Zoeken:
Sitemap Favorieten
IJsclub Rept U  

Iisklup "Rept U"
Lokaasje: tusken Nije Dyk en Sjaerdawei

Foarsitter: Cor v.d. Meer
Tsjerkebuorren 10
8625 HC Oppenhuizen
Telefoan: 0515-559 511

Email: reptu@topentwelonline.nl


FOTO-ALBUM FAN IT PIKSJITTEN

 

 

Piksjitte yn Toppenhuzen/Twellegea

As it wintert, wurdt der yn Top en Twel piksketten. En dêr net allinnich, der binne mear doarpen hjir yn 'e omkriten dêr’t it dien wurdt, sa as De Hommerts, Jutryp, Earnewâld en Sleat. Yn Sleat spylje se net mei in piksjithout mar mei stiennen. Winters op it iis en simmers op it lân. Der binne fêst noch wol mear plakken dêr’t se piksjitte.

Der is al faker skreaun oer piksjitte en sa'n tolve jier werom is de winsk utere om de spulrigels ris op papier te setten. Troch mûnlinge oerlevering is de kâns grut dat der bepaalde saken út it spul ferdwine. Dat soe tige spitich wêze en dêrom is it in goede saak dat alles no op papier stiet. Dan kin elkenien it spul op'e selde wize spylje en hoege der gjin misferstannen te
ûntstean.

Wy hawwe yn 'e ôfrûne tiid wat speurwurk ferrjochte. Troch neifreegjen en op papier it spul hieltyd wer te spyljen hawwe wy besocht alles sa dúdlik mooglik te formulearjen.
Der is ek alris frege om in piksjitkampioenskip te organisearjen. Hjir moast fansels in wedstriidreglemint foar komme. Dat foel net ta. Mar it is klear kommen en wy hoopje dat hjir yn 'e praktyk mei te wurkjen is. Miskien dat der dizze winter noch in piksjitkampioenskip organisearre wurde kin, wêr’t dan it wedstriidreglemint foar it earst tapast wurde kin. Wij hawwe hjirfoar in wikselpriis beskikber stelt, de “teiwaartrofee”.
Troch hjirby de spulrigels en it wedstriidreglemint ôf te drukken, tinke wy dat elkenien it spul no op 'e selde wize spylje kin, en as it sa fier is, goed tared op it kampioenskip ferskine kin.

Wat is piksjitte?

Piksjitte is in spultsje wat men docht op it iis. Meastentiids by teiwaar. Mei dit spul brochten winters ûnder oaren skippers, boere-arbeiders en wurkleazen harren tiid troch. Guon dy't it goed koenen hienen sa de mooglikheid om in pear sinten te fertsjinjen.

By piksjitten brûkt men in pik en in piksjithout. Fierder hat men sinten nedich om yn te setten. In pik is in plankje fan ûngefear 25 sintimeter lang, 7 sintimeter heech en 2 sintimeter breed. Elke spiler hat in piksjithout. Dat is in rûn stik pokhout mei yn 'e midden in gat wat opfold is mei lead. De trochsneed fan sa'n piksjithout is sa'n 10 sintimeter en hat in dikte fan sa'n 23 millimeter.

In piksjithout weaget sa'n 400 gram. Der wurdt ek spile mei keunststof “piksjithouten”. Eartiids brûkte men in skiif út in katrol. (Tink hjirby oan de skippers). Der kinne op syn meast sa'n 10 minsken (spilers) oan meidwaan. Oars wurdt it ûnoersichtlik.


