Beste Top en Twelsters,
Hjirby litte wy jimme witte dat we per 1 septimber o.s. ús tydlik te wenjen sette yn Langwar, It Lyts Dykje 40, 8525 DG.
Sjoeke en ik hawwe sûnt 1985 tige noflik yn Top en Twel wenne. De bern binne hjir opgroeit en nei skoalle gien. We hawwe oan ferskate ferienings en sporten meidien. De bern binne útflein.
Nei Sjoeke har ferstjerren yn 2014 is Tineke yn 2015 by my ynlutsen. We wolle eltsenien tige tank sizze foar al it omtinken yn dy tiid en de freonskip fan al dy jierren dat we hjir wenne ha.
Om’t we net fier fuort geane, sille we jimme fêst hjir en dêrnoch wolris treffe. It appartemint der’t we yn de rin fan 2024 nei ta sille is oan de Stevenshoek 25, 8525 EK, Langwar.
It giet jim allegear goed.
Mei freonlike groetnis,
Tineke Hilverda
Germ Wierstra