Zoeken:
Sitemap Favorieten
IJsclub Rept U  

Iisklup "Rept U"
Lokaasje: tusken Nije Dyk en Sjaerdawei

Foarsitter: Cor v.d. Meer
Tsjerkebuorren 10
8625 HC Oppenhuizen
Telefoan: 0515-559 511

Email: reptu@topentwelonline.nl


 

Jierferslach 2016-2017

 

Dit wie it 147ste jier fan ús iisclub “Rept U”.  Nei de ledegearkomste fan foarich jier like it derop dat kening winter ta slaan soe, mar spitich, it wie net mear as in spjeldeprip.

 

Dochs ha wy noch op it iis west. Yn jannewaris wie it safier. Fan de iismasters kaam der tastimming om de baan te iepenjen. Foarearst allinne foar de bern fan it basis ûnderwiis.

De sterkens fan it iis hâlde net oer, en it wie soms ek in toer om op’e baan te kommen sûnder wiete fuotten te krijen. Mar dat alles die der net ta want, de bern hawwe in protte wille hân. Ek de âlders koene har tige fermeitsje yn de kantine fansels.

Nei in pear dagen koe ek de âldere jeugd it iis op. De nije iishockey sticks wiene net oan te slepen, elkenien woe der mei los.

It wie lykwols wol spannend want it teiwaar lei elke kear wer op’e loer.

Op de lêste dei dat it noch fertroud wie om te riden wie de baan iepen foar jong en âld, dit ûnder goed tafersjoch fan de iismasters fansels.

 

In goed wike ha de iisbaan en de kantine iepen west. It wie wer efkes âlderwetsk gesellich.

Om’t de skoalbern  wol gebrûk meitsje koene fan ús eigen baan wie it dizze kear net nedich om mei harren nei in keunstiisbaan te gean.

 

Om de baan wer hielendal winter klear te krijen hawwe der in pear eksperts dwaande west om de rusken út te roegjen.  Dit liket tige slagge te wêzen.

De ferljochting en de lûdsprekkers binne neisjoen, sadat wy dizze winter goed ljocht en muzyk op’e baan ha. It wetter stiet der op, dat no kin it om ús wol wer oan gean.

 

Nei trije kwakkelwinters ha wy wol wer nocht oan in echtenien.

 

                                                                                                 N.D.

 

                                                                                                                                             

 

Jierferslach 2015-2016

 

Ek yn it 146ste jier fan ús iisclub Rept U wie it wer  in winterskoft mei net folle sterk iis.

De waarmannen kinne it noch sa moai foarsizze mar as Kening Winter it net yn ‘e holle hat….

Mar….., op 22 jannewaris koene wy dochs noch  efkes fan  ús iisbaan gebrûk meitsje. Allinnich foar de bêrn fan it basis underwiis. Grutte minsken op’e baan wie net fertroud. Foar harren wie de kantine iepen en dêr wie it dan ek tige gesellich.

De selde jûns wie it dien mei de froast en sette it teiwaar wer yn.

 

Op 26 febrewaris binne wy mei de skoalbern nei Biddinghuzen west te riden. Lykas alle foarige jierren hawwe sy har hjir tige fermakke.

Der wie ek wer in trening organisearre foar de bern,  fersoarge troch Regina Bangma, Jan Booy, Frans Groenveld en Gerhard Pietersma.

It wie ek diskear wer tige yn’e oarder mei tank oan de masters en juffen fan de skoalle.

 

Fansels hoopje wy dizze winter wer gebrûk te meitsjen fan ús eigen baan. Wy binne der wer hielendal klear foar.

De kantine is opknapt, de baan is wer meand en ûnder wetter setten.

Litte wy hoopje dat  de waargoaden ús no sa tagedien binne dat sy ús mei in moaie winter ferrasse en  yn elts gefal sterk iis.

 

 

                                                                                                                                             N.D.

 

Jierferslach 2014-2015.

 

Yn it 145ste jier fan ús iisclub ‘Rept U’ hiene wy alwer in winterskoft weryn wy net fan ús iisbaan gebrûk meitsje koene. Yn febrewaris like it derop dat wy noch wat winter krije soene, mar dat wie net mear as in spjeldepjokje. Doe waard mar wer besletten om mei de skoalle in ôfspraak te meitsjen en nim de bern  fan de boppebou mei nei de keunstiisbaan.

 

Op freed 13 febrewaris wie it safier. Moarns om 8.45 oere waard de bus foarriden en alle bern, de juffen en masters en alle oaren  koene der krekt yn.  It doel is ‘Flevo on Ice’ yn Biddinghuzen.

Nei in goed oere yn ‘e bus en nei’t elkenien  troch de yntree wie, koene de redens ûnder bûn wurde.

De masters en juffen hiene alles wer hiel goed organisearre en yndield sadat dat hielendal gjin problemen joech.

It waar wie skitterjend, it koe net better.  De bern hawwe harren tige fermakke. Der waard ek noch trening jûn troch erfaren treners t.w. : Marijke Nauta,  Rienk Nauta, Regina Bangma,  Anne Ferwerda,  Gerhard Pietersma en Jan Booy. Sa koene sy ek noch wat oan harren technyk wurkje.

Dêrnei koe elk, dy’t it woe, dit yn praktyk bringe op de 3 km lange iisbaan dy dêr njonken de 400 meter baan leit.  Om 12 oere wie der patat en om 1 oere siet elkenien  wer yn de bus.  Nei in flotte weromreis en in hiele protte kûpletten ‘potsjes mei fet’ wiene wy om ûngefear kertier oer twaen wer yn Toppenhuzen. It hat in TOP dei west. De fotos dy’t Jellie Boschma makke hat (sjoch fotoalbums topentwelonline) sprekke foar harsels.