De tarieding

Der wurdt in miet (begjinstreep) lutsen dêr’t elke spiler syn earste goai weidocht. De miet is sa'n 25 meter lang. Op ûngefear 30, 35 meter fan de miet ôf wurdt de pik op it iis delset mei de lingterjochting nei de miet. De pik stiet yn in fjouwerkant fan 70 sintimeter. Dat fjouwerkant wurdt as in smel geultsje yn it iis hakt.
Op de pik wurdt foardat it spul begjint troch elke spiler in sint dellein. De sint leit mei it muntteken nei boppen.
By it earste spul wurdt de folchoarder fan goaien fan de spilers fêststeld troch oanbosjen. Dat wol sizze: men leit in foarwerp op it iis op sa'n 15 meter fan 'e miet. Alle spilers goaie hjirop. Wa’t it tichtst by goait mei begjinne. Wa’t dan it tichtst byleit mei as twadde en sa fierder.

Hoe wurdt it spul spile?

De earste spiler besiket no de pik mei de sinten te reitsjen sadat dy omfalt en de sinten op it iis falle. Slagget him dat en binne in oantal sinten krús, dat wol sizze dat se mei it muntteken op it iis lizze en de kop nei boppen, dan binne dy sinten foar him.

Wannear't troch it omgoaien fan 'e pik der sinten weireitsje dan binne dy foar rekken fan de spiler dy't de pik rekke. De spiler moat it tal sinten wat fuortrekke is bylizze. Troch opgoaien fan dizze sinten wurdt bepaald oft se krús of munt wienen. Dat jildt ek foar sinten dy't op 'e pik fêstkleefd bleaun binne. Dy wurde mei de pik opgoaid.
Hjirnei mei hy noch in kear goaie. Hy goait syn piksjithout op in foar him sa geunstich mooglik plak. Mei it goaien fan it piksjithout mei men net in stap oannimme, mar moat men de foet mei de tean tsjin it hout oan sette. Goait de earste man fan de miet ôf de pik om en alle sinten binne krús, dan wurdt it piksjithout fan dy spiler op 'e pik lein en is de twadde man oan bar. Rekket dy de pik dan geane de sinten nei dizze spiler en komt dizze syn hout op 'e pik te lizzen en sa fierder. Sa hat eltse spiler ien kear in kâns om dat spul te winnen.
No is de twadde spiler oan bar. Dy hat 3 mooglikheden. Hy besiket óf de pik te reitsjen, óf it piksjithout fan de earste man, óf hy goait syn hout op in sa geunstich mooglik plak. Goait hy de earste man derút dan binne de sinten dy't dy earste man wûn hie foar de twadde man. Dyjinge dy't der as earste útrekket mei as earste goaie yn it folgjende spul. Alle spilers goaie om bar, óf op de pik, óf op it piksjithout fan de oare spilers. Rekket men de pik of in piksjithout fan in oar dan mei men noch in kear goaie. Hjirby jildt wol dat men mar ien kear efterinoar op 'e pik goaie mei. As in hout yn it fjouwerkant om de pik hinne lizzen bliuwt, dan mei de spiler by syn folgjende beurt de pik rûntsje. Dat wol sizze: hy mei de pik sa delsette dat it mooglik is om de pik sa te reitsjen dat de kâns op it krúsreitsjen fan in sint it grutst is. De spiler fergruttet hjirtroch syn kâns om yn ien beurt in oar syn hout te reitsjen want as de sint krús is mei hy noch in kear goaie. Wurdt de pik en in hout yn 'e selde goai troch in spiler rekke, dan moat de spiler foardat er wit hoe’t de sinten lizze kieze: pik of hout.
As alle spilers goaid hawwe mar de pik is noch net ien kear om west, dan meie de spilers dy't der útgoaid binne op 'e nij opsette. Dat betsjut dat sy wer in sint op de pik lizze en op 'e nij goaie meie. Se slute dan wer efteroan. Op 'e pik lizze dan mear sinten as dat der spilers binne. (Yn wedstriidferbân wurdt dit net dien.) As alle spilers ien kear goaid hawwe, dan is de earste man wer oan bar. Is dy der útgoaid dan giet de beurt nei de twadde, tredde en sa fierder.

