Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


 

As de itenstafel doch ris prate koe……

 

 

Oan ’e itenstafel – dat is it plak dêr’t ús  gesinslibben him troch de jierren hinne foar in grut part ôfspilet. Och, as dy tafel doch ris prate koe…. Wat soe dy ús dan fertelle kinne? Dat is de ynstek fan it prachtige toanielstik “De Ytkeamer”, dat toanielferiening Fordivedaesje it ôfrûne wykein foar ús op ‘e planken brocht hat.

 

Yn 16 koarte scenes, dy’t stik foar stik eigentlik lytse ienakters binne, wurdt troch acht fan ús bêste akteurs en aktrices rûnom de itenstafel hiel knap en in rap tempo in byld sketst fan ferskate tiiden, gewoantes, miljeus en generaasjes. Er bart fan alles yn de ytkeamer. Jonge bern fiere oan ‘tafel harren jierdei mei taart en limonade. In ferfeelde húsfrou besiket mei in kopke thee har minnaar noch efkes by har te hâlden. Famyljerûzjes wurde der útfochten. Der wurdt gûld en der wurdt lake. En fansels wurdt der ek iten. Moarnsiten mei in strikte heit dy’t fan syn bern foarkommende manieren ferlanget. Of jûnsiten dat noch âlderwetsk troch it faam op tafel brocht wurdt. Ytgewoanten feroarjen lykas de maatskappij feroaret. Tiden hawwe tiden. De ytkeamer bestiet net mear. Hjoed de dei wurdt der iten oan ‘e tafel yn de wenkeamer of wenkeuken. En jonge minsken dogge sels dat net mear. Sy ite faak mei it board op ‘e skoat foar de televysje.  

 

Untroerend binne benammen de scenes fan in âlde heit (Anne Visser) dy’t syn útfaart beprate wol mei syn soan (Hans Bergsma) en letter fan in âlde mem (Coby Dijkstra) dy’t dementerende is en de famylje om har hinne dy’t net mear wit wat sy dêr mei oan moatte.

 

It publyk, dat sawol freed as sneon yn grutte getale nei it Harspit kommen wie, sit rûnom de yttafel en wurdt meinommen fan de iene nei de oare scene. De iene is noch net ôfrûn of de oare begjint alwer.It ferfeelt gjin momint. Der binne serieuze scenes mar ek hylariske mominten en dêrtusken wurdt razendsnel skakele. Unfergetlik is bygelyks de komyske scene wêryn in seksy kleide frou (Jacoba Visser) op en ûnder de yttafel de timmerman (Hans Bergsma) besiket te ferlieden.

 

Bysûnder knap is hoe’t de spilers al dy ferskate types yn al dy ferskate sitewaasjes en leeftiiden delsette kinne, dêrby op profesjonele wize oanstjoerd troch regiseuse Wiesje Jansma.

 

Geartsje Hoekstra, Douwe Hoekstra, Coby Dijkstra, Willemien Westert, Hans Bergsma, Anne Visser, Jacoba Visser en Pier Visser – sy spile allegear like makkelik in lyts bern as in puber of in folwoksene. Gau efkes ferkleie en hop – in pear minuten letter binne se yn al harren dwaan en litten wer in kompleet oare persoan yn in kompleet oare tiid.

 

It lange, steande, applaus nei ôfrin wie mear as fertsjinne!

 

MdJ

 



 

It is hast safier, oer in pear dagen set Fordivedaesje it bysûndere stik “de Ytkeamer” op de planken. De spilers ha der in soad sin yn, jo ek al?

Wy ûntfange jimme graach op freed de 26e as sneon de 27e. De seal giet foar jimme iepen om 19.4O oere. Op sneon is nei ôfrin fan it stik dûnsjen en musyk fan it duo I.K.E.A, Inderdaad Koen En Anton.

 

Oant dan!

 

 

 


Yn oktober is de toanielferiening Fordivedaesje úteinset mei it winterskoft 2015-2016. Op it stuit wurdt der drok rippeteard.

 

It stik dat foar it fuotljocht brocht wurdt is ‘De ytkeamer’, in drama/blijspul. It stik is skreaun troch A.R. Gurney jr. en yn it Frysk oersetten troch Pyt van der Zee. De regy fan it stik ‘De ytkeamer’ is yn hannen fan Wiesje Jansma-de Vries.

 

‘De ytkeamer’ bestiet út in stikmannich sênes, wêryn de ytkeamer mei in yttafel sintraal steane. De sênes steane los fan elkoar, mar it spilet him hieltiten ôf yn deselde ytkeamer.


It is in ferassend en bysûnder stik en seker de muoite fan it besykjen wurdich!

 

It stik spilet op freed 26 en sneon 27 febrewaris yn it Harspit.

 

 

En? Binne we moai foart west of net? By de ûntfangst oan de baly kamen jo fourt en daliks al yn e sfear fan it stik. Allegearre hiene se sich ferklaaid al soene se sa de wildernis yn. No, die gongen jo ek!

De seal en podium wiene prachtig ynrjochte. Wat in wurk hat hjir in sitten. De tinten bygelyks, spesjaal hjir foar makke troch tûzendpoat Tineke. Sy wie ek de ynstekster,mar past ek  altyd goed op e spilers mei broadsjes, fruit ensf.

Prachtig hoe at nei oanfang fan it stik de dielnimmers oan dizze survival, achter út de seal opkaamen. In survival wie it foar it publyk perfoarst net. Op in hylarische wize waarden we meinommen op hun aventoeren en it hat gjin tel ferfeeld! Mei net ien útsein ha se hun rollen  oertsjûge delset. Frieda (Mirjam van der Meer) dy de wyn der goed ûnder hald en in treflikke metamorfose  sjen liet.

Wisten jo dat it net sa mar in betochte taal wie die sy spruts, mar echt swahili? Se krige sels Luciel wer at se har hawwe woe.

Luciel, spiele troch Marcella. Wat in hearlike bekakte dame, hielendal “keeping up her appearences”. Knap hoe at sy konstant yn har rol bliuwde en wat hat se it frysk goed ûnder de knibbel!

Har man Henri, fertolkt troch Hendrik, die stakkert, sa ôgryslik ûnder de plak. Wat spile der dat hearlik slaafs. Wilens it stik steeds mear wille in e jungle en mei Henk krige.

Henk waard spile troch Tjerk.De  libbensgenieter dy’t tefreden wie at er syn pilske en mayonaise mar om him hinne hie. Syn kalme útstrieling troch it hiele stik hinne like sa gewoan. Annie, prachtig delset troch Rimie ,in leafe wat folgsame frou, mar dy op in stuit de broek oan lukt en as in echte “calamaty Jane” it heft in hannen naam. Moai hoe at se de smoarge ûnderbroek ophong

en hoe at it publyk der om lake. Omdat it sa werkenbaar wie?

 En dan hiene we Emma noch, sy waard spile troch Coby,  In tot in e groun bedoarn smoarg fanke. Ien mei de waffel in beide hannen, mar toch belies jaan moast en sa mak as in laam waard. Knap hoe at se dy omslach makke.

 Mei noch wol efkes seint wurde dat de broer en suster Tjerk en Coby in ekstra kompliment fertsjinne ha. Mei  sa goed as gjin ûnderfining yn it grutte stik kwakt wurde! Petsje of!

Alle spilers,regy  en helpers hawwe  in prachtige foarstelling fan makke.

Kompliment ek foar de lûd en ljocht man Richard Veldman. It wie tige dik in oarder, alle jungle lûden, de muzyk en foarel ek de beljochting prachtig. It wurdt elke kear wer profesioneler.

 

Mei sponsering fan it Harspit, hawwe Wolter Overwijk en Richard twa elektryske lieren in it plafond befêstige.Sa kin  de ferljochting feilich op de grûn oanbrocht wurde.

Wêrnei it op de krekte hichte brocht wurde kin. Dit wurked Folle better en foarkomt ferefelend skaad.

 

klik hjir foar de fotos

 

JV

Wa giet der noch mear mei op reis! Justerjûn wie de premiere fan "wat binnen we moai

foart". En we kin sizze de earste reis is goed slagge!

Ek foar jo is der jûn noch in plakje frij. We sammelje moai op tiid yn de "foyer" fan it

Harspit.Sadat wy op tiid ( 20:00 oere) foart kinne. Wy wachtsje net!

Wy slute dizze reis ôf mei live muzyk.

 

Wy soene it slim op priis stelle as der minsken binne dy ús nei ôfrin efkes  helpe wolle

de kleden en stuollen op te romjen.

 

 

Ha jo ek al fan dy frjemde lûden út it Harspit heard?

 

De apen, fûgels en liuwen en wat mear libbet en omspoeket yn’e jungle fan Afrika litte wol fan sich hearre!

 

Ús klupke fanatyke fakânsjefierders wit net wat harren oerkomt!

 

Dit aventoer wolle jo net misse toch?

