Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


Op 6 en 7 maart om 20.00 oere yn M.F.C. it Harspit:

"Sa fêst as in hûs"


klik op: FOTOALBUM
In blijspul yn trije bedriuwen fan Pyt de Vries

Troch toanielselskip Fordivedaesje

Sa fêst as in hûs
Femke, in skrander jongfaam, is troch it útstjoerburo nei Folkert Kleiterp stjoerd om de boel te rakken. Folkert is sa’n bytsje ‘ivich studint’ en wennet allinnich yn in âld hûs. De boel leit der frjemd hinne, Folkert ferdocht gjin tiid oan de hûshâlding. Folkert wurdt troch syn famke Floris neamd.
Floris kin tige oer de wei mei buorman Bjinze en buorfrou Gaatske.
Die beide steane dan ek te pas en te ûnpas op de stoepe, mar dêr makket Folkert gjin punt fan want se passe altiid tige goed op him.

Wat soe der allegear te rêden weze?? Nijsgjirrich wurden? Kom nei it Harspit en sjoch mei eigen eagen wat der yn in pear oerkes tiid mis gean kin. It pakt altyd oars út as jo tinke……..




Floris: studint Tjitte Hoekstra
Bea: Floris syn faam Marrit Bruinsma
Femke: help fan Fl. foar 1 dei Trees de Vries
Bjinze: buorman fan Floris Uiltje de Jong
Gaatske: frou fan Bjinze Johanna de Vries
Gerold: heit fan Bea Sieger Dijkstra
Gertrude: mem fan Bea Annemiek Zeilstra
Teake: heit fan Floris Hans Bergsma
Minke: mem fan Floris Neeltje Dragt

Regie : Geartsje Nijholt ( coacht troch Uiltje de Jong)

Ynstekster : Doetie Schriemer

Toanielmasters: Bouke de Jong en Tjeerd Epema
Ljocht en lûd: Gerard Nijholt en Bouke de Jong.
Kapwurk: Janna Riphagen.
Grime: Afke Hof, Douwina Bouwhuis,
Nieske Hoogland, Marijke van der Wal
dvd-opname : Cor Booij




--------------------------------------------------------------------------------




Ferslach


Freed en sneon is wol wer dúdlik wurden dat us toanielferiening syn namme alle eare oan- docht. Sy hawwe it wer flikt en net sunich. Der stiet my in ferhaal by út it skiere ferline doe’t der ris in toanielstik opfierd waard in Top en Twel. Nei ôfrin woe ien fan de taskôgers in spylder te lyf, want sy fûn dat er in wan bruien fertsjinne hie. Sa goed hie er syn rol fan “rotsak” delsetten.
Ik hie in bytsje lêst fan itselde gefoel. Doe’t Ultsje mar net ophâlde mei Trees oan de kop te eameljen, krige ik suver lêst fan plakferfangende skamte. Sa realistysk waard der spile. Itselde jildt foar Tjitte. Selden immen sa moarnsk en katerich omstippen sjoen. Marrit, witte wy sa njonkenlytsen, kin op it toaniel alles oan. It is in eltse kear in ferrassing om te sjen mei hoefolle oertsjoeging sy har rol delset.
Doe’t yn it twadde bedriuw de heiten en memmen fan beide kanten en de bern tagelyk op it toaniel wiene, kamen de ferskate karakters prachtich út de ferve. Sa’t Annemiek de kakmadam spile soest hast begrutsjen krije mei Mathijs. Neeltsje hie har rol folslein yn’e macht en pakte it publyk kear op kear yn. De tsjinpoalen Hans en Sieger fûnen inoar en kreëarden in perfekte wikselwurking. At sy op dat stuit de oare spylders nei hûs stjoerd hiene om tegearre as komysk duo troch te gean, dan hie myn jûn grif ek poerbêst slagge west. Johanna en Ultsje as pear bea oan dizze talinten grutte mooglikheden en dat ha sy wier makke. Sy rêden it beide op om my tagelyk ta de teannen út te fermeitsjen mei harren spul en te ergerjen oan de types dy’t sy spilen. Trees, troch de prúk en oanklaaing hast net werkenber, liet troch har treflik spyljen blike dat it hjir dochs echt om Trees fan Klaas en Johanna gie.
It is wat ûntankber wurk om as ynstekster fanút in soarte fan swarte doaze alles by te hâlden, mar Doetie moat it foaral as komplimint beskôgje at ik sis dat sy der eins net oan te pas kaam.
De regy wie, at ik it goed begrepen haw, in duo-baan fan Geartsje mei Ultsje as coach. Wat soks ynhâldt kin ik sa net rjocht tsjutte, mar ast it resultaat besjochst moat it wol in gouden formule wêze.

Om koart te gean, dizze Fordivedaesje-ploech hat it wer oprêden en besoargje in protte minsken in tige bêste jûn. It applaus, de blommen en de moaie wurden wiene mear as fertsjinne. Dat jildt benammen ek foar Bouke, Tseard, Gerard, Janna, Afke, Douwina, Nieske en Marijke. Sûnder harren kinst de stjerren fan’e himel spylje, mar foarm, klank en kleur leit dochs foar in grut part yn hannen fan dizze minsken.

T.B.

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Agenda
wo 22 november 2017 Gemeenteraadsverkiezingen
vr 24 november 2017 E&E Brass: Banketstavenactie
za 25 november 2017 Repaircafé Schuurverkoop TOP'63 1 - Oeverzwaluwen 1 Sinterklaasfeest

Gemeenteraads-verkiezingen:

22 november 2017

 

 

Stemwijzer

----------------------------

 

Uitgelicht
Folksliet Top en Twel
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Realisatie TTT software