2021-02-12 13:58:16
vrijdag 12 februari 2021

Doetie al 25 jier by Slagerij De Jager

Snein 14 febrewaris is it 25 jier lyn dat Doetie Schriemer begûn efter de toanbank by Slagerij De Jager. Mei har entûsjasme en wille hat sy der yn al dy jierren foar soarge dat de klanten mei in lekker stikje fleis nei hûs ta giene.

Doetie is in echte doarpsfrou mei in waarm hert foar elkenien. Har kollega's binne der tige wiis mei en litte dit jubileum fansels net samar oan harren foarby gean. Moarn 13 febrewaris wurdt de jubilaris yn it sintsje set en is it feest yn de winkel.

Doetie, Fan herte lokwinske mei dyn 25-jierrige jubileum!


advertentie