 

Presies! En derom sjogge wy jo graach ferskinen om mei te genietsjen fan dizze bysûndere trip de jungle yn… Oant dan!

 

Op sneontejûn is der nei ôfrin musyk

Ynkoarten falt foar ús leden ûndersteande flyer troch de bus.
Foar beteljende leden is dizze foarsjoen fan in adres sticker.
Dit is ek jo yntree bewiis. per lid is der in flyer.

 

 

 

 

 

Ferslach ienakterjûn 21 en 22 Novimber 2014

 

Mar leafst trije ienakters wiene der te sjen dizze beide utfieringsjûnen fan Fordivedaesje.

 

De earste ienakter hie as titel ‘spoeken bestean net’ en waard regisearre troch Wolter Overwijk. Hy waard assistearre troch Esther Hoekstra.

De spilers wiene Louis van Breeden, Hedwig Brinksma, Johanna de Vries, Tjitte Hoekstra, Corry Fabriek en Therése Hartkamp.

It dekor wie in ùtstalling fan doazen ensafourthinne, want de famylje wie oan it ferhûsjen.

Yn de nije wente spoeket in mooie dame om, sy is yn it wyt klaaid en hat blommen yn har hier (Hedwig) De nije eigener, skriuwer fan berop, hellet syn nije roman en de wurklikheid trochelkoar (debuut foar Louis) Syn frou ( Johanna) hat snoade plannen en wurket gear mei de makkelder ( Tjitte). De buorfrou (Corrie) docht ek in duit yn deselde pûde. De dokter (Therése) probearret de boel del te bédzjen. In leuk stik om nei te sjen, der wie wurk fan makke en dat wie te sjen.

 

Hjirnei wie it skoft, fansels waarden der ek wer lotten ferkocht en der leine wer prachtige priizen klear.

 

Nei it skoft de twadde ienakter ‘werom’, skreauwn troch Freddie Reijinga. Dizze ienakter is regisearre troch Mirjam van der Meer, foar har in debuut.

Spilers ; Trees de vries, Willemien Hoogland en Kees van Stralen.

Knap dat jo yn in ienakter fan in heal oere al nei goed viif minuten de ‘djipte’ yn doarre te gean. Fansels sit ‘em dat yn it skreauwen, mar dizze spilers ha de gefoelige snaar by guon minsken aardich rekke……it wie mûsstil yn de seal. De ienakter gie oer ferlies, ferlies fan in bern en dernei it ferlies yn elkoar …

 

Hjirnei wie it tiid foar de ferlotting. Underwilens koene de toanielmasters (Jan Overwijk en Fokko van der Meer) it toaniel ree meitsje foar de tredde ienakter.

 

Ek dizze ienakter is troch Mirjam regisearre en hjit ‘ de stille gast’.

It stik spilet him of yn in kroegje en Durkje (Marije Overwijk) stiet efter de taap. Der sit ien klant (Tsjerk Bouwhuis) oan in taffeltsje en jimme riede it al: die seit neat …

Dan komt Sjonnie ( Sieger Dijkstra) deryn en dat bringt wat ‘leven in de brouwerij’.

Tafallich komt der ek noch in sportyveling oanwaaien ( Niels Hofman) die’t ferskrikkelik noadich nei it hùske mat. It ferhaal fan Sjonnie blykt op de ein fan it stik oer de stille gast te gean sûnder dat ien it yn de gaten hat…ja Durkje hat, neidat de stille gast tige hastig betellet en hjirnei fourtendalik ôfset, pas yn de gaten dat dizze man de pink mist wer’t sjonnie sa oer opswetst hat.

 

Al mei al in tige slagge jûn mei in ferskaat oan toaniel.

De neisit yn de smûke mienskipsromte wie beide jûnen dan ek wer tige gesellig.

 

Op nei 6 en 7 maart 2015. Dan sil it stik ‘wat binne we mooi fuort’ opfierd wurde.

Der wurd al drok rippeteard troch in ploech befleine spilers, ek hjir sit wer in debutant yn.

It wurd wer hiel wat oars as oars dizze kear, om in lyts tipke fan de sluier op te tillen….. dit stik spilet him of yn de jungle …………..

 

Graach oan’t oar jier !!!!

 

GH

It iepeningsgedicht fan de moei slagge Ienakterjûn.

 

Rippeteare, teksten leare, swets’en sweare

Avenseare, ..kin ik em noch peare....?

Alle wiken op’e nij, wiene jimme der allegear bij

No is’t dan eindelik safier

Hjirfoar wiene jim sa lang yn’t spier

De senuwen ta it uterste gespannen

It klamme swit grif yn de hannen

De skonkjes lichtelik ûnwis

Plankekoarts.... Da’s sûnder mis...

De poeier op de holle, it hier strak yn de lak

Ik soe sizze; spilers, gean nei jimme plak

It Frysk Folksliet sil sa klinke

It ljocht dat sil jim winke

De seal die sil ferstomje

En elkenien sil foar jim tomje

Nei ôfrin falt de lêst jim fan de lea en is it dient

Der sille grif guon minsken tinke; ..hie IK der mar stient....

 

 

Geartsje Hoekstra

Aankomend weekend hebben wij weer de bekende "Ienakter Jûn" waarbij het toneel talent van onze dorpen weer acte de presence geeft. Een groot aantal van u heeft hiervoor ook een uitnodiging gehad. Wij hebben inmiddels begrepen dat bij sommige leden hier wat verwarring is ontstaan. De flyer die een adressticker heeft is namelijk uw vrijkaart!

Dus haal hem nog even uit het oud papier, En anders hebben wij u op de ledenlijst staan.

Wij hopen u vrijdag of zaterdag te zien in het Harspit want het beloofd weer een mooie avond te worden.

 

Op 21 en 22 Novimber is it wer safier. Dan hawwe wy wer de Ienakter jûn.

We hawwe dit jier in fol programma mei trije ienakters. En ek dit jier is it ús wer slagge om nije gesichten op de planken te krijen. Under rezjy van Wolter Overwijk spylje we "spoeken bestean net". En we hawwe Mirjam van der Meer ree fûn om de oare twa stikken te regisearjen. In koart blijspul " in stille gast ". En " Werom " in tragikomeedzje fan Freddie Reijenga. En dizze namme kinnen we noch fan it foarige jier toen Fordivedaesje promoasje  nei de heechste klasse makke.

Al mei al belooft it wer in moaie jûn te wurden. En wy hoopje jimme dan ek allegearre wer te sjen. We begjinne beide jûnen om 20:00 yn ús Doarpshûs it Harspit.

 

Op 22 April jiergearkomste om 20:00 oere yn i Harspit. Eltsenien is wolkom.

 

wurklist

wy kinne werom sjen op in geweldige toanieljûn. Ek it nei petear mei de karmaster jout fertrouwen en it kin wolris in moaie slútjûn wurde.

 

Wy binne ek bliid jo te melden dat wy de musyk ek my jo diele meie.

spesjaal foar dit stik waard it liet "mag ik dan bij  jou" út de foarstelling hete vrede fan Claudia de Breij vertaald in it frysk.

Songen troch Dina Popma ûnder begelieding fan Melissa Siemonsma op piano.

Wy soene it in skande fine dat dit allinich mar op dizze jûn te hearren wie.

En litte it graach hearre oant de minsken die der net by west ha. Of far harren die noch in kear yn de tinzen werom dreame wolle nei dizze bysûndere jûn.

 

http://www.youtube.com/watch?v=Vy_GcfuCbBg&feature=youtu.be

 

 

 

 

 

Toanielferiening Fordivedaesje út Toppenhuzen spilet 7 en 8 Maart it stik
 
 

                                                       "sneinsbern"

 
Sneinsbêrn, oerset troch Gerrit Tasma, is in tragikomeedzje, die’t him ôfspilet yn in fersoargingshûs. In tragikomeedzje: it wurd seit it al, in stik mei in laak en in trien. Hiel herkenber, bytiden oandwaanlik, dan wer in laak ferskine littend. Twa bewenners, Kuperus en Alberda hawwe elkoar fûn yn harren striid tsjin de takomst fan it âlder wurden wêr’t se sa bang foar binne. Wêr’t de ien bang is foar de 'plestik broek' is de oar bang dat er demint wurdt. By dizze tragyk fan it âlder wurden yn sa’n fersoargingshûs, goaie de twa mannen hun fernaamste wapen yn’e striid: humor! Bûten de oandwaanlike mominten en prachtige dialogen, wurdt der ek flink lake.
 
De rezjy fan dit stik is fan Freddie Reijenga fan Witmarsum. Hy wie de skreauer fan it stik de trije  wierheden wat yn 2013 op de slutjûn fan staf opfiert is.
Reijenga folget  no de  regiseurs oplieding en dit stik  by toaniel feriening "fordivedaesje" is syn ôfstudeer projekt.
 

