Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


 

fotoalbum ienakter jannewaris 2013

 

Toanieljûn mei ienakters fan Fordivedaesje
11 en 12 jannewaris, 20.00 oere, It Harspit

Sa as yn de foarige edysje fan de Twilling te lêzen wie, wurde freed 11 en sneon 12 jannewaris 2013 twa ienakters opfiert. De ienakters dy brocht wurde binne ‘Gaswacht’ en ‘Kofje of tee?’. Op 15 en 16 maart 2013 wurdt it stik ‘de Goate’ opfiert, dêroer letter mear.

Gaswacht (fan J.J. Hijma oersetten troch G. van der Wyk)
Yn blijspul Gaswacht sjogge we dat twa slûchslimme ynbrekkers út binne op it guod fan Jilt en Niny. Mar binne dizze minsken wol echt de hiele jûn fuort en hoe sit it eins mei de buorfrou?

Jilt: Germ Visser
Niny: Hedwig Brinksma
Pieter: Anne Visser
Durk: Sieger Dijkstra
Buorfrou: Tjerkje Reitsma
Ynstekster: Esther Hoekstra
Regy: Wolter Overwijk

Under lieding fan Wolter is dizze ploech drok dwaande in moai stik op’e planken te bringen. Wolter hat in tal nije spilers en tegearre mei de wat mear betûfte spilers leare sy de basis fan it toanielspyljen. Der barre allegeare ûnferwachte saken yn it stik en Wolter kin syn fantasy de frije loop litte. De ploech spilet alle wiken mei in soad wille en it stik rint al as in trein!

Kofje of tee? (fan G. Groot Karsijn oersetten troch T. Hoekstra)
Dit stik is in komyske skriller wêr it allegear draait om de erfenis fan de deminte frou Koops. Frou Koops slyt har lêste dagen yn in fersoargingshûs en slút freonskip mei ferpleger Frank. Mar is Frank wol in echte freon? En wat wolle Carmen en Richard eins fan Frank?

Frou Koops: Riemie Reitsma
Richard: Pier Visser
Frank: Tjitte Hoekstra
Carmen: Harmke Schraa
Ynstekster: Marije Pander
Regy: Jacoba Visser en Trees de Vries

Yn de jierfergadering is besletten dat it bestjoer besykje soe yn’e winter wer in jûn te organisearjen mei twa ienakters. Al gau waard dúdlik dat we in tekoart oan regisseurs hiene en dêrop hawwe Jacoba en Trees de útdaging oannommen de regy fan in stik foar harren rekken te nimmen. Se hawwe in ploech betûfte spilers byinoar socht en binne fol nocht oan’e slach gien. No in pear wiken foar de foarstelling binne sy al hiel grutsk op’e ploech. Der wurd alle wiken hurd en mei in soad ynset en entûsiasme wurke. De ûnderlinge sfear is geweldich en it betrouwen yn inoar jout romte foar spylje mei lef en belibbging.

Noch in pear dinkjes en dan binne beide ploegen der hielendal klear foar. Wy hoopje op jo komst, want dat soe fansels de kroan wêze op al dit hurde wurkjen!

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed
Taxateur&keuring woningen & bedrijfsmatigvastgoed

Agenda
do 18 april 2019 Witte donderdag
vr 19 april 2019 Goede vrijdag
za 20 april 2019 Paaswake - Stille zaterdag
zo 21 april 2019 Paaszondag - bloemendienst
do 25 april 2019 Passage ledenavond
vr 26 april 2019 Koningsnacht

Activiteitenkalender:

MFC It Harspit

Café De Buorren

Hermes Tsjerke

 

Uitgelicht
Fysiotherapie
Fysiotherapie
Atsma Loon- en Aannemersbedrijf
Atsma Loon- en Aannemersbedrijf
Realisatie TTT software