 

Fansels hoopje wy dat wy oankommende winter wer fan ús eigen iisbaan gebrûk meitsje kinne.

De saneamde ‘rusken’ binne opromme, en hooplik bliuwe dy ek fuort. De ferljochting  is neisjoen en dêrnei is de baan ûnder wetter setten. Ek it ûnderhâld oan de kantine is útfierd. De lang ferwachte nije skandeksels sitte der op.

Underwilens binne  de fersekerings ek goed neisjoen en wer hielendal  by de tiid.  By mooglike ûngemakken binne wy, sa is ús fersekere, goed yndekt.

 

No it waar noch.  Piet Paulusma hat al foarsein dat wy op natoeriis komme dizze winter. Wy litte ús mar wer ferrasse. De natoer lit him, lykas altyd, net stjoere.  As it safier is , binne wy der yn elts gefal klear foar.

 

                                                                                                                                                                                                                                                         ND.

 

 

 

Jierferslach 2013-2014

 

Dit is alwer  it 144ste jier fan iisclub Rept U.

 

De waarmannen hiene  een strange winter foarsein mar…  sa no en dan in flueske iis op it wetter fan de baan, fierder hat de iisgroei net west. Tige spitich fansels, want wy wiene der as bestjoer hielendal klear foar. Mar as it net kin op de natoeriisbaan , dan mar op de keunstiisbaan.

 

Doe’t wy wis wiene dat it dochs neat mear wurde soe mei de winter,  ha wy in bus besteld, alle skoallebern mei begelieders deryn, en op nei Thialf yn it Hearrenfean.

Op 6 maart dit jier wie it safier. Se hawwe harren dêr tige fermakke. De foto’s dy‘t te sjen wiene op Topentwelonline sprutsen foar harsels.

 

Omdat it dochs gjin riderswaar wie koene wy  foar de televyzje fan de Olympyske Winterspullen genietsje. Fan al de goede prestaasjes dy’t de wedstriidriders en alle oare sporters  yn Sotsji  ús sjen litten hawwe.

Spitigernôch koe Yvonne Nauta fan (doe noch) Twellegea op de O.S. gjin medalje helje mar in 6e plak op de 5000 meter is ek net ferkeard. En letter yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam  wêr ‘t de NK Allround ferriden waard, is Yvonne mar moai Nederlânsk Kampioene wurden.

Oan al dy geweldige prestaasjes , se waard ek noch 2de op de EK Allround,  woene wy as bestjoer  net foarby gean. Dêrom is Yvonne op 24 april op in belslide troch it doarp riden en dêrnei huldige yn kafee De Buorren.

 

Foar it seizoen 2014/2015 foarseit  Piet Paulusma  dat wy dizze winter de redens wol wer ris út it fet helje kinne. No mar hoopje dat dy foarsizzing  útkomt. Wy hawwe der yn elts gefal  neat op tsjin.

Lit de winter mar komme!

 

ND.

 

 

Jierferslach 2012/2013

 

Dit wie alwer it 143ste jier fan iisclub Rept U, en ek alwer it 6de jier dat we de redens út it fet helje koenen om op it natoeriis te riden.

Op  snein 13 jannewaris begûn it te friezen en it seach der fuortdaliks ek hiel serieus út.   Mar in pear dagen letter like der dan dochs noch in kink yn ‘e kabel te kommen. Der waard in protte snie ferwachte en dat kaam der ek mar….by  ús foel neat.

Us iisbaan lei der prachtich hinne. Der waard dan ek besluten om de skoalriderij te organisearjen op freed 18 jannewaris. De iisbaan gong op woansdei 16 jannewaris allinne foar de skoallebern iepen om harren alfêst efkes it gefoel te jaan en te trenen. Der waard ek fuortdaliks drok gebrûk fan makke. Om't der yn de omjouwing noch net sa folle banen iepen wiene, waarden der tefolle minsken ferwachte. Dêrom wie jûns de baan wer ticht. It iis moast toch sparre wurde foar de skoalriderij. De deis dêrnei wie it iis sterk genôch en waard de baan iepen dien foar elkenien dy’t in streekje sette woe. En dat ha wy witten, it wie fuort al moai drok, sawol de middeis as de jûns.

Op freed 18 jannewaris waard de skoalriderij organisearre. It wie in geweldige dei, mei jonges en famkes dy’t fûl besochten om as earste oer de streek te kommen. Lykas  foarige jierren waarden de prizen letter op skoalle útrikt. De útslaggen steane op de side fan Rept U op TopenTwelonline.

 

Op moandei 21 jannewaris waard der in treningsjûn organisearre foar leden fanôf 16 jier en âlder. Jan Booy en Anne Ferwerda, beide betûfte treners, hawwe dizze jûn sa’n 30 à 40 manlju en froulju de fijne kneepkes fan it reedriden besocht by te bringen.  Dit wie sa’n sukses dat it waard tongersdei 24 jannewaris nochris werhelle. No koene hja yn praktyk bringe wat der allegearre leard wie. Nei in trening fan likernôch in oere waard der in wedstrydsje troch de hearen treners organisearre.

 

Op woansdei 23 jannewaris de middeis waard der in ‘schaatsclinic’ hâlden troch Jan Booy en Anne Ferwerda foar de jongerein fanôf groep 5. Ek hjirfoar wie in hiel soad belangstelling. Dat jout dan ek wer hoop foar de takomst fan it reedriden.