It is beide jûnen te sjen om 20.00 oere yn it Harspit, P. Walmastrjitte 8a, yn Toppenhuzen. Kaarten binne oan de kassa te krijen

 

 

 

Op sneon is der nei ôfrin musyk. Dit beloofd wer in hiele moaie jûn te wurden wer we noch lang oernei prate sille.

 

 

 

 

 

 

 

 

 
 

 

          

Ienakter Jûn  fan Toanielferiening Fordivedaesje

 

 

Mei de stikken

 

 

Elk foar himsels & Serenade

 

 

22 en 23 Novimber

 

 

Elk foar himsels (fan Anders Rozendal)

Jan Tuinstra keapet rommel op,dat er (as Jean Temata) yn syn winkel wer ferkeapet as guod mei antike en argeologyske wearde.

Mar komt dat wol goed my al die leagens en bedroch?

 

 

Splilerslist: Knillis Postma,  Marije Pander, Hendrika Visser

Sipke Willem de Schiffart,  Wolter Overwijk, Jacoba Visser,

 Niels Hofman , Tsjerk Bouwhuis,  Saagry de Schiffart.               

Rezjy Assistente:       Esther Hoekstra/ Jacoba Visser

Rezjy:                         Geartsje Hoekstra

 

 

Serenade ( fan Slawomir Mrozek)

In ferhaal oer de Foks , in Hoanne en syn Hinnen.

Kinne dit freonen wurde of  ferlyst in foks noait syn streken?

Wa sil it sizze.

Splilerslist:   Pier Visser ,Age Elzinga, Anneke Betsema

Willemien Hoogland, Hedwig Brinksma,

Rezjy Assistente:        Geke v/d Veen

Rezjy:                                     Wolter Overwijk

 

Oanfang 20:00 oere

Yn M.F.C. It Harspit

Toppenhuzen

Yntree: Leden hawwe frijkaarten

Net leden betelje         € 7,00  Under de 16 jier           € 3,00

 

 

Sneon Live Muziek nei ôfrin

 

 


            

 13 april 2013:
Afgelopen dinsdagavond is de nabespreking met de jury geweest betreffende het toneelstuk ‘de Goate’. De jury heeft de voorstelling van de vrijdagavond bekeken. Het was een goede bespreking waaruit bleek dat de heren goed gekeken hebben. Zaken die tijdens een nabespreking aan de orde komen zijn onder andere keuze van het stuk, interpretatie van het verhaal en hoe het is neergezet, regie, tempo en ritme, kwaliteiten van de toneelspelers, decor, licht, geluid, grime en kapwerk. Aan deze en andere onderdelen worden punten toegekend. Aan de hand van het aantal punten wordt vastgesteld tot welke klasse een toneelploeg behoort. In deze verdeling worden de punten van de afgelopen drie beoordelingen meegenomen. In het Friese amateurtoneel zijn 5 klasses. Fordivedeasje speelt nu in de op één na hoogste klasse, de klasse by útstek.

Er was ruimte om het gesprek aan te gaan over verschillen van inzicht en de ploeg had over het algemeen een goed gevoel over de bespreking. Nu is het weer afwachten hoeveel punten er door de jury zijn toegekend. Dit wordt bekend gemaakt op de zogenaamde slotavonden van het toneelseizoen die zullen plaatsvinden op 24 en 25 mei in de Lawei te Drachten.



We houden u op de hoogte!
Op 9 April hawwe de spilers it nei petear mei de karmasters. spannend!

13 april 2013:



Afgelopen dinsdagavond is de nabespreking met de jury geweest betreffende het toneelstuk ‘de Goate’. De jury heeft de voorstelling van de vrijdagavond bekeken. Het was een goede bespreking waaruit bleek dat de heren goed gekeken hebben. Zaken die tijdens een nabespreking aan de orde komen zijn onder andere keuze van het stuk, interpretatie van het verhaal en hoe het is neergezet, regie, tempo en ritme, kwaliteiten van de toneelspelers, decor, licht, geluid, grime en kapwerk. Aan deze en andere onderdelen worden punten toegekend. Aan de hand van het aantal punten wordt vastgesteld tot welke klasse een toneelploeg behoort. In deze verdeling worden de punten van de afgelopen drie beoordelingen meegenomen. In het Friese amateurtoneel zijn 5 klasses. Fordivedeasje speelt nu in de op één na hoogste klasse, de klasse by útstek.

Er was ruimte om het gesprek aan te gaan over verschillen van inzicht en de ploeg had over het algemeen een goed gevoel over de bespreking. Nu is het weer afwachten hoeveel punten er door de jury zijn toegekend. Dit wordt bekend gemaakt op de zogenaamde slotavonden van het toneelseizoen die zullen plaatsvinden op 24 en 25 mei in de Lawei te Drachten.



We houden u op de hoogte!





















16 maart: Gister is de eerste voorstelling van 'de Goate' geweest en het was een groot succes. Er zijn ruim 100 bezoekers naar het Harspit gekomen en de reacties waren zeer positief. De kwaliteit was erg goed, het is te zien dat de spelers en alle andere vrijwilligers hier heel hard voor hebben gewerkt. Iedereen bedankt voor deze succesvolle avond en op naar de voorstelling van vanavond!



We hopen het publiek vanavond weer in grote getale te mogen verwelkomen. De voorstelling begint om 20.00 uur.



Na afloop is er live muziek van Dicky Riemersma (in onze dorpen bekend als één van de muzikanten en zangers van ons Shantykoor). Hij heeft voor de gelegenheid een trio samengesteld en het bestuur heeft opgevangen dat hij er speciaal voor de toneelvereniging veel werk van heeft gemaakt. We zijn reuzebenieuwd!



Zorg dat u hier morgen over mee kunt praten en kom vanavond naar het Harspit!























Jûn (freed) komme de karmasters om it stik te beoardieljen yn ferbân mei de kriich dêr't wy al 3 jier op rij yn promofjeare binne. It soe prachtich wêze as der in soad publiek yn'e seal sit; dit jout wer in ekstra goed byld oan'e karmasters. Twifelje dus net en kom allegearre freed (mar seker ek sneon) nei it Harspit!



















Komme de spilers fan Fordivedaesje op strjitte te stean?

Fordivedaesje nimt jo op 15 en 16 maart, oankommende freed en sneon dus, mei nei Pensjon de Goate. Yn dit pensjon wurde 4 dak –en thúsleaze minsken (swalkers sa de buorfrou se neamt) opfongen troch de romhertige Toos. Se hat it der tige drok mei en kin de help fan de nije frijwillichster Pien dan ek goed brûke. De bewenners hawwe allegear harren spesifike eftergrûn en dat komt sa no en dan pynlik dúdlik nei foaren. De buorfrou fan it pensjon fynt it allegear mar neat en soe graach sjen dat it pensjon fuort giet. Soe it har slagje om de ‘swalkers’ wer de strjitte op te jeien?

De Goate is in stik mei in ‘laak en in trien’ en sit fol mei ûnferwachte ûntwikkelingen.







--------------------------------------------------------------------------



Sneon 23 febrewaris OPROP OPROP OPROP OPROP







Wa kin ús helpe oan 2 projektieskermen foar de toanielfoarstelling fan 15 en 16 Maart?



Wy wolle hjir foto/film op sjen litte. we kinne fansels net alles ferklappe.



de beamers hawwe we al.







jo kin efkes skilje mei de foarsitter ( tjitte Hoekstra) 0651940032



of ien fan it bestjoer.



 



it bestjoer



 

 

  



 



 



 



 



 



 



 



 



 



 

Toanieljûn mei ienakters fan Fordivedaesje
11 en 12 jannewaris, 20.00 oere, It Harspit

Sa as yn de foarige edysje fan de Twilling te lêzen wie, wurde freed 11 en sneon 12 jannewaris 2013 twa ienakters opfiert. De ienakters dy brocht wurde binne ‘Gaswacht’ en ‘Kofje of tee?’. Op 15 en 16 maart 2013 wurdt it stik ‘de Goate’ opfiert, dêroer letter mear.

Gaswacht (fan J.J. Hijma oersetten troch G. van der Wyk)
Yn blijspul Gaswacht sjogge we dat twa slûchslimme ynbrekkers út binne op it guod fan Jilt en Niny. Mar binne dizze minsken wol echt de hiele jûn fuort en hoe sit it eins mei de buorfrou?

Jilt: Germ Visser
Niny: Hedwig Brinksma
Pieter: Anne Visser
Durk: Sieger Dijkstra
Buorfrou: Tjerkje Reitsma
Ynstekster: Esther Hoekstra
Regy: Wolter Overwijk

Under lieding fan Wolter is dizze ploech drok dwaande in moai stik op’e planken te bringen. Wolter hat in tal nije spilers en tegearre mei de wat mear betûfte spilers leare sy de basis fan it toanielspyljen. Der barre allegeare ûnferwachte saken yn it stik en Wolter kin syn fantasy de frije loop litte. De ploech spilet alle wiken mei in soad wille en it stik rint al as in trein!

