Zoeken:
Sitemap Favorieten
Fûgelwacht  

Fûgelwacht Toppenhuzen - Twellegea
Contact: H.H. Schraa
Broerstrjitte 21
8625 JA Oppenhuizen
Tel. 559389

mobiel: 0646427155

 

 


Fûgelwacht 2015-2012

 

 

De neisoach en it sleepjarjen

 

De neisoach is folop yn gang set mei it sleepjarjen yn de ôfrûne wyke. It foardiel wie dat we boeren yn it bestjoer sitten hewwe, wertroch we krekt op tiid wiene mei it meitsjen fan beskermkapkes foar de nêsten, sadot de swiere slangen se net stikken meitsje koene.  

 

ús kersferse nije bestjoerslid Sipke Willem de Schiffart hat by Durk Overwijk fan Overwijk Scheepsbouw meiholpen om de kapkes te drukken. En seker in fermelding wurdich wie dat Durk de kapkes ek noch sponsere het. Echt fantastisch! En de leanwurkers woene graach meiwurkje om de kapkes te plaatsen. Echte fûgeltsjemannen.

 

Dus ot der neisoarchers of boeren binne dyt de kapkes binnenkoart ek brûke wolle, nim kontakt op mei it bestjoer.

 

 

 

 

 


 

Nazorgvergadering: maandag 3 april om 20.00 uur in het café

 


 

It earste ljipaai fan de jeugd 

 

It earste ljipaai fan de jeugd is fûn troch Sjoukje Feenstra. Se het juster, 21 maart, in twake fûn yn de east polder. Fan herte Sjoukje! Se het it sulvren polske ek dit jier wer wûn.

 


Earste Ljipaai fan top en twel is wer fûn troch Durk Fopma

 

 

Hij fun it aaike fanmiddei yn de buurt fan de pontdyk. Fan herte lokwinske Durk!

 

 


It earste ljipaai

 

Spitich genoch is der dit jier wer gjin aaisykjen mogelyk. Maar de striid om it earste ljipaai giet fansels wol troch. Foarich jier wie it Durk Fopma dyt it earste fûn en der mei de beker fan troch gong op 14 maart 2016. Wa wurdt dit yn 2017?

 

By de fynst fan it earste aai: gelyk contact opnimme mei it bestjoer. en nim sa mogelyk even in foto. 

 

Yn hiel fryslân is it no wer frij fjild. Oant it momint dat it earste fûn wurdt yn in gemeente, dan falt dy gemeente ôf. It freie fjild wurd dus steeds in bytsje lytser. Nei dat it earste aai fûn is, gean we gelyk oer op de neisoarch. Mar ot it earste fûn is yn ús gemeente dan gean wij hjir noch wol even troch foar it earste fan it doarp. Mar let op, der is dan gjin frij fjild mear yn de hiele gemeente. It kin dernei dus allinich noch fûn wurde yn ús eigen polders. 


 

Moandei 20 maart 20.00 oere jierfergadering fûgelwacht yn it café.

 

Mei in lêzing fan Marcel fan Kammen, natuerfotograaf. Hij hat ferskillende fûgelreizen makke oer de wrâld. En het der in prachtige diaserie fan makke. 

 

Yn de pauze natuerlyk wer in geweldige ferlotting mei prachtige prizen!

 

Ek net leden binne fan herte wolkom.

 


Jeugdfûgelwachtdei in IJlst

 

zaterdagochtend, 4 juni, gaan we met de jeugd die zich heeft opgegeven van groep 5 t/m 8 naar de jeugdfugelwachtdei. Vorig jaar in Broek bij Joure was ook al een geweldige morgen. De foto's staan nog wel op deze site. Scroll maar even naar beneden!

 

We vertekken om 8.30 uur bij de winkel (superrr). Doe wel je laarzen aan. Het duurt tot ongeveer 12.30 uur en we zijn dan om 13.00 uur weer in Oppenhuizen. Voor vervoer wordt gezorgd.

 

 

 


We zijn weer druk bezig geweest met de jeugd en gaan nu de tweede groep lesgeven.

woensdag waren de uileballen weer een groot succes.

 

 

 


Lesgeven op school

 

Vandaag en de komende weken geeft de vogelwacht natuurlessen op school.

Vandaag hebben we het over uilen gehad en hebben de kinderen uile braakballen onderzocht. Volgende week komen de weidevogel aan bod. In les drie gaan we met de kinderen het veld in.

 

 

 

 

 

 


 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Himmeldei

 

Sneon 2 april Himmeldei foar de groepen 5 oant 8 fan de basisskoalle en ek âldere bern binne wolkom. We farre fuort fanôf de SKOU om 8.30 oere om ús polders skjin te meitsjen.

 

âlders, wolle jim de bern warme klearn meijaan en foaral learzen oan litte dwaan.

 

Om ûngefear 12.30 oere kreie de bêrn noch in patatsje yn it café en krije se noch in lyts presintsje mei.

 

Koartom in dei fol aventoeren en om net wer te ferjitten.

 


Moandei 4 april neisoarch fergadering om 20.00 oere

yn it café

 

 


Moandei 14 maart is it earste ljipaai fûn

 

Durk Fopma wie de gelokkiche. Hij fûn it aaike yn de Langwarder polder (pontdyk) om ûngefear 15.00 oere. It is it fjirde aai fan Fryslan. (it earste is fûn om in oer as 11). Omdat de pontdyk en de Langwarder polder ûnder gemeente De Fryske Marren falt giet it hjir ek noch in kear om it "earste" aai fan die gemeente. It earste fan Fryslân is ek yn de Fryske Marren fûn, mar dermei wurdt Durk syn aaike autmatisch it earste fan die gemeente.

Proficiat Durk!!!

 

 


Moandei 14 maart fûgelwachtfergadering yn it café

om 20.00 oere!!!

 

 

Mei Lêzing fan Marcel van Kammen, natuerfotograaf. (www.momentsofnature.nl)

 

Yn de pauze in geweldige ferlotting mei moaie prizen!

 

Ek net leden binne fan herte wolkom!

 

 


 

Informatie 2015 - 2012

 

 

Advertenties

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
do 14 december 2017 Soos 'Bliuw Warber'
za 16 december 2017 Jingle Bell yn Top & Twel
zo 17 december 2017 Krystkonsert E&E Brass
wo 20 december 2017 Top en Twelster kerstfeest
za 23 december 2017 Kerstfeest voor Top en Twel
za 6 januari 2018 Oud Papier

Uitgelicht
Slagerij de Jager
Slagerij de Jager
Opelgarage Deinum
Opelgarage Deinum
Realisatie TTT software