As de lêste sint fan de pik krús falt dan hat dy spiler noch ien kear slach op ien fan de spilers dy't ek sinten hat. Fansels dyjinge dy't de measte sinten yn dit spul krús slein hat of wûn hat troch oare spilers der út te goaien. Mist hy, dan is it spul út en hâldt elk de sinten dy't er wûn hat. Rekket er it piksjithout dan binne de sinten dy't dy spiler yn dat spul wûn hat foar him en is it spul ek út.

Hjirnei kin it spul wer op 'e nij begjinne troch it opsetten fan nije sinten op de pik en yn folchoarder fan útgoaien, wa’t it earst útgoaid wie mei earst, wer op 'e nij fan de miet óf goaie.

Toppenhuzen/Twellingea jannewaris 1992
De gearstallers,
Ate Dijkstra, Marten D. v.d. Veen, Yme Pieksma, Jan Soeten.

 

Piksjit Wedstriidreglemint

1 . Elke ploech bestiet út sa'n 8 spilers. It krekte oantal hinget ôf fan it oantal dielnimmers. De wedstriidlieding beslist hjiroer.

2. By elke ploech is tafersjoch fan op syn minst 2 kommisjeleden.

3. De dielnimmers wurde ynskreaun op folchoarder fan oanmelding. Elk kriget hjirby in nûmer. Oan 'e hân hjirfan wurde de groepen fêststeld. Der wurdt net wiksele fan groep.

4. Foar it earste spul wurdt de folchoarder fan goaien bepaald troch lotsjen. Foar de folgjende spullen jilde de gewoane rigels.

5. Nei in tal troch de wedstriidkommisje fêst te stellen spullen, telle de kommisjeleden it tal sinten dat elke spiler wûn hat. De spilers dy't de measte sinten fan harren ploech wûn ha, geane nei de finale. It hinget fan it tal dielnimmers ôf hoefolle oft dit de ploech binne. De wedstriidlieding makket foar it begjin fan de wedstriid har beslút hjiroer bekend. In mooglikheid kin wêze: bestiet de groep út 8 of mear spilers dan geane der 3 oer. By minder as 8 spilers 2.

6. Wannear’t der yn in spul noch twa spilers oerbliuwe, moatte de spilers óf op it hout, óf op de pik goaie. Dit om fuortkrûpen foar te kommen wêrtroch it spul te lang duorje soe.

7. Bliuwe der twa spilers oer dan hat de wedstriidkommisje it foech in wedstriid ôf te brekken as der noch mar ien sint opleit en de wedstriid te lang driget te duorjen. De wedstriid wurdt beslist troch it opgoaien fan dy sint en de spilers kieze te litten tusken krús en munt.

8. Binne der 2 of mear spilers yn 1 ploech dy't yn 'e foarronde eindigen mei itselde tal sinten, dan goaie dy op 'e pik dy't yn dit gefal dwers setten wurdt. It tal sinten dat krús slein wurdt, wurdt opteld by it tal sinten dat al wûn is. Alle spilers goaie likefaak en geane troch oant der in winner útkomt. De winner giet oer nei de finale.

9. Binne der yn 'e finale 2 of mear spilers dy't eindigje mei itselde tal sinten, dan spylje dy op 'e nij oant der in winner útkomt.

10. By saken dêr’t it wedstriidreglemint net yn fersjocht docht de wedstriidkommisje in útspraak. Elk hâldt him hjiroan. De wedstriidlieding hat it lêste wurd.

11. Elts spilet op eigen manneboet.

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
wo 25 september 2019 Informatieavond Glasvezel
za 28 september 2019 TOP'63 - AVC
za 5 oktober 2019 TOP'63 - Sc Bolsward Pubquiz: Back to the 90's
zo 6 oktober 2019 Open Deur-dienst
za 12 oktober 2019 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

 

- Oever- en Kadenproject

Uitgelicht
Slagerij de Jager
Slagerij de Jager
Schraa Assurantiën

Realisatie TTT software