Zoeken:
Sitemap Favorieten
LIDMAATSKIP  

Iisclub "Rept U"
Foarsitter: Cor v.d. Meer 
Tsjerkebuorren 55
8625 HB Oppenhuizen
Telefoan: 0515-559 511


 

Lidmaatskip

De jierlikse kontribúsje is foar it earst yn jierren ferhege. Fanôf dit seizoen, 2011/2012, is it 7.50 euro foar in gesin (mei bern ûnder 16 jier) en 5 euro foar ien persoan. Foar dat jild kinne jo in hiel seizoen, alle dagen dat der iis is, ride op ús baan. Boppedat stipe jo dermei in âlde klup en in wichtige tradysje.
Wa't noch gjin lid is en dat wurde wol: jo kinne jo opjaan by Neeltsje Dragt: tel. 559 879 of troch in mailtsje te stjoeren nei: reptu@topentwelonline.nl

 

Deikaart

Wa't gjin lid is kin foar € 3.00 per persoan in deikaart keapje foar de iisbaan. Foar bern o/m 16 jier kostet in deikaart 1 euro.  

 

Histoarje

Iisclub "Rept U" is yn 1870 oprjochte yn de kroech fan Twellegea. De earste baan fan de klup wie op it plak lâns de Brêgesleat dêr't no it Grachtenplan leit. Doe't dy huzen der boud waarden is de baan ferhuze nei de Eastwei. Mar op dat plak woe letter hotel "Hart van Friesland" graach syn haven útwreidzje, dat we binne yn de njoggentiger jierren fan de foarige ieuwe wêr ferhuze en wol nei it prachtich plak dat we no hawwe: tusken de Nije Dyk en de Sjaerdawei en deun lâns de Forbiningswei, dy't de haadtagong fan ús doarpen foarmet. In pear jier lyn is der troch frijwilligers in kreaze kantine boud. Yn 2010 is der profesjonele sportferljochting op de baan kommen.

 

 

 

 

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
wo 25 september 2019 Informatieavond Glasvezel
za 28 september 2019 TOP'63 - AVC
za 5 oktober 2019 TOP'63 - Sc Bolsward Pubquiz: Back to the 90's
zo 6 oktober 2019 Open Deur-dienst
za 12 oktober 2019 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

 

- Oever- en Kadenproject

Uitgelicht
Slagerij de Jager
Slagerij de Jager
Schraa Assurantiën

Realisatie TTT software