Kofje of tee? (fan G. Groot Karsijn oersetten troch T. Hoekstra)
Dit stik is in komyske skriller wêr it allegear draait om de erfenis fan de deminte frou Koops. Frou Koops slyt har lêste dagen yn in fersoargingshûs en slút freonskip mei ferpleger Frank. Mar is Frank wol in echte freon? En wat wolle Carmen en Richard eins fan Frank?

Frou Koops: Riemie Reitsma
Richard: Pier Visser
Frank: Tjitte Hoekstra
Carmen: Harmke Schraa
Ynstekster: Marije Pander
Regy: Jacoba Visser en Trees de Vries

Yn de jierfergadering is besletten dat it bestjoer besykje soe yn’e winter wer in jûn te organisearjen mei twa ienakters. Al gau waard dúdlik dat we in tekoart oan regisseurs hiene en dêrop hawwe Jacoba en Trees de útdaging oannommen de regy fan in stik foar harren rekken te nimmen. Se hawwe in ploech betûfte spilers byinoar socht en binne fol nocht oan’e slach gien. No in pear wiken foar de foarstelling binne sy al hiel grutsk op’e ploech. Der wurd alle wiken hurd en mei in soad ynset en entûsiasme wurke. De ûnderlinge sfear is geweldich en it betrouwen yn inoar jout romte foar spylje mei lef en belibbging.

Noch in pear dinkjes en dan binne beide ploegen der hielendal klear foar. Wy hoopje op jo komst, want dat soe fansels de kroan wêze op al dit hurde wurkjen!





Sneon 22 december
Ferheging kontribúsje

It wurdt wer tiid om de kontribúsje te barren. Dit sil yn jannewaris/febrewaris gebeure troch by de doarren del te gean of fia automatyske ynkasso. Op de ledegearkomste fan 19 april 2012 is besluten dat de kontribúsje omheech giet fan € 4,25 nei € 5,-- foar ien persoan en fan € 8,50 nei € 10,—foar twa persoanen. De kontribúsje is al hiel wat jierren net oanpast wylts de kosten wol tanimme. Ek wolle we sa no en dan in regisseur fan bûten oanlûke om te winnen oan kwaliteit.





Foar fragen kinne jo terjochte by de ponghâlder.

út namme fan it bestjoer, Kees van Stralen, ponghâlder.
til. 559862, mail stralenkooijker@home.nl

Snein 16 December Wy kinne werom sjen op in slagge krystmerke yn Dickens stijl. It begjin in de rein wie wat minder mar dat is sneon hielendal goed kommen.

eltsenien bedankt foar de ynset en benammen ús sponsors.


de HEMA ( jan Brinksma)

de Kaasbus ( Andre Frowijn)

Groen en doen ( Joke Overwijk en Riemie Reitsma)

Tante Boukje ( boukje Visser)

Bertus Pelsma



fotoalbum kriistmerke

Krystmerke


Wy sille mei in ploech leden en bestjoer yn de styl fan Charles Dickens de paden op, de leanen yn.
Dêrneist kinne jo ús fine op it Bertuspleintsje dat foar de gelegenheid omtovere wurdt ta it 'Charles Dickens square'.
Dêr steane we mei in tinte mei ûnder oaren (berne)spultjes, in hapke (lekkere woarst fan'e HEMA), in drankje en in gesellige (musikale) sit.
Wy noegje eltsenien fan herte út om by ús alfêst it krystgefoel wekker te meitsjen!!!
LET OP:
Yn'e Twilling stiet in ferkearde datum foar it grutte toanielstik.
Dit sil plakfine op 15 en 16 maart 2013
Oankondiging Ienakterjûn Fordivedaesje

Freed 11 –en Sneon 12 januari 2013 is it wer safier, Fordivedaesje bringt 2 ienakters op’e planken. We hawwe moaie stikken fûn en de ripetysjes binne alwer yn folle gang. We kinne wol sizze dat der hurd en fol enthousiasme wurke wurd. Nei oanlieding fan de moaie prestaasjes fan’e ôfrune jierren hawwe sich wer in oantal nije spilers oanmelden en ek op it regyfront binne der nijelingen. De ynset is grut dus it belooft in moaie jûn te wurden. Set it alfest yn’e aginda! En as jo de aginda dan dochs bij de hân ha notear dan ek alfest dat 15 en 16 maart 2013 it grutte stik opfiert wurde sil.

De ienakters die brocht wurde binne Gaswacht en Kofje of tee?
Yn blijspul Gaswacht sjoche we dat twa sluchslimme ynbrekers ut binne op it guod fan Jilt en Niny. Mar binne dizze minsken wol echt de hiele jûn fourt en hoe sit it eins mei de bourfrou?

Kofje of tee? is in komyske skriller wer it allegear draait om de erfenis fan de deminte frou Koops. Frou Koops slyt har letste dagen yn in fersoargingshûs en slút freonskip mei ferpleeger Frank. Mar is Frank wol in echte freon? En wat wolle en Carmen en Richard eins fan Frank?



Snein 23 September Op 3 Novimber spilet Tryater wer yn it Harspit my de foarstelling "omke wanja".

yn gearwurking my Jan Hendrik meie wy jime as leden en donateurs fan fordivedaesje de kaarten oanbiede foar € 12,50.

Meitsje gebrûk fan dit oanbod en reservearje jo kaarten by it Harspit.



Binne jo noch gjin lid /donateur meld jo oan by ien fan de bestjoersleden.

foar de 10e oanmelding lizze twa freikaarten klear.



Tryater “Omke Wanja”

Tryater spilet Omke Wanja. It masterwurk fan de bekende Russyske skriuwer Anton Tsjechov, dy’t altyd wer ynspilrearre waard troch famyljebannen en minsken fan it plattelân. Wa oars soe Omke Wanja hjir in Fryslân bringe moatte as de fan oarsprong Russyske Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater.

Omke Wanja wennet mei syn mem en nicht Sonja op in bûtenferbliuw. Sy beheare it bûten al jierren en dogge dat mei grutte tawijling. Mei har trijen libje se it libben op oarder en tiid. Mar as professor Serebrjakov- de hei fan Sonja en sweager fan Wanja- mei syn twadde frou Helena oankomt, wurdt alles lykwols oars. Sy bringe mei harren oare oanwensten it ritme fan it deistich libben op it bûtenferbliuw yn ûnstjoer.

Tekst: Anton Tsjechov

Oersetting: Romke Toering

Regy: Ira Judkovskaja

Spul:

Jan Arendz

Aly Bruinsma

Arnold Dijkstra

Marijke Geertsma

Nynke Heeg

Eelco Venema

Marit de Weerd

Decorûntwerp: Roos van Geffen

Kostúmûntwerp: Linda Eijssen

 

 

 

 

 

 Tongersdei 19 April Jûn ledegearkomste yn it Harspit om 20:00 oere.

Jo stim is foar ús ek fan belang.



wurklist

Sneon 14 April Us toanielferiening 'Fordivedaesje' is promovearre ta de op ien nei heechste klasse fan it Frysk toaniel! Op de slotjûn yn de Lawei yn Drachten waarden juster de punten bekend makke foar de toanielstikken dy't de ferskate ferienings yn Fryslân it ôfrûne seizoen op 'e planken brocht hawwe. De spilers fan Fordivedaesje hawwe mei it prachtige stik "Ien fleach oer it koekoeksnêst" mar leafst 251 punten ynhelle. Dat wie goed foar in twadde priis en dêrmei is de feriening fan de Earste Klasse promovearre nei de "Klasse by útstek". Kompliminten wienen der foar alle spilers, de regisseuse en foar lûd, ljocht en dekor.

De earste priis wie foar Toanielferiening 'Nij Libben' út Jellum/Bears mei 263 punten.

Sneon 31 Maart Oernommen út de twilling


TOPTONEEL VAN FORDIVEDAESJE

Het is even doodstil in de zaal voordat er een oorverdovend applaus losbarst. De emotionele slotscène van “Ien Fleach oer it Koekoeksnêst”, waarin vrije vogel Max Midland uiteindelijk geknakt wordt door een rigide systeem, laat niemand onberoerd. “In geweldich moai stik en geweldich moai spile,” is de unanieme reactie van het publiek, dat voor de toneeluitvoering van Fordivedaesje, afgelopen weekend in It Harspit, massaal was toegestroomd. Ook van buiten het dorp kwamen mensen hier op af. En terecht. Want ons amateurgezelschap speelde dit stuk op professioneel niveau.

Een pluim voor alle spelers én natuurlijk voor regisseuse Wiesje Jansma uit Sneek, die het beste uit alle spelers naar boven wist te halen. Vanaf medio november hebben de spelers tweemaal in de week, soms zelfs drie keer, gerepeteerd. Daarvoor had iedereen thuis de tekst al uit het hoofd geleerd, zodat er in de repetities alleen maar op het spelen geconcentreerd hoefde te worden. Die aanpak heeft duidelijk z’n vruchten afgeworpen.