 

Op freed 25 jannewaris wie der disko op it iis of sa’t it oanplakt stie “Disco on Ice”  foar jong en âld. In diel fan de baan wie ôfset mei  kleden en fersierd mei lampkes en flagjes. In “koek en sopie” bûten, njonken de kantine en fansels muzyk mei as DJ’s Jeroen Venema en Dirk Terpstra.  Dit wie sa’n geweldich sukses mei in soad belangstelling.  It wie beregesellich; de glühwein, sûkelarjemolke, snert en broadsjes knak wiene net oan te slepen. Dit freget om in ferfolch. Miskien oankommende winter???

 

Op sneon 26 jannewaris ha wy de middeis pjukslydzjen hâlden op‘e iisbaan. It wie kâld mei  in protte snie en it waaide hurd. Mar dochs wiene der aardich wat dielnimmers. De publike belangstelling foel wat tsjin mar wat wolle jo ek mei sok waar. De útslaggen hjirfan binne fansels ek wer te lêzen op de side fan Rept U op TopenTwelonline.

 

 

Snein 27 jannewaris wie it wer dien mei de winter. By reinich waar kaam in protte wetter op it iis. De mannen fan it piksjitten wiene no oan bar om harren sport te beoefenjen. Mar wy hawwe neat te klaaien. Salang at de iisbaan iepen west hat, wie der in soad folk. It hat wer in protte nije leden opsmiten en de kantine draaide as in tierelier.

Der waard ús noch wol wer in nij winterke tasein, mar sa as altyd hat de natoer it lêste wurd.

It wie no echt foarby.

 

Nei de winter is Germ (Atsma) begûn mei it foarterrein oan te pakken. It hiele terrein is oer de kop helle. Der binne drainearbuizen lein mei dêr wer oerhinne in sânlaach. It paad is  ferlege en ferbrede sadat it oerstallige wetter fuortkomme kin.  Hjir en dêr sit der noch wol in dobke, mar dat wurd allegearre noch oanpakt is ús tasein.

 

Fierder is er hiel wat feroare yn it opheljen fan de kontribúsje. Dit jier binne wy oergien ta it  automatyske ynkasso. Nei’t alle formulieren ophelle wiene koe der in begjin makke wurde. Nei hiel wat kontrolearjen, neisjen en mar wer kontrolearjen, koe lang om let yn juny oan de bank opdracht  jûn wurde om de kontribúsje foar ús op te heljen. Yn november is it ledejild foar dit winterskoft alwer ophelle.  Allinne by de leden dy’t perfoarst kontant betelje wolle komme wy noch del om de kontribúsje op te heljen.

 

 

Ta beslút. De waarmannen foarsizze ek foar oankommende winter alwer natoeriis.

Soene wy dit jier dan einlings ús bûtlânstocht hâlde kinne?

Hoe dan ek, wy binne der wer klear foar. De baan stiet ûnder wetter. Jûkelburd kin om ús syn bêst wol wer dwaan.

 

 

                                                                                                                  

 

 

 

Jieroersjoch 2011/2012                                                               

Dit wie it 142ste jier fan ús iisklup en alwer wie it in jier dat wy ride koene. It fiifde jier op rige! Op 1 febrewaris gong de iisbaan iepen en wiy wienen dêrmei op 'e nij ien fan de earsten yn de omkrite. Omrop Fryslân kaam dêrom wer te filmen. Dat is hast tradysje wurden. Op freed 3 febrewaris koenen wy al de skoalleriderij organisearje. It wie roetkâld en der foel aardich wat snie, mar de bern hawwe gelokkich dochs in soad wille hân. Lykas it foarich jier hat it bestjoer de prizen útrikt op skoalle. De útslaggen steane op de side fan Rept U op topentwelonline.nl.


Omdat der op ús baan sok moai iis lei, hienen wy ek noch in algemiene berneriderij en in lederiderij foar jongerein fan 13 o/m 18 jier organisearje wolle. Mar spitigernôch koenen dy beide net trochgean fanwegen te min oanmeldings. De ynteresse yn it riden liket ôf te nimmen. De âlderein gean leaver bûtenút te riden en de jongerein hawwe net safolle nocht mear oan koartebaanwedstriden. Dêr moatte wy miskien wat op fersinne.

