Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


Oernommen út it jannewarisnûmer fan "De Twilling":

 

En doe waard it kryst......

Trije kear spylje foar in folle seal is moai fansels, mar it wie fier yn’t foar al bekend dat soks barre soe. Tige tûk om de minsken de tagongsbewizen ophelje te litten en der sa foar te soargjen dat de belangstelling oer de trije jûnen spraad waard. Want wat ha jo deroan om de iene kear minsken fuortstjoere te moatten en de oare kear foar, sis mar 50 lju te spyljen. Op dizze wize hawwe alle 600 rom sitte kind, wie der yn’t skoft rom tiid foar in drankje en nei ôfrin rom plak foar it neipetear.
Seishûndert dy’t der op tidigen dat de “Krystmusical” tige de muoite wurdich wurde soe.”Ja, mar it wie fergees”, sille guon no sizze. Dan sis ik; “dat is wier, mar at jo der gjin fidúsje yn hawwe dan geane jo lykwols net”. Ik leau dat net ien teloarsteld út it Harspit wei nei hûs gien is. Alteast haw ik allinne mar positive lûden heard en dêr slút ik my fan herte by oan.
Yn it foarste plak al it ynisjatyf om soks op poaten te setten is in grut komplimint wurdich, want der komt wat by te sjen, dat sis ik jim. Fan de spyldersploech in ienheid meitsje sadat de iene de oare net op sleeptou nimme hoecht. Al dy moaie fynsten, yn sawol de oanklaaing as de tekst, betinke en útfiere. De rippetysjes dêr’t nimmen de kont foar wei wynde. It plan meitsje foar de beljochting en foar it lûd. It dekôr, wêr’t oan de útfiering ta noch mei ompielt wurde moast foar optimaal risseltaat. De prachtige gearwurking tusken jong en âld. De gearwurking tusken “Euphonia” en “Fordivedaesje”. Al dizze saken wize der wol op dat it oer it fuotljocht bringen fan in Top en Twelster produksje gâns fuotten yn’e ierde hat.
It risseltaat koe besjen lije. It entûsjasme fonke derôf en it rûn as in trein, want de tekst siet der goed yn.
In resinsje skriuwe oer dizze skitterjende foarstelling kin ik net. Ik stean der fierstente ticht by en boppedat haw ik dêr net genôch ferstân fan. Ien ding wol ik der noch al fan sizze; elkenien dy’t oan dit barren in bijdrage levere hat, lyts of grut, dy kin der mar goed grutsk op wêze. It hat gjin inkeld doel om nammen te neamen, want elk stie mei likefolle ynset foar syn of har wurk. No toe dan mar....., trije nammen. Foar “Fordivedaesje” en “Euphonia” in dielde twadde plak, mar foar Geartsje de haadpriis. Sy hat it betocht, sy hat it skreaun en sy hat it regissearre. Gean der mar oan stean.

T.B.

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Agenda
wo 22 november 2017 Gemeenteraadsverkiezingen
vr 24 november 2017 E&E Brass: Banketstavenactie
za 25 november 2017 Repaircafé Schuurverkoop TOP'63 1 - Oeverzwaluwen 1 Sinterklaasfeest

Gemeenteraads-verkiezingen:

22 november 2017

 

 

Stemwijzer

----------------------------

 

Uitgelicht
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Folksliet Top en Twel
Realisatie TTT software