Het verhaal van “One Flew over the Cuckoo’s Nest” van de Amerikaanse schrijver Ken Kasey is bij de meesten wel bekend dankzij de beroemde film die in de jaren ’70 veel stof deed opwaaien. Het speelt zich af in een psychiatrische inrichting waar de mens volkomen ondergeschikt is aan het systeem. Het strakke regime wordt ruw verstoord als de criminele dwarsligger Max Midland er wordt opgenomen. Hij sleept zijn mede-patiënten uit de dagelijkse sleur en probeert ze weer plezier in het leven bij te brengen. Maar dat is in strijd met de regels en dat moet uiteindelijk iedereen bezuren.

Hans Bergsma is een bikkel. Hij brak zijn ribben bij een schaatsongeluk, maar verbeet de pijn en liet in het stuk gewoon met zich sollen. Als de vrijheidslievende Max Midland speelde hij de rol van zijn leven. Hij zorgt dat het publiek van deze complexe figuur gaat houden en daardoor intens meeleeft met zijn wanhopig gefladder in de kooi. Ontroerend om te zien was ook hoe de stotterende Billy (gespeeld door Tjitte Hoekstra) schoorvoetend uit z’n schulp kruipt maar door de keiharde hoofdzuster Werner (een formidabele rol van Trees de Vries) weer terug in z’n hoek wordt geduwd. Of hoe Knilles Postma zo opgaat in zijn prachtige rol van patiënt Esser, dat hij bij gespeelde kwaadheid daadwerkelijk rood aanloopt in het gezicht.

Een bijzondere rol was weggelegd voor Kees van Stralen als de ‘doofstomme’ Sjef die tevens de verteller is in het stuk. Als Max voor elkaar krijgt dat deze stille, stokstijve Sjef eindelijk weer een beetje mens begint te worden en héél voorzichtig een eerste reactie vertoont, leeft de zaal zo mee dat er mensen beginnen te klappen en een enkeling zelfs een traantje wegpinkt.

Het applaus gold zeer zéker ook voor Johanna de Vries als de giechelende Martini, Jacoba Visser als de eenzame Tabor, Uiltje de Jong als de bazige Harder en Saagry de Schiffart als het uitdagende hoertje, Geartsje Hoekstra als pillen uitdelende zuster Flin en Hendrik Metselaar als de stroomstoten uitdelende dokter Springer. Helaas ontbreekt hier de ruimte om uitvoeriger in te gaan op al hun rollen, maar stuk voor stuk speelden ze gewéldig. “Dat is hielendal oan Wiesje Jansma te tanken. Sy hat ús mei in minimum oan oanwizings, maksimaal presteare litten,” zeggen de spelers, dankbaar voor de ervaring die ze hebben opgedaan.

Sieger Dijkstra had een bijrol als stevige verpleger die de orde moet handhaven. Mathijs Hoekstra zou hem daarbij assisteren, maar moest wegens ziekte helaas verstek laten gaan. Onvermeld mag ook niet blijven dat Bouke de Jong met hulp van Tjeerd Epema weer een mooi decor heeft neergezet en de verlichting verzorgde. En dat Gerben de Jong, Lodewijk Hoekema en Laura Hoekstra vlekkeloos het geluid en de muziek voor hun rekening namen.

Applaus voor al deze mensen én de bestuursleden die achter de schermen druk zijn geweest om alles te organiseren! Dankzij jullie allemaal heeft iedereen een tóp-avond gehad.

MdJ

Freed 30 Maart Graach wolle wy jimme utnoegje foar de ledegearkomste fan 19 April om 20:00 oere yn it Harspit. Ek net leden binne wolkom


wurklist

Freed 23 Maart De karkommisje fan Stifting Frysk Toaniel wie justerjûn by it neipetear mei de spilers fan Fordivedaesje tige optein oer harren prestaasjes yn it stik "Ien Fleach Oer It Koekoeksnêst". De úteinlike wurdearring wurdt pas op 13 april bekendmakke, mar de omheach stutsen tomme fan beide karmasters foar sawol alle spilers as fansels de regisseuse, sei eins al genôch!


Tongersdei 15Maart We hawwe foto's fan de generale op tongersdei. Noch in wike wachtsje dan ha we it neipetear mei de karkommisje. Wy hawwe der in goed gefoel fan oerhâlden en binne tige grutsk op dizze prestaasje.



foto's ien fleach

Sneon 10 Maart De earste opfiering fan "Ien fleach oer it koekoeksnêst" wie in grut sukses justerjûn. De seal siet fol en de minsken ha genoten fan in prachtich stik. Jûn is jo lêste kans om it te sjen en dat is seker de muoite wurdich.







Freed 9 Maart It wrâldferneamde stik "Ien Fleach oer it Koekoeksnêst" wurdt jûn en moarntejûn opfierd yn It Harspit. Justerjûn wie de generale repetysje en regisseuse Wiesje Jansma wie dik tefreden. Selden hawwe spilers harren sá ynlibbe yn harren rol as yn dit tragikomyske stik, dat oeral folle salen lûkt en dat elkenien yn 't moed taast.
De measten kenne wierskynlik noch wol de film "One Flew over the Cuckoo's Nest", dy't lykas dit toanielstik basearre is op it boek fan de Amerikaanske skriuwer Ken Kesey. It ferhaal spilet him ôf yn in psychiatryske ynrjochting, wêr't de minsken ûndergeskikt binne oan it systeem. De haadrol fan kriminele dwersbongel, yn de film spile troch Jack Nicholson, waard doe bekroand mei in Oscar. Yn dizze Fryske fersy fan it toanielstik, dy't Fordivedaesje no by ús op de planken bringt, wurdt dizze rol fertolke troch Hans Bergsma.

It bart net faak dat jo de kâns krije sa'n bekend stik yn it eigen doarp en mei eigen spilers te sjen. Boppedat is dit in moaie gelegenheid om it fernijde Harspit fan binnen te bewûnderjen as jo dêr noch net west hawwe. Fordivedaesje rekkent dan ek op in grutte opkomst.

Steand f.l.n.r.: Geartsje Hoekstra, Hendrik Metselaar, Trees de Vries, Sieger Dijkstra, Hans Bergsma, Saagry de Schiffart, Wiesje Jansma (regisseuse), Riemie Reitsma (ynstekster), en Kees van Stralen.

Sittend f.l.n.r.: Tjitte Hoekstra, Jacoba Visser, Uiltje de Jong, Johanna de Vries en Knilles Postma.



Leden fan Fordivedaesje hawwe frijkaarten.

Net-leden betelje 5 euro yntree.

Sneon 4 februari Toanielferiening Fordivedaesje wol op 9 en 10 maart in kear in bysûnder stik sjen litte. Graach wolle wy dêrom eltsenien útnoegje foar dizze toanieljûnen mei it stik

“Ien fleach oer it koekoeksnêst”. In tragykomysk stik skreaun nei it bekende boek fan Ken Kesey út 1962 “One flew over the cuckoo’s nest” en de filmklassiker fan Milos Forman mei Jack Nicholson.
It is in yndrukwekkend stik mei djipgang mar ek mei in protte humor.
Dit jier ûnder rezjy fan Wiesje Jansma út Snits, bekend fan in grut tal produksjes sa as 'Spul om neat' fan Shakespeare en it grutte Snitser iepenloftspul "Fanfare" fan Bert Haanstra. De spilers hawwe der nocht oan. Jo ek?



Ien fleach oer it koekoeksnêst

 

---------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Moandei 19 Desimber We kunnen weer terug kijken op een geslaagd toneel weekend. Wij waren weer erg blij met de grote opkomst op beide avonden. Dit geeft maar aan dat het toneel in onze dorpen nog steeds leeft een gewaardeerd wordt.

We hebben 2 mooie stukken gezien waar zowel om als in gelachen werd.

Met een combinatie van jong en "oud" ,ervaring en debutanten.

Bent u niet geweest dan hebt u zeker wat gemist!



fotoalbum reisburo exodus



de rest volgt !



Woansdei 13 Desimber Freed en Sneon is der wer de ienakter jûn oanfang 20:00 oere yn it Harspit. De spilers binne der sa goed as klear foar. Ek dit jier bringe wy wer in grut oantal spilers op ‘e planken.
Foar in oantal is it harren debuut!
Jo sille wer festeld stean fan it talint dat wy in ús doarpen ha!


programma



Snein 18 September Foar alle minsken dy it mist hawwe is de film makke troch Wolter Overwijk mei de jeugdleden fan Fordivedaesje no online te besjen.


Wolter experiment diel 1


Wolter experiment diel 2



Snein 11 September It Toneelseizoen is weer begonnen. In de afgelopen weken is het ons weer gelukt om een grote ploeg spelers bereid te vinden om voor u op de planken te verschijnen.