Moandeitejûn 6 febrewaris kamen mear as 30 bern fan de "Jeugdclub" fan tsjerke ûnferwacht te riden. Begelieders Jelle van Netten en Franke Wijnia namen spontaan it beslút in wedstriid te hâlden. Dy kaam yn it plak fan de koartebaanwedstriid foar leden fan 18 jier en âlder dy't Rept U ek noch op it programma stean hie. De earste priis (15 euro) fan de 'Jeugdclub'-riderij wie foar Ruurd Atsma, de twadde priis (10 euro) foar Otto Kalma en de tredde priis (5 euro) foar Sjors v.d. Veen.
De offisjele doop fan it Renault 4-ke dat omboud is ta sko- en feiwein is spitigernôch net trochgongen omdat it verhikel net starte woe. Mar it weintsje hat wol syn namme krigen. "Douwe Sim" stiet der mei plakletters op. Letter hawwe de mannen it dochs oan de praat krigen en doe is der noch in prachtige baan op 'e Brekken mei feid. Mar dêrnei gong it mis. It autootsje stiet no yn it hok by Hans Bangma. Der moat noch it ien en oar oan gebeuren.
Op tongersdei 9 febrewaris hawwe wy fan 19.00 oant 20.00 oere riderslessen foar leden fan 12 jier en âlder organisearre. Karmaster Anne Ferwerda en bestjoerslid Jan Booy binne beiden erfaren trainers en sy hawwe oanbean dizze lessen op ús iisbaan te fersoargjen. Twa dagen earder hienen sy ek al les jûn oan in ploechje opteine streeksters. Dat wie sa'n sukses, dat der dus in ferfolch op kaam. It wie beregesellich. Wy moatte dat faker dwaan.
It spande der om oft der in Alvestêdetocht hâlden wurde koe, mar úteinlik is dat krékt net slagge omdat it iis by Balk net goed oangroeie woe. Mar sneon 11 febrewaris wie it skitterend waar, dat kloften minsken hawwe doe harren eigen alvestêdetocht riden. Ut Top en Twel wienen der twa ploegen. De ploech fan Anne de Jager, Fokke Lanting, Germ Atsma, Jeroen Veenema, Wopko Faber en Sjouke Schilstra wie om 6:15 ôfsetten en kaam jûn om 20:30 wer yn it doarp oan. De oare ploech: Douwe de Jager, Gerrit de Jong, Gerrit en Hans Bangma, Jan Booy en Cor (bouwbedriuw) van der Meer, is om 6.30 oere ôfsetten en wie presiis 12 oere letter alwer werom. In knappe tiid! Jelle Visser (Greate Súdein) hat de tocht ek riden. Hy is om 5.20 oere ôfsetten fan de Broeresleat en wie om 19.00 oere werom yn Snits.
De folgjende dei wie it dien mei de winterwille. Op 13 febrewaris koe it Wetterskip wer begjinne te meallen. De winter wie foarby.
MdJ

 

 

 

Jieroersjoch 2010/2011                                                                  

 

Dit wie it 141ste jier fan ús iisklup. Foar de fjirde kear op rige hienen wy in echte winter dêr't yn riden wurde koe. Dat begûn al twa dagen nei ús jierfergadering. It spande der noch om, want fanwegen de ynstallaasje fan de nije ferljochting koe it wetter pas frij let op de baan komme. Op woansdei 30 novimber waard de iisbaan iepensteld. It wie roetkâld, mar it sintsje wie derby en it iis wie prachtich. It bestjoer hat ek fan fier bûten it doarp in protte komplimenten krigen oer de moaie nije ferljochting.

Spitigernôch begûn it in pear dagen te letter te snijen en dêrnei kaam der efkes teiwaar. Mar op 7 desimber gong de baan wer iepen. Op tongersdei 9 desimber hawwe wy in skoalleriderij organisearre. Oant it lêste moment wie it in twifelgefal oft it trochgean koe mar wy ha trochset. De lêste rit wie krekt riden doe't de hurde sniestoarm kaam dêr't se de hiele dei al foar warskôge hienen. Gelokkich hie it bestjoer doe al besletten de priisútrikking net op de kâlde iisbaan mar in dei letter op skoalle te hâlden. Dat is tige goed befallen, dat yn de takomst moat it mar wer sa. De winnaars steane op de Rept U-side fan topentwelonline en op in list yn it klupargyf.

Yn de twadde helte fan desimber koe der ek noch in pear kear riden wurde, sa as bygelyks op twadde krystdei. Mar bûtenút wie it iis net sa betroud. Nei 1 jannewaris begûn it te teien en dêrnei wie it út mei de iiswille.


Op âldjiersdei hat Sim Wittebrood, in monteur út Egmond a/d Hoef en in kunde fan Gerrit de Jong, de motor fan ús âlde Renault-4ke wer ta libben brocht en ús ek noch in reservemotor jûn. Yn de maaitiid is Douwe de Jager yn de loads fan Gerrit Atsma begûn mei seagjen en laskjen om fan it Renault-ke in ferrekt handige feiwein te meitsjen. Unyk is de stevige skower dy't in meardere stannen ferset wurde kin. Kees Hylkema hat op internet in moaie boarstel fûn en tegearre mei Fokko Lanting besiket hy der in hydraulyske betsjinning foar te meitsjen. Hans Bangma hat holpen mei it fervjen en plamueren fan it weintsje, dat no is it hast klear. De stalling is noch efkes in probleem, mar foarearst mei it by Hans yn it hok stean.


Germ Atsma hat yn de maaitiid foar ús goedkeap in partij asfaltpún regele en dêr in laach fan oanbrocht op de homeie, sa dat wy no wer in moai, flak paad hawwe. Hans Bangma hat ús hokje bûtenom ferve tegearre mei Meint Bouwhuis, Douwe de Jager, Theo Hoekstra en Theo Faber. Hulde oan de frijwilligers!

 

Top en Twel binne ek wer flink yn it nijs west mei al dy jonge top-riders fan de Lytse Sudein. Sjoerd de Vries, Rienk en Yvonne Nauta en Paul-Yme en Jasper Brunsmann helle allegear de krante mei medaljes op harren bêste ôfstannen yn ferskate kampioenskippen.


Foar it seizoen 2011/2012 foarsizze de waarmannen alwer in strange en betide winter. De lêste jierren hawwe sy it hieltyd by it rjochte ein hân, dat wa wit. Wy binne der yn elts gefal wer klear foar.

 

MdJ

 

 

                                         

Jieroersjoch 2009/2010                                                 

Dit jier bestiet ús iisklup 140 jier (op 15 oktober om krekt te wêzen) en dat waard yn jannewaris al fierd mei de presintaasje fan ús moaie jubileumboek, dat jim op dizze fergadering wer keapje kinne foar mar 15 euro. It kaam prachtich út dat der krekt rûnom de presintaasje alle dagen iis wie en der omraak riden wurde koe. De Fryske kranten, radio en televyzje hawwe rom oandacht bestege oan it boek en yn it kafee kamen mear as 200 minsken nei de presintaasje. Der koe net ien mear by. Ald-foarsitter Sytse Salverda hat it earste eksimplaar oanbean krigen en waard it sulveren reedsje fan Rept U opspelde.

