Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


 

Punten foar de Toanielkriich: 218 - (prom. nei earste klasse)

_______________________________________________________________________

 

Ferslach fan de toanieljûn

 

“ dat ha jo goed sketten”

Op freed en sneontejûn wie it safier: de utfieringsjûnen fan toanielferiening “ fordivedaesje.En wat in foar in utfierings !!!
It publyk wie massaal opkommen om in jûntsje fertier te belibjen.
En dat fertier ha se hant !!!
Om mar efkes mei Dhr Hazes te sprekken, :bloed, zweet en tranen…..
It bloed stiet foar de bloedserieuze wize wermei rippeteard is om dizze knotsgekke klucht op de planken te bringen. It zweet stiet foar de gutsende switdrippels op
de holle fan haadrolspiler Mathijs Hoekstra en de tranen steane foar myn eigen wiete bûsdûk, ik ha my betiden de bûsens ùtskourt fan it laitsjen ! En ik net allinich !

It toaniel seach der wer picobello ut, mooglik makke troch de toanielmasters Bouke de Jong en Tjeerd Epema. De technyk wie yn de ynmiddels fertrouwde hannen fan
Germ de Jong.
It liket altyd sa maklik,mar in klucht spylje is ien fan de mouilikste dingen. Dat hat foaral te krijen mei “ timing”. Der is dizze ploech, ûnder regie fan Uiltje de Jong, geweldich yn slagge. Ek de mimiek, de klaaing en grime makket dat it jo gewoanwei ut it ûnthâld rekket dat hjir minsken ut Top en Twel op de planken stean !

Sa sjogge we Lord Elrood, in komyske rol spiele troch Sieger Dijkstra, dy’t mei de buks prebearret de postboade te pakken te krijen, Lady Elrood de kastielfrouwe hiel mooi selsetten troch Rimie Reitsma en harren dochter Patricia, prachtig spiele troch Sagry de Schiffart. Harren filosofearende nichtsje Jenny, in mooi stik actearwurk fan marrit Bruinsma. Dan it boefeduo, Capone en Wedgewood, spile troch Jan Overwijk en Knilles Postma. Prachtig om te sjen dat Jan wer op de planken stiet en dizze rol mei nocht fertolket. De rol fan Knilles wie bysonder omdat hy gjin tekst hie. Hy hat alles ut de kast helje matten oan mimyk en meneuvels om dizze aengstoanjeyende man stal te jaan en is der tige goed yn slagge.
Dan in debuut fan Hans Bangma, prachtig om te sjen hoe Hans de skyterige plysjeman Hillary delsetten hat. De rol fan juffer Partridge, wapene mei hammer en fergrutgles waard prachtig fertolke troch Johanna de Vries. Trees de Vries spiele de ûnnoazele help yn de hûshâlding Ada. De wize fan rinnen, bewegings en mimyk foar dit typke is har wol tafertrouwd. En dan as leste de rol fan Mathijs Hoekstra. Hy spielet de rol fan Roger Strangeways of is it no Chester de fotograaf en mient dat er efternei sitten wurd.
Neidat hy mei harnas en al yn de kelder soalt is, komt er letter fermomd op as frou wat fansels hilarysk is, foaral de prachtige knibbels en de hege stim dogge jo de triennen yn de eagen spatten!
Tineke van der Sloep is as ynstekster it anker fan de ploeg, net te sjen en net te hearren mar wol degelik oanwezig.
It wolmiende aplaus de blommen en de wurden fan bestjoer en regieseur wiene dan ek mear as ferstjinne. Rest my noch de froulju fan de grime en it kapwurk hjir te neamen want under harren kundige hannen wurde jo mei rjocht in oar minske. Janna, Nienke, Nieske en Doetie foar jimme ek alle hulde !
Al mei al in stik wer’t oer neipraten wurd, de neisit yn “ it Harspit” wie dan ek tige gesellich !
As jo tinke: ferrek, ik ha dus dochs wat mist !! Jo kinne op sneontejûn 19 maart terjochte yn Skearnegoutum, der spilet “ fordivedaesje” op utnoeging noch in kear dizze geweldiche klucht.

G.H.


oernommen út de Twilling


 

 

 

klik hjir foar de fotos

 

ek wol aardich

 

freed 4 maart 2011
As de grimeuses by de generale repetysje fan it toaniel, justerjûn, al yn in knoop lizze fan it laitsjen, dan kinne jimme der wis fan wêze dat it stik "Dat ha jo goed sketten" in wiere tópper is. Jûn en moarn wurdt dizze hilaryske komeedzje opfierd troch de spilers fan Fordivedaesje, ûnder regy fan Uiltje de Jong.



It stik spilet him ôf yn in kastiel mei tal fan frjemde gasten, mei de yn in fantasijwrâld libjende Lord Elrood as nuverste personaazje. Op wa't de titel slacht, sizze wy noch net. Mar it publyk hat it yn elts gefal goed sketten, want dat kin nochris âlderwetsk laitsje.

It begjint om 20.00 oere yn It Harspit. Leden hawwe frij tagong. Net-leden betelje 5 euro (ûnder de 16 jier: 3 euro).



Hjirnei sil Fordivedaesje dit stik noch in kear opfiere, en wol op 19 maart yn Skearnegoutum.



Op 4 en 5 Maart o.s is it wer safier. Wy hawwe de crème de la crème fan spilers út Top en Twel en omkriten foar jimme selekteard.

Se bringe foar jimme de knotsgekke klucht:





Dat ha jo goed sketten










Oanfang : 20:00 oere yn it M.F.C. it Harspit



Leden ha frijkaarten
Net leden betelje € 5,00
Under 16 jier € 3,00

Frjemde gasten dêr op kastiel Elrood. Dat rint der samar yn en út.

En se fleane hieltiten mar fan de kelder nei de souder en wer werom.

Mar de bewenners sels binne ek wat ûngewoan. Dochter Patricia liket de iennichste normale persoan, in hiele prestaasje!

Mar op wa soe dat “Dat ha jo goed sketten...” slaan?

Op Jenny? In Skotske útfanhûzer. Of op Chester, de fotograaf.

Of op de pianostimmers, dy’t mar net fan ’e wize te bringen binne?

Of op Hilary, de polysjeman? Of op Juffer Patridge faaks, dy’t mar net genôch krije kin fan it kastiel. It slacht grif net op Ada, de nije tsjinstfaam. Op Lord Elrood dan? Dy libbet yn in fantasijwrâld en jaget op spionnen.
It publyk hat it yn elts gefal goed sketten, dat kin nochris âlderwetsk laitsje.......

Spilerslist

 

Lord Elrood             Sieger Dijkstra

lady Elrood             Riemie Reitsma

Patricia                  Saagri de Schiffart

Ada                       Trees de Vries

Chester                  Mathijs Hoekstra

Juffer Patridge         Johanna de Vries

Capone                  Jan Overwijk

Wedgewood            Knillis Postma

Hillary                    Hans Bangma

Jenny                     Marrit  bruinsma

 

Regy Uiltje de Jong

Ynstekster Tineke van de Ploeg

klik hjir foar de fotos

Advertenties

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Agenda
wo 22 november 2017 Gemeenteraadsverkiezingen
vr 24 november 2017 E&E Brass: Banketstavenactie
za 25 november 2017 Repaircafé Schuurverkoop TOP'63 1 - Oeverzwaluwen 1 Sinterklaasfeest

Gemeenteraads-verkiezingen:

22 november 2017

 

 

Stemwijzer

----------------------------

 

Uitgelicht
Folksliet Top en Twel
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Realisatie TTT software