Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


 • Fotoalbums  • Toaniel histoarjearchief    • Spilerslist

                                 •Ledenvergadering • oer ús

 

 

-it lêste nijs fan Fordivedaesje-


 

Op freed 18 en sneon 19 jannewaris 2019 spilet Fordivedaesje it stik:

 

De laits fan Izebaits

 

In stik foar jong en âld. Wy nimme jim mei yn it mearke fan Izebaits. 

Sy wennet yn in grut kastiel en is de baas fan in hiel grut lân. 

Mei har bern en al har personiel binne se op syk nei....

 

Kom mar te sjen en help har mei yn dizze spesjale syktocht en lit jo betsjoene!

 

(29-10-2018)


 

UTNOEGING LEDEGEARKOMSTE

TOANIELFERIENING FORDIVEDAESJE

 

Woansdei 14 maart 2018 om 20.00 oere yn It Harsit

 

 

WURKLIST:

 

 1.           Iepening en meidielings
 

 2.           Ynkommen stikken
 

 3.           Ferslach lêste ledegearkomste en jieroersjoch
 

 4.           Ferslach skathâlder
 

 5.           Befinings kaskommisje en beneaming nije kaskommisje

 

SKOFT

 

 6.           Bestjoerssaken

           Ofgeand en net werkiesber: Tjitte Hoekstra en Hedwig Hijlkema

 

Kandidaat: Louis van Breeden

Kandidaten kinne harren oant in oere foar de iepening fan de gearkomste opjaan by it bestjoer

 

7.            Iepenloftspul De Striid

 

8.            Plannen foar it kommende winterskoft

 

9.            Omfraach

 

10.          Sluting

                                                                      

                                                 

It Bestjoer 

 

 


19 oktober 2017

 

“Prachtige preamtocht troch Top & Twel as iepenloftspul” (Friesch Dagblad)

 “Lyts folksferhaaltsje, reuseftige foarstelling” (Leeuwarder Courant) 
 

Bêste minsken, 


No de preamen wer foar de wâl lizze, de ljochten dôve, de pallets en de tonielklean wer ynlevere binne, is De Striid no wier foarby. Heech tiid om de mear as tûzend besikers te betankjen foar harren oanwêzigens. We wolle jimme dan ek tankje foar de skitterjende reaksjes. Tige wiis binne wy mei de resinsjes yn de ferskate deiblêden. De Ljouwerter Krante hat De Striid sels beleane mei fjouwer stjerren! Te betinken dat De Striid mei minimale  ûnderfining en mei minimale middels ta stân kommen is, is te tankjen oan it entûsiasme fan de  likernôch 150 spilers en frijwilligers. Dit fertsjinnet in djippe bûging! Fordivedaesje wol nochris elkenien dy op wat foar manier dan ek belutsen wie  mei De Striid betankje.

 

En lykas it Friesch Deiblêd it sa moai under wurden brocht:

“De Striid bewiisde mar wer ris dat lytse doarpen bysteat wêze kinne grutte dingen te dwaan”.

 

 


 

05 desimber 2016

 
Pier Visser spyle de plysje en al wie de rol net lang hy wie tige krêftich. De hinnen sille foarearst wol gjin aaikes mear lizze mar se makken it plaatsje wol kompleet! Compliminten foar jimme allegear en we hoopje Lisa en Dieuwke gau ris wer te sjen op it podium!
Hjirnei wie der in koart skoft en waard de ferlotting dient. Der wiene wer prachtige priizen te winnen en underwilens waard it podium ree makke foar de lêste foarstelling.
Sieger Dijkstra en Anne Visser spylen 'TOMTOM' ûnder rezjy fan Jan Overwijk.
Prachtige fynsten op it skerm, mooie technyk mei it starten fan de auto, de reek, it lûd. Alle lof foar jim.
Fordivedaesje wer tige tank foar twa noflike jûnen toaniel!!!!
G.H.

 

 


Op freed 25 novimber en sneon 26 novimber bringt Fordivedaesje trije komyske ienakters. We starte beide jûnen om 20.00 oere en hoopje wer op in grutte opkomst.

 

Fanôf hjoed kinne jo de útnoeging yn de bus ferwachtsje.

Foar de leden sit it yntreebewiis der oan fêst.

 

Graach oant dan!

 

Wat kinne jo ferwachte?

 

It iene stik hjit "Belje dokter". In tige geskikt stik oer in toanielbestjoer dy't dwaande is om it jubileumjier fan de feriening in feestlik tintsje te jaan.

Grappig no, ek ús feriening bestiet yn 2017 al 40jier!

 

De oare twa stikken binne "Op fekânsje" en "Tom Tom". Oer dizze twa stikken falt in hiel soad te fertellen, mar ik doch it (noch) net...

It is better om it sels te sjen. Wat ik seker wit is dat it laitsjen wurdt!

 

 

 
  
Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
zo 18 november 2018 ZOU Matinee
do 22 november 2018 Soos 'Bliuw Warber'
za 24 november 2018 Sinterklaasfeest Repaircafé TOP'63 - Delfstrahuizen
ma 26 november 2018 Jiergearkomste IIsklup Rept U

'Belevingsboek Voel, Deel en Beleef' nu te koop bij de Superrr.

 

-----------------------------

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

-----------------------------

 

Uitgelicht
Bibliotheek
Bibliotheek
Bouwbedrijf Van der Meer
Bouwbedrijf Van der Meer
Realisatie TTT software