It bestjoer hat it sa drok hân dit winterskoft datst allinnich al fan it werom lêzen fan al it nijs wurch wurdtst. De winter begûn op 16 desimber mei in berch snie en dat is sa bleaun. De iisbaan hie der bot fan te lijen. (En de feimasjine ek, mar dat is in oar ferhaal….). Alle dagen binne der mannen yn it spier west om de baan beridber te krijen.

Deis foar de kryst koe der in pear oerkes riden wurden en uteinlik is op 1 jannewaris de baan echt iepen gongen. Sawol Omrop Fryslân as it Jeugdjournaal kamen dat te filmjen want wy wienen ien fan de earste yn hiel Nederlân. Dit mei tank oan in grut tal frijwilligers dy’t hieltyd mar wer de baan feid hawwe. Cor van der Meer fan de Noardein hat spesjaal foar dizze minsken in miniatuur snieskowerke makke as oantinken. Op ‘e baan en yn de kantine wie it alle dagen drok, benammen omdat it troch al dy snie net betroud wie om bûtenút te riden. It seizoen einige pas op 18 febrewaris mei in grut stamppotbuffet yn de kantine, as tankewol foar alle frijwilligers dy’t dy opkreast hawwe. Deis dêrnei sette it teiwaar yn.

Der tuskenyn is der hiel wat bard. Op 7 jannewaris wie der skoalleriderij foar alle 168 learlingen fan It Harspit. De winnaars steane op de Rept U-side fan topentwelonline en op in lijst yn it klupargyf. It wie skitterend waar. Twa dagen letter hawwe wy in Estafetteriderij foar leden organisearre. Mei 30 dielnimmers wie dat ek in grut sukses. Op de dei fan de boekpresintaasje en de offisjele fiering fan it 140-jierrich bestean wie der âlderwetsk pjukslydzjen op ‘e iisbaan. It reinde flink mar dochs hawwe mear as 50 dielnimmers, jong en âld, in geweldich soad wille hân. De pjuksliden hawwe wy te lien krigen fan iisklup Hylpen. Fierders hawwe wy noch in lederiderij útskreaun, mar dy koe op it lêste momint net trochgean fanwegen teiwaar. Iisklup De IJsster út Snits hat de Gurbe van Brug Marathon hâlden op ús baan en inkelde Rept U-leden dienen dêr ek oan mei.

Op 27 jannewaris wie der foar alle bern yn it doarp in Alvestêdetocht op ‘e iisbaan, kompleet mei it brechje fan Bartlehiem. It wie roetkâld mar mear as hûndert bern hawwe hjiroan meidien en sy hawwe allegear in moaie oarkonde as oantinken krigen.

Dêrnei binne frijwilligers begûn mei it op ‘e nij fervjen fan de kantine en binne der houten stuollen en taffeltjes kocht. It sjocht der no superkreas út! Mar dêrmei wie it wurk nóch net dien. Fan ‘t simmer hat de Oranjeferiening de nije ljochtmêsten by de ynrit delsetten en yn oktober is der troch de mannen fan it Rept U-bestjoer en tal fan frijwilligers hurd wurke oan de ynstallaasje fan de nije ferljochting op ‘e baan. Twa wiken lyn binne de âlde, ferruste peallen derút helle en de trije hege ljochtmêsten te plak set. Wy hawwe no in prachtige baan. Dat - lit de winter mar komme!
MdJ

 

