûnder set. Jong of âld, frou of man, betûft of nijkommer, elts hat in plakje yn dizze bysûndere produksje.
Sjoch efkes op 'e webside www.destriid.frl !!
Fordivedaesje