Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

contact: Mirjam van der Meer

Email: secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

Webside: www.fordivedaesjetopentwel.nl

Tillefoan: 06-18631689



 

Ferslach Ienakter wykein 21 en 22 febrewaris

 

Dit winterskoft waarden we traktearre op twa ienakters. En wat foar! De kontrasten koene net grutter, noch yn kar fan de stikken, noch yn ferskil fan leeftyd fan de spilers. Prachtig!

 

Dizze kear gjin grutte dekors, gjin doarren en rúten, mar wol de bekinde keamerlinde en in protte meubilair út ùs doarpshûs op it toaniel. Earlik seint wie dêr neat mis mei want it treflike toanielspyljen makke it dekor hast oerstallich.

 

De beljochting waard beide jûnen fersoarge troch Richard de Vries. De ‘grutte baas’ Richard Veldman wie op fekânsje en hie yn syn nammegenoat in prima ferfanger fûnt.

 

De earste ienakter hie as titel ‘Farao Aromat de twadde’, in titel die my ynearsten neat sei, mar al ridlik gau waard dúdelik dat it gie om de stêf fan de Farao. De stêf wie stellen út it museum en op it pleatselike plysjeburo moast útsocht wurde wa de dieder wie.

Alle spilers, te witten Johannes Feenstra, Douwe Wijnja en Wolter Postma, hiene alle trije in dûbelrol. Se spylen sawol de fertochte as de resjersjeur.

Johannes Feenstra debutearre as resjersjeur en spyle derneist de rol fan de stotterjende fertochte. Beide rollen leine him goed en hy hie der nocht oan, dat koene jo sjen. De tekst siet der goed yn en de hâlding en mimyk wiene in dikke prima. Op sneontejûn stiene de koeken fan freedtejûn der per ûngelok noch, der hast dy tige knap út ymproviseard jong! Kompliminten, knap dient Johannes!!

Wolter Postma, ek debutant, spyle de rol fan de nije haadresjersjeur en de rol fan de blyne fertochte. As haadplysje kaam Wolter sterk oer en as blyne fertochte brocht er faasje yn it spul. Dit kaam troch dat de grappige teksten oer en wer fleine en soks kin allinne mar as die tekst der goed yn sit, (en de tillefoannûmmers) en dat wie yn dit gefal goed ynoarder! Mooi spyle Wolter !

Douwe Wijnja spyle de rol fan de resjersjeur yn oplieding, fol fjoer en tige ‘gedreven’ en derneist de rol fan de oan Gilles de la tourette liedende patatboer. Wat in energie Douwe!!

En wat in machtige mimyk en frijheid hasto op it toaniel!!

Jim ha it stik prachtig opboud en der siet ek noch in eigenmakke filmke yn en in machtig stik humor. De seal lei somtiiden plat fan it laitsjen, sa ek de skriuwers fan it stik. De trije jonges út Langwar wiene sneontejûn spesjaal nei it Harspit kommen om te sjen wat jim makke hiene fan it stik wat sy skreauwnt ha en se wiene tige optein oer wat sy sjoent ha, dat is wis!

It stik wie ynearsten yn it Hollânsk optekene mar regiseur Jan Overwijk fûn dat it yn it Frysk opfierd wurde mast en der hie der fansels grut geliek oan. Hjiroer mat my efkes ien lyts dinkje fan it hert, want.. as je tekst oersette nei it Frysk …. Is it: ik wol dy wat sjen litte en net …ik wol dy wat litte sjen…. Toch?? It foel my op mar it hat my fierder net bot steurd.

Soe it kinne dat dit ‘hollânsksisme’  is….. ik soe it wier net witte, wa it wol wit mei it sizze hahaha!

Jan jonge, myn kompliminten foar dyn regy, it wie net dyn alderearste kear, mar it wie wol in prachtstaaltsje ûnferfalske Overwijk saus, krekt wer efkes oars as oars, hilarysk, prachtige fynsten en hast it lef hant om dyn mannen los te litten op it toaniel, sjappooo !!