Eerlijk is eerlijk het was niet gemakkelijk en er waren dan ook spoedvergaderingen nodig om het voor elkaar te krijgen.

Maar het is ons wederom gelukt. Wij denken dat wi weer een paar mooie stukken hebben uitgezocht die de moeite waard zijn, en u een gezellige avond zullen bezorgen.


Denkt u bij het lezen van onze strubbelingen, maar waarom hebben ze mij dan niet gebelt. Geef het dan bij ons aan.




Vanaf woensdag beginnen de eerste repetities voor de 2 "ienakters" onder regie van Mathijs Hoekstra en Wolter Overwijk welke in December op de planken worden gebracht.

Voor het grote stuk onder regie van Wiesje Jansma beginnen de spelers in november.

Wij wensen alle spelers heel veel succes!



En nodigen u vast uit voor een gezellige avond



( speel data en verdere details volgen nog)



Het bestuur



Snein 17 April Uiltje de Jong had it wer flikt my us toanielploeg. Justerjûn op de slútjûn fan de toanielkriich in Drachten krigen sy 218 punten foar harren stik Dat ha jo goed sketten.

Dit wie goed foar in promoosje nei de easte klasse.

In geweldige prestaasje en in hiele grutte opstekker foar ús toanielferiening.



TWADDE KLASSE
Selskip Punten

Jirnsum, De Middelhikke Gouden Hantsjes 194
Boalsert, Kritetoaniel In moardwykein 204
Bakhuzen, Sint Martinus De frijloop, In stille gast, Unferwacht treffen 219 - 2e priis - (prom. nei earste klasse)
De Harkema, Harkje Mar Susters yn saken 209
Toppenhuzen, Ferdivedaasje Dat ha jo goed sketten 218 -

(prom. nei earste klasse) Jellum/Bears, Nij Libben De Bugatti Konneksje 236 -

1e priis- (prom. nei earste klasse)
De Tynje, Rjucht en Sljucht 2 Gouden Hantsjes 212 -

(prom. nei earste klasse)
Langsweagen, Nut en Genoegen Ja dochter, nee dochter 203 - (prom. nei earste klasse)
Burdaard, Op mar net út 'e hichte Dokterke boartsje 209

 

 


 

 Utnoeging ledegearkomste fan

F o r d i v e d a e s j e . (ek net-leden binne tige wolkom!)

Op tongersdei 24 Maart 2011 om 20.00 oere
yn it Harspit.

wurklist:

1. Iepening en meidielings, foarsitter

2. Notulen 2010, skriuwster

3. Jierferslach 2010, skriuwster

4. Jierferslach 2010, ponghâlder

5. Ferslach kaskommisje


Skoft

6. Bestoersferkiezings: ôftredend en net werkiesber is:
Tineke Bronger. Tjitte Hoekstra is ree f¹n har plak oer te nimmen.
Tsjinkandidaten kinne oant in heal oere foar it begjin
fan de gearkomste oanmelden wurde by it bestjoer.

7. Plannen foar it kommende winterskoft

8. Omfraach

9. Sluting

Wy rekkenje op jimme kommen, graach oant sjen!

It bestjoer.

 


 

 

werom nei It leste nijs

 

 


 

 Woansdei 9 maart Wy kinne der gjin genoch fan krije en hawwe noch wat fotos yn it album plakt. Wy binne grutsk op ús ploeg.



fotoalbum goed sketten



ek aardich






Tiisdei 8 maart Nije fotos yn it fotoalbum dat ha jo goed sketten.

Ha jo it mist! Op 19 maart spilje wei yn skearnegoutum.



fotoalbum goed sketten



site skearnegoutum

 

 




tiisdei 8 maart de side hat wat mear kleur krigen en is wat oars fan opset.

sjoch bygelyks de toaniel Historie.

Ha jo noch fotos, ynformaasje lit it ús witte.




Ledenfergadering 24 maart 20:00 it harspit



snein 6 maart It wie wer in slagge jûn foar us toanielferiening Fordivedaesje mei it stik dat ha jo goed sketten.



klik hjir foar de earste fotos





freed 4 maart 2011 As de grimeuses by de generale repetysje fan it toaniel, justerjûn, al yn in knoop lizze fan it laitsjen, dan kinne jimme der wis fan wêze dat it stik "Dat ha jo goed sketten" in wiere tópper is. Jûn en moarn wurdt dizze hilaryske komeedzje opfierd troch de spilers fan Fordivedaesje, ûnder regy fan Uiltje de Jong.



It stik spilet him ôf yn in kastiel mei tal fan frjemde gasten, mei de yn in fantasijwrâld libjende Lord Elrood as nuverste personaazje. Op wa't de titel slacht, sizze wy noch net. Mar it publyk hat it yn elts gefal goed sketten, want dat kin nochris âlderwetsk laitsje.

It begjint om 20.00 oere yn It Harspit. Leden hawwe frij tagong. Net-leden betelje 5 euro (ûnder de 16 jier: 3 euro).


Hjirnei sil Fordivedaesje dit stik noch in kear opfiere, en wol op 19 maart yn Skearnegoutum.





Útnoeging Jiergearkomste
Graach wol it bestjoer eltsenien útnoegje foar de jiergearkomste yn MFC It Harspit op 24 maart 2011 om 20.00 oere.

Wy rekkenje op in grutte opkomst. Ek net-leden binne wolkom. Wurklist wurdt op de gearkomste útrikt. Ôftredend en net werkiesber is Tineke Bronger. Kandidaat is Tjitte Hoekstra. Tsjinkandidaten kinne harren oant't in heal oere foar oanfang fan de gearkomste oanmelde by it bestjoer


Klik hjir foar de wurklist






archief

 


 

 Op 4 en 5 Maart 2011 o.s is it wer safier. Wy hawwe de crème de la crème fan spilers út Top en Twel en omkriten foar jimme selekteard.

Se bringe foar jimme de knotsgekke klucht:





Dat ha jo goed sketten










Oanfang : 20:00 oere yn it M.F.C. it Harspit



Leden ha frijkaarten
Net leden betelje € 5,00
Under 16 jier € 3,00

Frjemde gasten dêr op kastiel Elrood. Dat rint der samar yn en út.

En se fleane hieltiten mar fan de kelder nei de souder en wer werom.

Mar de bewenners sels binne ek wat ûngewoan. Dochter Patricia liket de iennichste normale persoan, in hiele prestaasje!

Mar op wa soe dat “Dat ha jo goed sketten...” slaan?

Op Jenny? In Skotske útfanhûzer. Of op Chester, de fotograaf.

Of op de pianostimmers, dy’t mar net fan ’e wize te bringen binne?

Of op Hilary, de polysjeman? Of op Juffer Patridge faaks, dy’t mar net genôch krije kin fan it kastiel. It slacht grif net op Ada, de nije tsjinstfaam. Op Lord Elrood dan? Dy libbet yn in fantasijwrâld en jaget op spionnen.
It publyk hat it yn elts gefal goed sketten, dat kin nochris âlderwetsk laitsje.......


 

Op 17 & 18 decimber om 20.00 oere yn M.F.C. It Harspit

WWW .WILLEM .NL (met film!!!)
&


FRIENS OF DE FILIPPIJNEN

Twa komyske ynakters troch toanielselskip Fordivedaesje

Sjoch foar mear ynformaasje op it blêd 'ienakters 2010'


 

We zijn weer los
Het nieuwe toneelseizoen is weer begonnen en in de afgelopen weken zijn er maar liefst 3 ploegen gestart met wekelijkse repetities om in december en maart toneelstukken voor u op de planken te brengen.

Op 17 & 18 december 2010 zullen er twee eenakters gespeeld worden en op 4 & 5 maart 2011 wordt er één avondvullend toneelstuk opgevoerd. Al met al zijn er nu al 30 spelers, souffleuses en regisseurs actief, waaronder ook een jongerenploeg. Uit betrouwbare bron hebben wij vernomen dat deze jongerenploeg verder gaat dan alleen toneelspelen…we zijn zeer benieuwd!!!

 

 


 

Utslach kriich 2010

 

6-3-2010 Toppenhuzen, Fordivedaesje  230 punten
De trije einepiken
1e priis  en promoosje nei de twadde klasse

 





Fordivedaesje spilet ……….

De klassiker under de skrillers ………….

It langst bewarre geheim ...................



De trije einepiken
(of De mûzefalle)

Detektyfspul neffens “The Mousetrap” fan Agatha Christie.

Frij bewurke troch: Geart Jonkman.


Op 5 en 6 maart o.s. yntree: leden ha frijkaarten
Yn M.F.C. “it Harspit” net leden € 5.00
Beide jûnen om 20.00 oere under 16 jier € 3.00


Fordivedeasje noeget jimme út foar de klucht.....



"it komt út de loft"



Op sneon 12 desimber om 20.00 oere yn M.F.C. it Harspit.


