2023-11-12 18:18:39
zondag 12 november 2023

Suksesfolle Tsjerkepaad exposysje oer de Top & Twelster Middenstân

It is alwer in skoftje ferlien dat yn it ramt fan it Tsjerkepaad dizze simmer de doarren fan de Tjerken yn Top en Twel op sneontemiddei iepen gongen. Dit jier hie as tema “Kerk als plaats van ontmoeting”. Dêr hoegden wy ús net oan te hâlden, mar it paste wol moai by it idee dat Durk Tjalsma en Wolter Overwijk hienen. Sy wiene de ynitiatyfnimmers fan de moaie exposysje oer de Middenstân fan eartiids.
Jelmer, Hil en koster Pier assistearen de gastdames en -heren by it iepenjen en sluten.

Der is omraak moete: 224 persoanen ha yn de Johannestsjerke op besite west. De measten kamen fansels út Top & Twel fanwege de foto-útstalling, mar fierders kamen lju út Snits, Grou, Gorredyk, Sondel, Easterein, Twente, Zuidhorn, Deinum, Barneveld, Enschede, Scharnegoutum, Buitenpost, Ommen, Bedum, Heerenveen, Garyp, Joure, Haulerwijk en sels Canada nei us iepen Johannestsjerke!

Net alle besikers dy’t foar de tsjerke kamen skriuwden yn it gasteboek, mar men wie fol lof: “mooi kerkje – zoldering erg mooi – mooi orgel – erg mooi gebouw”.

By de foto’s binne in soad oantinkens ophelle. It wie betiden sa’n gekeakel dat it de achtergrûnmuzyk oerstimde.

Wolter en Durk hiene de âlde foto’s by famyljes opdûkt, amateur fotograaf Vincent Hesselink (Sjaerdawei) hat de aktuele sitewaasje fotografearre en Froukje Dijkstra, skoandochter fan Wolter, hat it ta in kollaazje makke. In bealch fol wurk hat it west. Mar it wie in grut sukses!

Foar it ûnderhâld fûns mochten we € 81,60 ûntfange.

Alle frijwilligers fan ôf dit plak noch tige tank foar de tiid dy’t deryn stutsen is.

Groetnis fanút de tsjerkerie, Hil D

 


advertentie