As lêste, mar net minder belangryk, neam ik Fokko van der Meer as ynstekker. Unopfallend yn de gerdinen, earste kear dus ek debutant, swit op de kop! Do wiest der as se dy nedich wiene, en we ha dy net heard dus ek foar dy in fet komplimint.

Jim ha der in macht tyd en energie ynstutsen en dat kaam der dûbel en dwers ut!

 

Nei de pauze kriigen we ‘de groetnis fanôf it Amelân’ te sjen. Wolter Overwijk tekene foar de regie. Uiltje de Jong en Douwina Bouwhuis, spilers en regiseurs fan it earste oere fan Fordivedaesje. Rimmie Reitsma en Sieger Dijkstra, ek beide in wasklist oan prachtige rollen, wat wie it allemachtig prachtig om jim fjouweren nei sa’n lange tyd wer op it podium te sjen!

It stik wie fan in folsleint oar kaliber. It spyle him ôf yn de hal fan it âldereinhûs op it Amelân.

Wachtsjend oant de rekreaasjeseal iepen gean sil, komme se ien foar ien op. De iene folsleint yn har eigen wrâld, har taske, har eigen tinken….. stil spul mar wat prachtig spyle Douwina! Uiltje, dhr VAN Serooskerken! dat jo it mar efkes witte… mar wat in pracht omslach makke hy op it ein. It echtpear de Bok, spyle troch Rimmie en Sieger, wat in machtig stel. Sieger, wer hast dy broek fûnt en die toffels!!! geweldig, klean meitsje toch de man as frou. Rimmie, mei heldere stim en mooie mimiek ek in lust om nei te sjen.

In prachtig stik mei kontrasten, rake opmerkings, emoasjes en stil fertriet. It hie alles mar dan ek alles yn sich en jimme ha mar wer sjen litten dat it toanielspyljen jimme yn bloed en ieren sit. Alle aspekten yn ien ienakter en jimme ha it sjen en fiele litten. Foar Wolter Overwijk ek de wolmiende kompliminten, gean der mar oan stean!

 

Gjin stik kin sûnder kap en grime en hjirfoar wiene Janna Riphagen en Doetie Schriemer ferantwurdelik en it seag der fantastysk út dames!!

 

De neisit wie as fanâlds wer tige gesellich en der waard gesellich neipraten. De priizen fan de ferlotting stiene klear en koene ophelle wurde en der waard gesellich in bierke, wyntsje as wat oars mei elkoar dronken. En fansels binne we no tige nijskjirrich nei de oare ploech die’t al moannen drok oan it rippetearjen is op in oare lokaasje! It deiboek fan Anne Frank.

We ha der allegear sin oan en winskje dy ploech dan ek in protte sukses ta!!!

 

Sa as altyd, en dat fyn ik persoanlik altyd sa moai doarps, elkenien hat it der oer. “ hoe fûnst do it?” “ wat wie it mooi net?” “ ik ha my de bûsens útskourd !! wer jo ek mar komme, by de slachter, de bakker, de superrr, de kapper as de kroech, de fiskboer as it Harspit, it gûnzet altyd efkes nei…. En sa heard it ek, as net dan !!!

It wie foar my wer in earfolle geunst om dit ferslach foar jimme te meitsjen !

 

Groetnis

 

Geartsje Hoekstra

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
za 10 oktober 2020 Oud Papier TOP'63 - NOK
do 15 oktober 2020 Passage ledenavond
za 24 oktober 2020 TOP'63 - SSA Creil-Bant
vr 30 oktober 2020 Ledenvergadering De Laatste Eer
za 7 november 2020 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep                        Structuurversterking          TenT/A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top & Twel, Yn Beweging

Uitgelicht
EMSD Services
EMSD Services
Oude foto's en ansichten
Realisatie TTT software