Spile troch selskip 'Doarpslibben' fan Winaam.

In stik fan Pyt de Vries.



Taapke Haarsma skuort it hiele hûs oer de kop want har skoandochter ùt Amearika sil foar it earst komme om mei harren yn de kunde te kommen. Age Haarsma makket him der net drok oer. Hy makket him wol drok oer it doarp en de bewenners, hy is al 25 jier foarsitter fan pleatselik belang. De bestjoersgearkomsten wurde fansels belein yn de herberch en binne meast drege byienkomsten. Nei ôfrin nimme de hearen noch wol ris ien...twa.

No wol it tafal dat Age de jûns foardat de gasten komme noch in bestjoersgearkomste hat...............



Wy winskje jimme in noflike jûn ta, fansels is der ek wer in ferlotting!!!!



yntree : leden ha frijkaarten

net leden € 5,00

ûnder 16 jier € 3,00



Op 5 en 6 maart 2010 komt Fordivedaesje mei de thriller "De trije einepiken" fan Agatha Christie !!!!!!!!!!!


En dan nog efkes dit :



Op de lêste ledegearkomste is besletten dat de jierlikse kontribúsje ind wurde sil fia automatyske ynkasso.

Om dit te realisearjen sille wy begjin nij jier (2010) by jimme lâns komme mei in machtiging. Dizze machtiging kin ûndertekene wurde en dan rêdt dat him fierder wol.

Wy geane der fan út dat eltsenien hjiroan meiwurkje wol, mar mocht it sa wêze dat jo dit perfoarst net wolle, mar wol lid bliuwe wolle, dan kin dat fansels. Dan helje wy it jild op, sa as wy dat oars ek diene.

Alfêst tank foar jo meiwurking.



It bestjoer.




In nij winterskoft 13 sept. 09



De simmer rint al aardich op syn ein, de dagen begjinne al wer koarter te wurden en as fansels wurde dan de nachten ek wat langer. Mei oare wurden: it nije toanielseizoen is wer begûn.

Wy ha dit jier in prachtich stik foar jimme útsocht:" de trije

einepiken" fan Agatha Christie.

Dit stik wurdt noch altyd spile oer de hiele wrâld! It ferget dit jier dan ek hiel wat fan regisseur en spilers, want it komt allegear tige krekt. Se ha noch efkes de tiid want de útfiering fynt oar jier maart plak.

De earste repetysje hat plak fûn en de ploech hat der nocht oan.

Wy hâlde jimme op de hichte !!




Fordivedaesje

Freed en sneon is wol wer dúdlik wurden dat us toanielferiening syn namme alle eare oan- docht. Sy hawwe it wer flikt en net sunich. Der stiet my in ferhaal by út it skiere ferline doe’t der ris in toanielstik opfierd waard in Top en Twel. Nei ôfrin woe ien fan de taskôgers in spylder te lyf, want sy fûn dat er in wan bruien fertsjinne hie. Sa goed hie er syn rol fan “rotsak” delsetten.
Ik hie in bytsje lêst fan itselde gefoel. Doe’t Ultsje mar net ophâlde mei Trees oan de kop te eameljen, krige ik suver lêst fan plakferfangende skamte. Sa realistysk waard der spile. Itselde jildt foar Tjitte. Selden immen sa moarnsk en katerich omstippen sjoen. Marrit, witte wy sa njonkenlytsen, kin op it toaniel alles oan. It is in eltse kear in ferrassing om te sjen mei hoefolle oertsjoeging sy har rol delset.
Doe’t yn it twadde bedriuw de heiten en memmen fan beide kanten en de bern tagelyk op it toaniel wiene, kamen de ferskate karakters prachtich út de ferve. Sa’t Annemiek de kakmadam spile soest hast begrutsjen krije mei Mathijs. Neeltsje hie har rol folslein yn’e macht en pakte it publyk kear op kear yn. De tsjinpoalen Hans en Sieger fûnen inoar en kreëarden in perfekte wikselwurking. At sy op dat stuit de oare spylders nei hûs stjoerd hiene om tegearre as komysk duo troch te gean, dan hie myn jûn grif ek poerbêst slagge west. Johanna en Ultsje as pear bea oan dizze talinten grutte mooglikheden en dat ha sy wier makke. Sy rêden it beide op om my tagelyk ta de teannen út te fermeitsjen mei harren spul en te ergerjen oan de types dy’t sy spilen. Trees, troch de prúk en oanklaaing hast net werkenber, liet troch har treflik spyljen blike dat it hjir dochs echt om Trees fan Klaas en Johanna gie.
It is wat ûntankber wurk om as ynstekster fanút in soarte fan swarte doaze alles by te hâlden, mar Doetie moat it foaral as komplimint beskôgje at ik sis dat sy der eins net oan te pas kaam.
De regy wie, at ik it goed begrepen haw, in duo-baan fan Geartsje mei Ultsje as coach. Wat soks ynhâldt kin ik sa net rjocht tsjutte, mar ast it resultaat besjochst moat it wol in gouden formule wêze.

Om koart te gean, dizze Fordivedaesje-ploech hat it wer oprêden en besoargje in protte minsken in tige bêste jûn. It applaus, de blommen en de moaie wurden wiene mear as fertsjinne. Dat jildt benammen ek foar Bouke, Tseard, Gerard, Janna, Afke, Douwina, Nieske en Marijke. Sûnder harren kinst de stjerren fan’e himel spylje, mar foarm, klank en kleur leit dochs foar in grut part yn hannen fan dizze minsken.

T.B.




Op 6 en 7 maart om 20.00 oere yn M.F.C. it Harspit:

"Sa fêst as in hûs"


klik op: FOTOALBUM

In blijspul yn trije bedriuwen fan Pyt de Vries

Troch toanielselskip Fordivedaesje




Sa fêst as in hûs
Femke, in skrander jongfaam, is troch it útstjoerburo nei Folkert Kleiterp stjoerd om de boel te rakken. Folkert is sa’n bytsje ‘ivich studint’ en wennet allinnich yn in âld hûs. De boel leit der frjemd hinne, Folkert ferdocht gjin tiid oan de hûshâlding. Folkert wurdt troch syn famke Floris neamd.
Floris kin tige oer de wei mei buorman Bjinze en buorfrou Gaatske.
Die beide steane dan ek te pas en te ûnpas op de stoepe, mar dêr makket Folkert gjin punt fan want se passe altiid tige goed op him.

Wat soe der allegear te rêden weze?? Nijsgjirrich wurden? Kom nei it Harspit en sjoch mei eigen eagen wat der yn in pear oerkes tiid mis gean kin. It pakt altyd oars út as jo tinke……..




Floris: studint Tjitte Hoekstra

Bea: Floris syn faam Marrit Bruinsma

Femke: help fan Fl. foar 1 dei Trees de Vries

Bjinze: buorman fan Floris Uiltje de Jong

Gaatske: frou fan Bjinze Johanna de Vries

Gerold: heit fan Bea Sieger Dijkstra

Gertrude: mem fan Bea Annemiek Zeilstra

Teake: heit fan Floris Hans Bergsma

Minke: mem fan Floris Neeltje Dragt

Regie : Geartsje Nijholt ( coacht troch Uiltje de Jong)

Ynstekster : Doetie Schriemer

Toanielmasters: Bouke de Jong en Tjeerd Epema

Ljocht en lûd: Gerard Nijholt en Bouke de Jong.

Kapwurk: Janna Riphagen.

Grime: Afke Hof, Douwina Bouwhuis,
Nieske Hoogland, Marijke van der Wal

dvd-opname : Cor Booij


Nei ôfrin is der sneontejûn muzyk !!



Graach wol toanielferiening “Fordivedaesje” eltsenien útnoegje foar de jiergearkomste yn M.F.C. “it Harspit” op 19 maart o.s. jûns om 20.00 oere.
Wy rekkenje op in grutte opkomst. Ek net-leden binne wolkom !!
Wolle jo ek lid wurde?
Dat kin, jo kinne jo oanmelde by ien fan de bestjoersleden.
Wolle jo ek graach meispylje? Lit it ús witte !


F O R D I V E D A E S J E

Spilet foar jimme twa ienakters op freed 21 novimber en
sneon 22 novimber.

Beide jûnen begjinne om 20.00 oere yn “it Harspit”.

FOTOALBUM


“Medysk Sintrum Betterskip”

In hilarysk stik ûnder regie fan Wolter Overwijk


“Frijheid “

In komysk stik ûnder regie fan Mathijs Hoekstra

Mis it net en kom! Der binne ek wer prachtige priizen te winnen yn de ferlotting!!

Leden ha frijkaarten.
Net leden betelje €5,00
Under 16 jier € 3,00



Medysk Sintrum Betterskip

Sil Meijer leit yn it sikehûs nei in blinetermoperaasje, mar moat syn bêd ôfstean oan in oare pasjint, dy’t sa te sjen slim ferwûne is.
Sil wurdt behannele troch Dr. Loes Donker, dy’t neffens de bretale ferpleechster Nanda Bierfet ferdôvjende middels stellen hat.
Sil’s mem Suze giet op ûndersyk ut. En wat hat skjinmakster Martine mei it hiele gefal te meitsjen?