Jieroersjoch 2008/2009                                                

Yn it 139-jierrige bestean fan ‘Rept U’ wie it seizoen 2008/2009 ien fan de drokste. De winter begûn foar ús op 12 en 13 desimber doe’t wy in eigen ‘tintsje’ hienen op ’e krystmerk fan Top en Twel. It ferkeapjen fan poeiermolke en brea mei greauwen hat aardich wat opsmiten.
Op tiisdei 30 desimber gong de middeis de iisbaan iepen en âldjiersdei koenen wy al in berneriderij organisearje. Achtentweintich bern dienen mei. By de jonges o/m 10 jier wûn Sjors van der Veen; fan de 11- en 12-jierrigen wie Sander Blum de rapste. By de famkes o/m 8 jier wûn Anna Cnossen, by de 9 en 10-jierrigen wie dat Astrida Soeten en by 11 en 12 jier wûn Merel Brunsmann it krekt fan Rixt van der Veen.
Nijjiersdei teide it. De iisbaan wie ticht, mar op de fiver fan it Broeresleatplan wie der piksjitten en hat Marten van der Veen sr. de jongerein de spulregels útlein. In dei letter koe de iisbaan alwer iepen en hat iisklup De IJsster út Snits by ús koartebaanwedstriden foar har junioaren hâlden omdat harren eigen baan te min wie.
Op 6 jannewaris hawwe wy in grutte skoalriderij organisearre: 160 dielnimmers en prachtich moai waar: in boppeslach. De winnaars by de famkes fan groep 1 o/m 8 wienen: Yke Feenstra, Isa Bootsma, Floor van Diepen, Jannie Brouwer, Anna Cnossen, Pascalle Bootsma, Astrida Soeten, Merel Brunsmann. By de jonges: Fetze Reitsma, Ypke Veldhuis, Max v.d. Brug, Kevin Kroes, Martijn Bekking, Jasper Brunsmann, Mark Bartels, Rouke Bangma.
Op 8 jannewaris hienen wy in gesellige lederiderij mei hast 30 dielnimmers yn alle leeftiden. By de famkes wûn Nelly Postma, by de jonges Niels de Boer en by de mannen Jelle de Jager. Dy middei hawwe wy ek noch reedrydlessen jûn oan de skoalbern fan de groepen 6 o/m 8.
Hichtepunt fan dizze winter wie fansels de spekriderij op sneon 10 jannewaris. Blauwe loft, sinne en 22 manlju en froulju yn âlderwetsk ûnderguod, op sokken en op houtsjes. Jelle de Jager en Germ Atsma wienen wer sa oan inoar weage dat sy presys tagelyk oer de streek kamen. De finalerit hat Jelle wûn. In slachter dy’t syn eigen spek wint – it koe net moaier foar de sjoernalisten dy’t derby wienen. De Ljouwerter kaam de oare deis mei in grutte foto fan Jelle op de foarside en Omrop Fryslân bestege sawol yn it nijs as yn it programma Hea oandacht oan ús spekriderij. Kompliminten krigen wy û.o. fan de Snitser stêdsdichter Henk van der Veer.
It wie in hiel soad wurk om alle dagen de iisbaan en de kantine iepen te hâlden en al dizze aktiviteiten te organisearjen, mar gelokkich hawwe wy fantastyske hulp krigen fan in protte frijwilligers. Tige tank derfoar! Bliid binne wy ek mei de nije snieskowers dêr’t Geert Jan Douma it aluminium foar jûn hat en dy’t makke binne troch Durk Overwijk, Herman Epema, Douwe de Jager en Gerrit de Jong. In applaus foar de frijwilligers en foar dizze mannen is wol fertsjinne.
Yn maart wie it feest. Yvonne Nauta hie by de Junioaren de World Cup wûn op de 3000 meter en by de ploegenefterfolging, en sulver op it WK Allround. Foar dy geweldige prestaasjes hat sy fan Rept U it Sulveren Reedsje krigen en waard sy troch Doarpsbelang Top en Twel en de gemeente Wymbritseradiel huldige yn It Harspit.
Ek nei de winter hat it bestjoer warber west. De finansiering fan de nije ferljochting wie ommers noch net rûn. Yn april hat Rept U dêrom de rommelmerk organisearre, op ’e nij mei hulp fan hiel wat frijwilligers. In allemachtich soad guod is ophelle en ferkocht. Dat brocht jild yn it laat en boppedat krigen wy moaie bydragen fan Doarpsbelang, Wenningkorporaasje Welkom, Stichting Vrienden van het Groene Kruis en de Oranjeferiening. De ljochtmêsten binne wilens oanskaft en wy woenen yn oktober los mar doe kaam de gemeente ynienen mei de eask dat der in boufergunning en sels frijstelling fan it bestimmingsplan oanfrege wurde moast. Dêr hienen de hearen foarich jier efkes net oan tocht.... Hawar, alle papieren binne wer ynfolle en opstjoerd dat no mar hoopje dat alles goed komt. Wy binne yn alle gefallen ree om yn ’e maaitiid mei it wurk te begjinnen sadat alles noch foar de Doarpsfeesten klear is.
Ta beslút: it boek oer de skiednis fan Rept U is klear en leit op it stuit by de printers. It is in prachtich neislachwurk wurden mei 17 haadstikken, 128 siden en hast 150 foto’s. Op dizze ledegearkomste fertelle wy der mear oer en kinne jo alfêst ien of mear eksimplaren reservearje. De offisjele presentaasje fan it boek is op snein 17 jannewaris, hjir yn it kafee. As wy dat dan ek noch kombinearje kinne mei in pear moaie riderijen, bliuwt der hast neat mear te winskjen oer!

MdJ

 

 

 

 

Jieroersjoch 2007/2008                                              

Omdat it kafee foarich jier hieltyd fierder fersutere spande it der efkes om, mar úteinlik koene wy ús ledegearkomste hjir gelokkich dochs wer hâlde, sa as wy dat no al 138 jier wend binne.
Yn it bestjoer is Germ Atsma yn it plak kommen fan Jantje de Kort, dy’t om reden fan syn sûnens opstapte. Ane Ferwerda hat Germ’s plak as karmaster oernommen.

 

Sa as ús sprekker Hedman Bijlsma op de ledegearkomste fan 26 novimber al foarsein hie, krige wy al hiel gau winter, mar spitigernôch hat dy mar hiel koart duorre. Op 18 desimber begûn it te ripen. Twa dagen letter waard der al riden op ‘e Simmerkrite, al wie dat einliks net betroud. Op freed 21 desimber wie it iis op ús baan noch altyd te tin om kloften minsken te hâlden en dêrom hawwe wy doe allinnich skoalbern talitten. Krekt op dat stuit kaam der in kameraploech fan Omrop Fryslân lâns. Sy hawwe opnamen fan de riderij makke, dy’t deselde jûn noch útsjoerd binne. Op sneon 22 desimber wie de baan foar elkenien iepen en hawwe wy in geweldich moaie winterdei hân. De hege omset fan ‘e tent en de goed rinnende kaartferkeap oan net-leden wiene moaie ynstruiers foar de klupkas. Sneintemoarns teide it alwer flink, mar de baan is dochs noch in pear oer iepen west.

