Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


15-03-2019

 

De laits fan Izebaits,

 

Wat ha se der lang nei ùtsjoent, wat ha se in ynset toant en wat hat de jeugd in ferrasend stik sjen litten freed en sneontejûn 9 en 10 maart 2019 yn it Harspit !

 

Wat in mooi begjin troch de Nar, hiel mooi delsetten troch Elja van der Meer. En wat in leuk begjin om de nar in stik fan it ferhaal fertelle te litten tusken it publiek. Wat in geweldich kostuum en prachtich sminkt !! As in soepele tiiger beweegde sy mei gemak oer flier en podium.

 

It dekor wie yn hannen fan Tjitze Hofstee, de oanklaaiing wie fan Jacoba en Marije, en hie de ùtstrieling fan in mearke. En doe de bruorren Drip, Drop En Drup opkamen waard dat byld noch ris goed befestige. Age Elsinga, Tjitte Bouwhuis en Pier Visser, wat fulden jimme elkoar prachtich oan en wat hiene jimme geweldige kostuums oan en wat in prachtige jongeskoppen seagen wij. Jimme hiene myn folsleine oandacht want ik hie net iens sjoent dat de keninginne op har troan siet !

 

En wat foar keninginne ! 13 jier noch mar en dan sokke lapen tekst! De prachtige japon, it fakkundich opstutsen hier ha der grif mei foar soarge dat Arlan Jongsma har ek echt keninginne fielde, dat kin hast net oars. En fan begjin oan ein is se yn har rol bleaunt troch perfoast net in glimke sjen te litten. Knap hjer, foaral doe't Friso Snijders opkaam as lakei mei in smile op syn toet die't fanôf de tsjerketoer net te missen wie !!

Syn kollega-lakei, spyle troch Lisa Veldman, wie it tsjinoerstelde: gjin laits, net blij. In mooi kontrast, wol mouiliker om te spyljen lieket my, mar hielendal oan de ein ta folhôlden en dat is dan ek in dikke plùm wurdich. Mooi dient Lisa en Friso !

 

De generaal .. fakkundich spyle troch Douwe Wijnja. Hast ûnwerkenber mei syn lange sik. mar we ha heerlik lake om syn mooie meneuvels, kostelik om nei te sjen !

De Mini-ster, strak yn de kokerrok, waard fertolke troch Amarins Veenstra. In frisse en fleurige ferskyning op it toaniel en mei heldere stim knalde se sûnder te knipperjen har tekst derùt ! allebeide ek prachtich spyle !

En dan wie der noch sa'n typstra. Menhear SSpion. Ek wer tapasselik yn de klean. Hy die der alles oan om dat iene doel te berikken mar dat slagge net en ek hy bedarre mei in grutte plons yn de grêft. Tjitte Hoekstra wie de akteur en ek yn ûnderbokse en mei de neidruk op de SS herkende it publyk him drekt.

 

Dit jier hiel wat oars as wat we de lêste jierren went wiene fan Fordivedaesje mar wol luchtig en ferfrissend.

En wat geweldich dat we ek dit jier wer debutanten op it podium seagen. Der sieten in pear ald "STRIIDers" by en ek goun die't al ris earder meidient ha mar ek wer in pear jonge frisse gesichten en dat is prachtich fansels. En wat is it dan mooi dat sa'n ploech mekoar omheech hellet en frijùt spylje kin.,

 

De regy fan dizze jeugd-twa-akter wie yn hannen fan Mirjam van der Meer. Sy waard assistearre troch Jacoba Visser. Ek foar dizze dames respect om nei twa kear ùtstel de ploech by de les te halden neist harren bestjoersfunksjes en oare wederwaardigheden !

It ljocht wie yn de fertrouwde hannen fan Richard Veldman en dat wie wer tige ynoarder. Fijn dat der no fêste ferljochting yn it podium hinget sadat halsbrekkende toeren ta it ferlyne hearre.

 

Foar Janna, Gea, Doetie, Nieske, Wanda  ek alle lof. Wat in pracht kapsels en geweldige smink. Jim ha goed jim bêst dient !

 

De neisit wie yn de mienskipsromte en wie beide jûnen tige gesellich. De priizen fan de ferlotting wiene der ek ùtstald en der koe noch efkes gesellich neipraat wurde.

 

Fordivedaesje, tige tank foar wer in mooi toaniel-wiekein !

 

G.H.

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
ma 24 juni 2019 Informatieavond Glasvezel
za 6 juli 2019 Start Tsjerkepaad
za 20 juli 2019 Oud Papier
za 17 augustus 2019 Oud Papier
za 7 september 2019 Top en Twel Motortreffen
zo 15 september 2019 Startzondag Kerkelijke Gemeente

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
Top en Twelster Skűtsje

Overwijk Decoraties
Overwijk Decoraties
Realisatie TTT software