Rolferdieling:

Sil Meijer : Tjeerd Hoekstra
Nanda Bierfet : Uilkje v.d Meer
Bart de Vlieger : Doede Hofman
Martine Waaksma : Harmke Schraa
Suze Meijer : Antsje Hoekstra
Loes Donker : Marcella de Jong

Regie : Wolter Overwijk
Ynstekster : Geke v.d. Veen


 

Frijheid

Gjalt wol frij man wêze en bliuwe mar bakt der neat fan. Syn mem is in albedil en besiket him op it rjochte paad te bringen. Syn jongere broer Jan wurdt him ta foarbyld steld: dy is deeglik en hat sels in faam! Fansels fynt Jan syn broer in âld keardel mei in saai libben…en om foar altiid fan it geëamel fan mem of te wêzen betinke hy en syn maat Pibe in prachtich plan, en roppe de help yn fan Bé, in frommiske dat aardich toanielspylje kin……

Rolferdieling:

Gjalt : Jan Overwijk
Jan : Kees van Stralen
Mem : Tineke Bronger
Nynke : Nynke Nijholt
Pibe : Franke de Jong
Bé : Saagry de Schiffart

Regie : Mathijs Hoekstra
Ynstekster : Tineke v.d. Sloep


Ljocht en lûd : Gerard Nijholt
Toanielmaster : Bouke de Jong
Kapwurk : Janna Riphagen
Sminksters : Douwina Bouwhuis, Afke Hof
Doetie Schriemer



Fordivedaesje stiet foar in nij winterskoft.

It bestjoer hat ôfrûne simmer beslist net stilsitten want der moasten fansels wer spilers frege wurde om de te spyljen stikken te besetten. En dat wie dit jier in poepetoer kinne we wol sizze. Foaral de mannen. Wy hiene sa'n tritich minsken nedich!! Mar by eintsjebeslút is it dochs noch allegear slagge. Op 21 augustus ha wy mei spilers en regiseurs byelkoar west yn 'it Harspit'.



Wy sille dit winterskoft wer twa ienakters op de planken bringe,Dizze ienakters sille opfierd wurde op 21 en 22 novimber.

Op 6 en 7 maart sil it grutte stik opfierd wurde.



De repetysjes binne yn folle gang, en wy kinne jimme fertelle dat it leuke stikken binne en dat de spilers der sin oan ha !



It bestjoer winsket de spilers en regiseurs in protte sukses en wille ta.

Wy hâlde jim op 'e hichte.



TRYATER SYKET ALD TALINT !!

Tryater syket foar 'Gleone Gloede' 10 âldere manlju. It stik wurdt spile fan 13 oant en mei 22 juni op Oerol. En fan 23 oant en mei 31 augustus oan 'e Snitsermar.

'Gleone Gloede' spilet op lokaasjes yn de natuer. It publyk wurdt yn dit leafdesferhaal fol rauwe enerzjy, meinommen yn de ienfâldige en hertstochtelike wrâld fan sirkusartiesten, boeren en skippers. In wrâld dy't behearske wurdt troch de langstme nei ûnfergonklikens.

Fan de manlju wurdt ferwachte dat sy op 'e achtergrûn meispylje yn it stik. De manlju moatte foldwaan oan ûndersteand profyl. Derneist moatte se it net ferfelend fine om yn waar en wyn te wurkjen.


*Manlju op leeftyd

*Griis hier

*Guon mei burd

*Leafst ûnderfining mei spyljen

*Besef wat lokaasjeteater ynhâldt

Fan de manlju wolle wy graach 4 beskikber ha foar alle foarstellingen.
Op Oerol spilet Tryater op 12 (try-out), 14, 15, 16, 17 en 19 juni om 21.00 oere. Op it Frysk Festifal op 21 (try-out), 23, 24, 25, 26, 28, 29, 30 en 31 augustus om 19.30 oere. De oare 6 manlju wurde yn oerlis ynpland.

Foarôfgeand oan de foarstellingen op Oerol wurdt der earst by Tryater en letter op Skylge repeteard. De repetysjes yn Ljouwert begjinne yn maaie. Yn it begjin wurdt der net alle dagen repeteard. Letter wurdt der in grutter berop dien op de beskikberheid. Oerdeis en/of jûns. It ynplannen giet yn oerlis. Op Skylge wurdt soarge foar hûsfesting.

Ha jo ynteresse? Stjoer dan foar 2 maaie in brief nei Tryater mei leeftyd, maten, motivaasje, beskikberheid en in foto. Wy nimme kontakt mei jimme op. De brief mei foto kin nei:

Tryater
t.a.f. Ira Judkovskaja Oostersingel 70
8921 GB Ljouwert

Mei freonlike groetnis,
Ira Judkovskaja, artistyk lieder Tryater.


Griis hier genôch yn Top & Twel, dus mannen gryp jim kâns !!

Freonlike groetnis
Bestjoer "Fordivedaesje'

 --------------------------------------------------------------

Fordivedaesje nijs, april 2008

Foar de toanielferiening sit it winterskoft derop. It stik “boerebûnt en reade lampen” is by it publiek tige yn de smaak fallen. Ek de karkomisje wie tige te sprekken oer dizze útfiering.
Wy besykje elk jier in karkomisje te krijen by ús stikken. Der falt altyd wat op te stekken, en lang net alle ‘krityk’ hoecht negatyf te wêzen. It is sels sa dat jo der foardiel mei dwaan kinne.
Sa ha wy bygelyks in pear jier ferlynt de tip krigen om it poadium oan de foarkant ôf te dekken mei swart doek, en se hiene grut gelyk: it stiet in stik moaier!
De útslach fan de kriich sil bekend makke wurde op de slútjûn yn Drachten. Wy sille de útslach op topentwelonline sette.

Op 27 maart hiene wy ús jierlikse ledegearkomste. Der binne fansels tal fan saken oan de oarder west, dat wie mei te tankjen oan de goede opkomst.
Ek hat der in bestjoerswiksel plakfûnt: ôftredend wiene Rimie Reitsma en Marcella de Jong.
Gelokkich ha wy wer twa enthousiaste minsken ree fûnt harren plak yn te nimmen. En dat binne: Tineke Bronger en Kees van Stralen. Ynkoarten sille jim op ús side lêze kinne hoe as wy de taken yn dit nije bestjoer ferdield ha.

Der wie ek noch in leuk nijtsje. It script fan de Krystmusical is troch de skriuwster Geartsje Nijholt ynstjoerd foar de Fedde en Martha-Bergsma-priis. Dit is in priis foar nije toanielstikken en wurd ienris yn de trije jier útrikt.
Op snein 18 maaie middeis om 15.00 oere yn it tsjerkje fan Bears sil it heve. Elkenien is wolkom.
Der binne tweintig stikken foardroegen fan 14 skriuwers. En der sitte in oantal bekinden by: Jan Arendz, Ytsje Hettinga, Bouke Oldenhof, Albertina Soepboer ens.
Foarôfgeand oan de útrikking is der in koart ludyk programma wêr’t fan elke skriuwer in lyts fragmint lezen of spile wurd.
De jury bestiet ut Jos Thie, Romke Toering en Any Veenstra.

Oan’t safier it nijs fan ‘fordivedaesje’. Wy winskje elkenien in noflike maaitiid en simmer ta en sjoch elkoar yn it nije winterskoft



-----------------------------------------------------------------



Oardiel Karkommisje



In offisjele karkommisje hat tiisdeitejûn 18 maart it toanielstik 'boerebûnt en reade lampen' besprutsen mei de spilers en harren in grut komplimint jûn. Benammen Trees de Vries krige in plom foar har akteartalinten, mar priizigjende wurden wienen der ek foar de oare spilers: Douwina Bouwhuis, Rimmie Reitsma, Sieger Dijkstra, Klaas Nieuwenhuis, Marcella de Jong en Wolter Overwijk. In pear kearmoast der weromfallen wurde op de ynstekster, mar oer it algemien wie der neat op it spyljen oan te merken. Spesiale kompliminten wiene der foar it dekor, ljocht en lûd ( de sneons wie dat tóp), de kostuums, de grime, it kapwurk en fansels de regy.



-----------------------------------------------------------------

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Agenda
wo 22 november 2017 Gemeenteraadsverkiezingen
vr 24 november 2017 E&E Brass: Banketstavenactie
za 25 november 2017 Repaircafé Schuurverkoop TOP'63 1 - Oeverzwaluwen 1 Sinterklaasfeest

Gemeenteraads-verkiezingen:

22 november 2017

 

 

Stemwijzer

----------------------------

 

Uitgelicht
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Folksliet Top en Twel
Realisatie TTT software