Zoeken:
Sitemap Favorieten
Toanielferiening  

 

contact:

 

Mirjam van der Meer

 

E-mail:

secretariaat.fordivedaesje@gmail.com

 

Tillefoan:

06-18631689

 

 

 

 

 


ferslach fan de opfiering fan sneinsbern op 7 en 8 Maart 2014. In bysûndere jûn foar Fordivedaesje.

 

Sneinsbern

 

In toanielstik besjen, as in toanielstik belibje. Der sit nochal wat ferskil yn.

Freed- en sneontejûn ha ik it toaniel belibbe , das ien ding wat seker is.

En oan de reaksjes fan it tastreamde publyk te hearren, wie ik net de ienigste…

 

As wy it as publyk sa belibbe ha, hoe mei it dan wol net foar de spylers west ha. Die fraach ha ik harren steld en ùt de antwurden koe ik opmeitsje dat se djip gient binne.

Tiidens it daverjende slotapplaus ha ik de ûntlading sjoent yn de eagen fan de spilers en doe waard it my wiet op de wangen en net allinich by my ….

Trije kear yn de wike rippetearje hakt der aardich yn en dan is dit geweldige risseltaat  de slagrjeme op de kofje en dermei druk ik my noch sachtsjes ut.

 

De saneamde galgehumor soarge der foar dat jo krekt net fourtsakken yn de faaks

frijwat deprimearjende fersoarghûs-sfear, want dat dit foar de measten de léste trein is mei wol dùdelik wêze. De fraach is allinich: hoe ferrint de léste rit …

Ik ha ek nea witten dat it gelûd fan it trochlûken fan de wc, wat wy allegear wol gau’ris dogge, sa fermakelik wêze kin.

 

Ik leauwde de beide âldmantsjes…. Sa oandwaanlik, sa brekber en sa realistysk. It stoareagjen fan Alberda ( Anne Visser) it krebintige rinnen, de blik yn syn eagen en de meneuvels…. It rekke my.

Kuperus ( Hans Rink Bergsma) de ‘ fleurige’, fol grapkes en sels-spot sittende âldbaas mei syn tsjinwrakseljende wetterlieding …in djippe bûging !

Dan suster Winters …. Se hiene har better suster Simmer neame kint want sy naam waarmte en ljocht mei. Dudelik te fernimmen yn de seal. Wat in krachtige en prachtige rol fan Harmke Kelderman-Schraa. En wat in fleurige ferskining op it toaniel.

Frou Bakker ( Geke v/d Veen)in leave frou, begien mei har bewenners, tyd foar in praatsje en it ûntroerende dûnsjen mei Kuperus. Prachtig songen mei heldere stim !

Jacoba Visser spyle Jenny, de dochter fan Kuperus, ynearsten rôp dizze rol antiepathy by my op, mar Jenny makke in prachtige omslach troch har hert iepen te setten foar har heit. Der waard echt kontakt makke. Je hope dat se no alle wiken by har heit op besite komme sil…

Har man Pieter (Franke Wijnja)wie ek in ferhaal apart, ik siet mei kromme teannen. Mar wat in prachtig kontrast yn it gehiel. Mooi dient Franke !

Dan de ynstekster Tineke v/d Sloep, ynmiddels bekind fan ‘HEA’, is alle jierren wer in rots yn de branding. Se hoecht meastentiids neat foar te sizzen mar de wittenskip dat se der is at je har nedich binne is foar in toanielploech tige wichtig.Super.

 

It decor wie tige ynoarder, mooi ienfâldig holden. Mar jo kinne der wis fan wêze dat it opbouwen hjirfan wer de noadige foutten yn de ierde hân hat. Mei dank oan Fokko v/d Meer en Jan Overwijk.

De werklik prachtige ùtljochting en it fersoargjen fan it lûd wie in hannen fan Richard Veldman.  Ynmiddels ûnmisber by fordivedaesje !

Sa ek de froulju fan de grime: Nieske, Doetie en Wanda, fakwuk. En fansels de ûnmisbere Janna foar de prachtige kapsels.

 

De prachtige pianomusyk die we tusken de scenewikselingen hearden wie hiel mooi keazen. Yn de allerlêste scène hearden wy de stim fan Dina Popma, die op it stuit mei in nij album dwaande is en hjiryn stimulearre wurd troch nimmen minder dan Nynke Laverman en hopet dat se hjirmei har examen helje sil fan de popacademie. Bernadina hat speciaal foar dit toanielstik in opname makke yn de studio en op pikefel wize de fryske fertaling songen fan:

 

                        Mag ik dan bij jou     -------           Mei ik dan by dy

 

As jo it nûmmer fan Claudia de Brij kinne en dan dizze tekst hearre nei sa’n yndrukwekkend stik, dan komme se  …….. gjin fishermanfriend foar nedich…

Dat oerkaam foarsitter Tjitte Hoekstra freedtejun doe’t er de ploech betankje woe en ‘enpublyk’ folskeat… Gelokkich wie der marije Pander die kordaat it foartouw naam en de roazen utdielde oan de ploech en dermei Tjitte efkes ut de wyn hold.

 

Dernei wie it noch efkes flink spannend, want wyls it publiek gesellich yn de mienskipsromte neisiet mei in bourreltsje of soksawat wie der yn de elkienseal in swiere delegaasje fan it STAF yn petear oer it wol as net slachjen fan regiseur Freddie Reijenga. Want dit wie foar Freddie syn einexamenstik ! Foar Top en Twel is Freddie mear as slagge, dat is wol wis mar us stim jilde fansels net op dizze jun.

Tsjin ienen kaam de regiseur swaaiend mei syn diploma de seal yn en folgen der felicitaasjes, skouderkloppen en dikke tuten en fansels noch ien om it te fieren.

 

Op sneontejûn wie de karkommisje oanwêzich en tongersdei o.s. sil it neipetear wêze.

De winsk is fansels om yn de earste klasse spyljen te bliuwen, mar dat witte we pas op de slùtjûn yn Drachten. Ik ha alle betrtouwen dat dat doel wol helle wurd.

Ek binne der wer professionele opnames makke troch Tjeerd Broekhuizen, hy is ynmiddels aardich bekint mei fordivedaesje en levert echt fakwurk.

Op sneontejûn wie de neisit tige gesellich mei musyk fan “op dreef” en koe der meisongen wurde en koe der lekker dûnse wurde, dank hjirfoar !

Al mei al in yndrukwekkend toaniel wiekein, ik siz: Fordivedaesje, Grutte tank !

 

G.H

 

 

Om it noch ris te harkjen mei ik dan by dy

http://www.youtube.com/watch?v=Vy_GcfuCbBg&feature=youtu.be

 

257 - 2e priis - (prom nei de Eareklasse)

 

Advertenties

Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten
Appartementen & Verhuur zeil- en motorboten

Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden
Aan-& Verkoop begeleiding woningen&bedrijfspanden

Agenda
wo 22 november 2017 Gemeenteraadsverkiezingen
vr 24 november 2017 E&E Brass: Banketstavenactie
za 25 november 2017 Repaircafé Schuurverkoop TOP'63 1 - Oeverzwaluwen 1 Sinterklaasfeest

Gemeenteraads-verkiezingen:

22 november 2017

 

 

Stemwijzer

----------------------------

 

Uitgelicht
Folksliet Top en Twel
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Ondernemersvereniging Top en Twel (OVTT)
Realisatie TTT software