In oare foarsizzing op ‘e ledegearkomste is ek daliks útkommen. Ald-foarsitter Joop Rypkema sei yn de omfraach dat de ljochtmêsten sa ferrot wiene dat sy sa mar omwaaie koene. Tsien dagen letter wie it al safier: ien peal lei om. Der moat dus nije ferljochting komme. Fan de gemeente Snits koene wy de âlde ljochtmêsten fan de A7 foar de âldizerpriis keapje. Mar der moatte noch wol djoere armatueren yn en der is nije bekabeling en soks nedich. It liket better om offisjele sportferljochting oan te skaffen, dat wol sizze: trije hege mêsten mei elk fjouwer sterke lampen. Mar dat is al mei al in ynvestearring fan rûchwei 25.000 oant 30.000 euro, dy’t wy net betelje kinne. Dêrom hat it bestjoer alles yn it wurk steld om subsydzje te krijen en dat is úteinlik slagge. De gemeente Wymbritseradiel sil de helte fan de kosten op har nimme. Fantastysk nijs, foaral omdat ús klub noch noait earder in sint subsydzje krigen hat. Foar it restant sil it besjoer by ferskate stiftings oanklopje.

De problemen mei de fersakke riolearring binne ek oplost, mei stipe fan, en tank oan, de firma’s Atsma, Efko en Landustrie. Fokke Reitsma hat ús geweldich holpen troch de perspomp yn de put te pleatsen en oan te sluten. Omdat de fersakking diels op gemeentegrûn leit, hat Iepenbiere Wurken der úteinlik mei ynstimd de helte fan de offisjele kosten te beteljen. Dat is hast 1200 euro.

Mar it moaiste is dochs wol de pleatsing fan ús moaie tagongshikke, dat ûntworpen en makke is troch Wolter Overwijk oan de hân fan in earste tekening fan Tjitte Bouwhuis en Ane de Jong. Op 2 july is de hikke, mei dêryn twa stilearde redens, op syn plak kommen.

It boek oer de skiednis fan Rept U is hast klear. Frijwol alle haadstikken binne skreaun en wurde op it stuit neisjoen. No moatte de yllustraasjes noch útsocht wurde en dan kinne we mei de printer prate. Hooplik leit it boek der dan begjin folgjend jier. Dat wurdt mei mooglik makke troch in grut tal sponsors, dy’t we tige tankber binne foar harren stipe.

Ta beslút: Sjoerd de Vries en Yvonne Nauta hawwe ek dit jier de namme fan ús doarpen wer heech holden mei goede resultaten op nasjonale en ynternasjonale hurdriderijen. Yvonne wûn bygelyks de lânnenwedstriid foar junioaren yn it East-Dútske Chemnitz en is dit jier opnommen yn de ‘Jong Oranje’-seleksje. Al mei al in jier dêr’t we grutsk op wêze kinne. Wat it nije jier bringe sil, moatte wy mar wer ôfwachtsje. Der wurdt sein dat it net allinnich frieze sil, mar dat wy sels wer in âlderwetske Alvestêdewinter krije! Hoe’t it ek komt, wy binne der klear foar.

MdJ

 

 

 

 

 

Jieroersjoch 2006/2007                                                                      

 

Dit is it 137ste jier fan ús Iisklup “Rept U”.
It bestjoer is it ôfrûne jier net feroare. Foarsitter is Cor van der Meer, skriuwer is Marcella de Jong, skathâlder is Nienke van der Veen, leden binne Ate Douma, Jan Booy, Jelle de Jager en Jantje de Kort. Wy hawwe ek noch deselde karmasters. Dat binne: Age Bouwhuis, Bertus Pelsma, Ruurd Atsma, Frans Groenveld, Gosse Douma, Theo Faber, Germ M. Atsma.

Op 24 febrewaris 2007 is ús âld foarsitter Tjitte Folkertsma ferstoarn. Hy is tige wichtich west foar ús iisklup dat wy sille him misse.

Spitigernôch wie der gjin iis yn de winter fan 2006/2007. Sels de alternative alvestêdentocht op de Weissensee koe net troch gean om’t it iis net sterk genôch wie. Allinne op 23 en 24 jannewaris hat it twa nachten in bytsje ferzen en lei der de moarns in flueske iis op ‘e baan mar oerdeis teide dat wer gau fuort. Dochs hawwe ús iisklup en de riders út Top en Twel wol fan harren hearre litten!

Yn Haaksbergen is op 25 jannewaris de earste maraton op natueriis riden. Jelle Johan Hoomans hat dêroan meidien en behelle in 22ste plak. Begjin febrewaris hawwe Yvonne Nauta en har broer Rien geweldich riden op it NK foar Junioaren. Mar de absolute topper wie Sjoerd de Vries, dy’t winnaar waard op de 500, 1500 en 3000 meter en tredde op de 5000. Wy hawwe Sjoerd, dy’t riden leard hat op ús iisbaan, blommen en lokwinsken stjoerd. In pear wiken letter wie it noch grutter feest want doe waard Sjoerd wrâldkampioen! Op ‘e nij blommen en lokwinsken fan Rept U, en syn buertgenoaten hienen de dyk mei flaggen fersierd. Op 4 maart behelle Sjoerd ek nochris it earste plak op it NK Sprint foar Junioaren. Boppedat behelle hy in tredde plak op de 500 meter fan it NK Allround wêrmei hy njonken de nasjonale kanonnen Wennemars en Tuitert op it earepodium belânne. Al mei al bysûnder genôch om Sjoerd offisjeel te huldigjen. Op 23 maart hawwe wy dat tegearre mei Doarpsbelang organisearre. Foarsitter Cor hie regele dat de ferneamde Hessel Bouma kaam mei syn belslide en in prachtich Frysk hinder. Mei boargemaster Reitsma foarop gong it yn optocht fan it Lytse Súdein nei it Harspit, dêr’t Sjoerd fan Rept U it tradisjonele Sulveren Reedsje, dat al hast fiifentweinitch jier net mear útrikt wie, opspelde krige. It bestjoer hat wilens tsien fan dizze reedsjes bymeitsje litten.

