Zoeken:
Sitemap Favorieten

Wize: It Heitelân

Tusken mar en wide Brekken
Yn it âlde Fryske Gea
Lizze doarpkes fan myn dreamen
Toppenhuzen, Twellegea
Dêr't men fier it fjild oereaget
Mei it wetter yn it rûn
Dêr't de âlde feart noch weaget
Op dat stikje dier'bre grûn

Minsken teagen nei de fierte
Heiten, memmen en har bern
Kinne nea it doarp ferjitte
En kom' gau dan wer ris sjen
Op 'e Noardein of de Súdein
Nearne wen' hja lyk as ús
Mar hja bliuwe altyd Streeksters
Dit is altyd harren thús

Och hoe faak hat Piter Skouman
Oer de Brêgesleat my set
Op dat wûnder moaie plakje
Dat bliuwt altyd yn myn hert
En in eintsje dêr fansiden
Stiet it âlde molkfabryk
Boud op grûn fan in boerinne
Want dy wie untychlik ryk

Tink ik oan de griene fjilden
Boeren binne yn it spier
'k Sjoch de âlde tram noch riden
Wat joech dat in grut fertier
Mar no bin' der nije diken
Hastich is no elkenien
En hja ride en hja fleane
Mei de rêst is 't no wol dien.

Sjirk Wijbenga

 

Shantykoor De Top & Twel Sjongers zongen het volkslied op hun videoclip:

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
za 7 november 2020 Oud Papier
do 19 november 2020 Passage ledenavond
za 5 december 2020 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

------------------------------

Projecten

Werkgroep A7

- Top & Twel Duurzaam

- Top&Twel, Yn Beweging

- Brug Uitwellingerga

Uitgelicht
Sjaerdawei Súd

Top en Twel in 't kort
Realisatie TTT software