Zoeken:
Sitemap Favorieten
Passage  

Passage, christelijk-maatschappelijke vrouwenbeweging

 

Inlichtingen:

H.G. Dijkstra - van der Wal

Merkelstrjitte 33, 8625 HX Oppenhuizen

tel: 06-25130712  of  0515-559506

e-mail: h.g.dijkstra@home.nl

 


Passage fietstocht 2011
Op donderdag 5 mei stapten 7 vrouwen op de fiets voor een tochtje, we werden uitgezwaaid door goede bekenden. We gingen, zoals we gewend zijn tegen de wind in, naar de Pontdyk en namen daar de pont richting Langweer. Bij de Janeslootbrug sloegen we linksaf om langs het water te fietsen. We zagen daar nog bekende Twellegeasters met hun boot. We passeerden de boerderij van Ed Nijpels, en verder ging het naar Diken, ter Oele en Idskenhuizen. We fietsten door het bos en kwamen zo in St. Nicolaasga. Daar gekomen lieten we Doniahiem links liggen en fietsten verder naar “Hjir is ‘t” om even te pauzeren. Als je met 7 personen arriveert, kom je niet te vroeg op het terras. Verder fietsend langs de zandwinningsplas Woudfennen en de Langweerder Wielen bereikten we het fietspad van de Aldewei weer. Genietend van de vrijheid in ons land en het mooie weer beleefden we een mooie middag!
Deze middag waren er 2 gast-fietsers in ons Passage-midden.
Op donderdag 9 juni is iedereen weer welkom om mee te gaan, start 13.30 bij Attent.
=====================================================

 

In Juni 2011 is er gefietst, maar geen verslag gemaakt.

 

===================================================

 

 

Fietsverslach fan tongersdei 7 juli 2011.

8 Passage froulju ha der hjoed wer sin oan en slingerje de pedalen yn’e rounte.
De lêste reindrippen binne foarby en it giet oan.
We sette ôf rjochting Snits en dan op nei Dryls.
It is noch wol betiid yn’e middei at we ús in glês tee of kofje foar sette litte mei
wat lekkers derby op it terras fan it Wapen fan Dryls.
It sit dêr noflijk yn’e sinne mei sicht op’e brêge wer as ferskate boaten troch moatte.
Nei de ferkwikking fan tee of kofje sette wy wer ôf.
We fietse nei Easthim – Folsgeare, by it betinkmonumint lans nei Ysbrechtum.
De Frentsjerterfeart del nei plan de Loten.
In ûnbekende wyk foar ús mei moaie huzen.
No bedarje wy yn plan Pasveer. Ek hjirre binne de measten fan us net faker troch fietst.
Mar sommigen ha hjir kunde, derom fietse we troch dizze wyk, it iene brêgje op en it oare wer ôf wat soms net tafoel.
Uteinlik komme we by de griene dyk dan rjochtsôf under de tunnel troch en sa binne wy om
likernoch heal wei fiven wer thus nei in foldiene middei mei moai waar.

Ferslach makke troch Margje.
===================================================

 




4 augustus. 2011 . Seis froulju wiene by Attent foar de fytstocht. Ja, wersille wy es hinne? Mar net nei de kant fan Langwar mei de silery.

Dus nei Drylts en yn Âldegea op in terras fansels . Der siet it noflik en we ha der in hiele set sitten. Wol hast in ûre.

Doe ûnder it spoor troch ( it wie hâlden en kearen mei de fytsen ) , krigen wy de rook fan de Âldegeaster Brekken yn e noas en fytsten op Greonterp oan. It gong sa moai as wat. Al ridlik gau kwamen wy yn Blauwhûs . Doe wie’t mar in eintsje nei Wolsum en der wie de theetún:

“Kootje bij de brug “ It wie súver in paradyske yn dizze romte oan it wetter de Wymerts.
We gunden ús sels noch in alderheerlikst skaaltsje mei eigenmakke iis.

Troch Folsgeare en Ysbrechtum en Snits kamen we nei san 35 km wer thús.


Griet.

===================================================

 

 

Fytsferslach fan Tongersdei 1 september

Fiif froulju makken har op foar it fytstochtsje fan de Passage .
Dizze kear gie it rjochting Joure . It wie stil waar , dat it makke net safolle út wat de wyn oangong .

By de âldeweis brêge gie it lâns de Langwarder Wielen en de Skarsterrien nei Skarsterbrêge . It wetter wie sa glêd as in spegel , mei nog inkele bootsjes .
It is in prachtich fietspaad troch it lân oan de iene kant en it wetter oan de oare kant .

Sa kamen we yn Ouwster Nyega oan en no krigen we hast sin oan wat te drinken .
Dus op nei Rohel , en ja it restaurant wie iepen , de kofje en tee klear .
De appeltaart moast efkes yn de magnetron mar der smakke it net minder om .

De reis gie wer oan , troch it sa neamde ônlan op nei myn berte hûs yn Haskerhorne, doe troch de Haulster bosk by inkele betinkingstekenen fan de oorlog lâns .
De paadsjes wiene soms net sa maklik te fietsen mar al gau wiene we wer op it fietspaad
rjochting Top en Twel . Nei in 35 kilometer siet it er wer op. Dit is foar dit jier it lêste tochtsje west .

In middei troch fryslân , it flakke lân , wetter en bosk , wat is it moai en sa ticht by hûs .

Joke


===================================================

 2 augustus 2012

 Hjoed wiene wy bliid dat we út ein setten binne, want it bliuw droeg. Sa gongen wy mei

syn seizen yn de wyn op nei Heeg. Der moai op in terraske, mei wat lekkers der by en wat byprate. Werom, gong it as sliidjeien foar de wyn nei hûs. Om 5 ûre wien wy wer yn ús doarp, nei 34 kilometer fietsen.

 

Dit wie de twadde kear dat er fietst waard. Yn Maaie en Juni koe it net troch gean fanwegen it waar, mar op 5 juli makken 3 frouwlju in lyts tochtsje troch de Legeaen en

doe gou op nei de kofje by Nelly thús. dan sieten jo yn elts gefal droech.

Advertenties

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
wo 25 september 2019 Informatieavond Glasvezel
za 28 september 2019 TOP'63 - AVC
za 5 oktober 2019 TOP'63 - Sc Bolsward Pubquiz: Back to the 90's
zo 6 oktober 2019 Open Deur-dienst
za 12 oktober 2019 Oud Papier

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

 

- Oever- en Kadenproject

Uitgelicht
Slagerij de Jager
Slagerij de Jager
Schraa Assurantiën

Realisatie TTT software