Tjitte, Ane en Marcella binne op besite west by Wiebe Wijnja en hawwe der in soad materiaal meikrigen foar it iisklupboek dat wy meitsje soenen. Wy hawwe moaie anekdotes fersammele út alle âlde notulenboeken en der binne ek nijsgjirrige ferhalen optekene fan bygelyks Sip Walsweer en Marten Atsma. Fan in oantal minsken yn it doarp hawwe wy âlde foto’s krigen. Mar dat is noch net genôch om der in boek fan te meitsjen en dizze kommisje fan trije tige drokke minsken is eins te lyts om al it wurk te dwaan. Mei oare wurden: der binne mear minsken nedich om dit projekt fan ‘e grûn te krijen. Gelokkich hat Rimmer de Jong niis syn hulp oanbean.

De kantine hat begjin dit jier ûnder wetter stien om’t de riolering fersakke is en dêrtroch ferstoppe rakket. Wy hawwe dit probleem besprutsen mei de Oranjeferiening. In perspomp der tusken sette, is wierskynlik de oplossing. Der wurdt oan wurke.
De kantine is foarich jier op ‘e nij ferve en Tjitte hat dit jier it boardsje fan Rept U noch ûnder hânnen nommen. No moatte allinne de lantearnepeallen noch opknapt wurde, en dan sjocht alles der wer kreas út. Dat is mar goed ek, want der wurdt riderij yn desimber foarsein. En no mar hoopje dat dy foarsizzing ris útkomme sil!

MdJ

 

Jieroersjoch 2005/2006                                                 

 

Dit is it 136ste jier fan ús Iisklup “Rept U”. Yn it bestjoer is der it ien en oar feroare. Ane de Jong is ôftreden en Jelle de Jager is der as nij bestjoerslid ynkommen. Marcella de Jong is frege it skriuwerswurk fan Ane oer te nimmen.
It bestjoer sjocht der no sa út:
Foarsitter: Cor van der Meer
Skriuwer: Marcella de Jong
Skathâlder: Nienke van der Veen
Lid: Ate Douma, Jan Booy, Jelle de Jager, Jantje de Kort
By de karmasters is der neat feroare. Dat binne noch altyd:
Age Bouwhuis, Bertus Pelsma, Ruurd Atsma, Frans Groenveld, Gosse Douma, Theo Faber, Germ M. Atsma.
Op de foarige ledegearkomste fan 28 novimber 2005 hie gastsprekker Pyt Paulusma ús tasein dat wy om mids febrewaris 2006 hinne in pear dagen ride kinne soene en dat hy dan syn waarpraatsje fan ús iisbaan ôf hâlde soe. Dy foarsizzing is aardich útkommen. Tongersdei 26 jannewaris begûn it súntsjes te friezen, de freeds sette it ridlik troch en sneon 28 jannewaris koe Cor om 11 oere de iisbaan iepenje. It wie al gau in drokte fan belang dat Nienke moast wit hoe faak nei de winkel om ekstra poeiermolke, koeke en snobberij te heljen. Dyselde jûns wie der tafallich ek in Winterfeest yn It Harspit mei in revu en in grut potiten-buffet. Pyt Paulusma wie al frege oft hy dêr syn praatsje hâlde woe mar gelokkich koe hy dat prima kombinearje mei syn tasizzing om by ús te kommen as der iis wie. De útstjoering kaam dy deis dus fan sawol It Harspit as fan ús iisbaan en de baan is dy jûns oant tsien oere ta iepen bleaun. Snein 29 jannewaris gong de baan moarns om 11 oere wer iepen mar it teide doe al gefaarlik. Om healwei trijen wie it iis wier net mear fertroud en hawwe wy de baan slute moatten. Tjitte hie noch in list makke foar in mooglike berneriderij op moandei, mar safier is it spitigernôch dus net kommen.
Ane, Tjitte en Marcella binne dwaande mei it gearstallen fan in boek oer ús iisklup en de winters yn ús doarpen sûnt 1870. Ids Kuindersma wol sa’n boek wol útjaan. Hooplik kinne wy dat takom jier oan jim presintearje.
Fan’t simmer is de kantine ferve troch Bouke de Jong, Tjitte Bouwhuis, Cor v.d. Meer en Ane Visser. Boppedat hat Hans Bangma de tegels skjinspuite, dat alles sjocht der no wer kreas út. De ljochtmêsten en –bakken sille takom jier ferve en skjinmakke wurde. Der sitte no ek kapkes op ’e homeiepeallen (tank oan Gerrit Atsma) en Tjitte Bouwhuis en Ane de Jong hawwe in ûntwerp makke foar moaie izeren draaihikken dy’t der takom jier hooplik ek komme sille.
Wy hawwe der koartsein alles oan dien om de waargoaden geunstich te stimmen, dat litte hja ús no mar wer ris ferrasse mei in moaie winter en sterk iis!

Marcella de Jong

 

 

 

 

 

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Agenda
do 14 december 2017 Soos 'Bliuw Warber'
za 16 december 2017 Jingle Bell yn Top & Twel
zo 17 december 2017 Krystkonsert E&E Brass
wo 20 december 2017 Top en Twelster kerstfeest
za 23 december 2017 Kerstfeest voor Top en Twel
za 6 januari 2018 Oud Papier

Uitgelicht
Opelgarage Deinum
Opelgarage Deinum
Slagerij de Jager
Slagerij de Jager
Realisatie TTT software